It moat ien fan de earste sutelaksjes west hawwe, begjin santiger jierren. Faaks hie der in oprop yn ’e Ljouwerter stien foar frijwilligers, miskien hie ik op ’e HAVO yn syn les der wat oer heard fan Jan J. Bijlsma. Yn alle gefallen, ik wie der by earne boppe Boalsert, as jong broekje tusken aardich wat skriuwers. De iene hie in wyld burd en strange skerpe eagen achter in sikefûnsbriltsje, in twadde stonk út ’e azem – en hat de hiele dei lyk by my lâns sjoen – en wer in oar rûn yn ’e wyn op mei in siden sjaaltsje om ’e nekke.… Lês fierder
Kollums
Skoaldei op ôfstân
Rom foar healwei tsienen sitte wy klear om de ynstruksje foar dizze dei ta ús te nimmen. De laptop is 100% opladen. Wy ha op ‘e tiid ynlogd, de brûkersnamme en it wachtwurd binne sûnder fouten yntypt, mar al wat yn byld komt, gjin learkrêft fan groep 4… Ik bin hjoed beneamd as tydlik thúsmaster en ik mei foar pakesizzer A. it menu fan dizze skoaldei – by ûs thús – optsjinje. Even werom yn it âlde fak. Wy ha it roaster foar hjoed op papier, dêr ha wy de kompjûter dus net foar nedich, wol sa praktysk. Foar njoggenen hiene wy wurdsjes dy’t einigje op
‘-oor’, ‘-eur’, en ‘-eer’ al by de ein.… Lês fierder
Wêrom?
Fan alle grutte libbensfragen is de wêrom-doch-ik-dit? de foar my alteast, meast konfrontearjende fraach. Freegje ik mysels wêrom ik eat doch dan fiel ik my al hiel gau as Tsjitsikov út ’e roman Deade Sielen fan Gogol, dy’t foar de feroaring ynset wurdt as Monty Don (Gardeners’ World BBC…alsa túnprogramma’s sjen en in briljante roman lêze) … om de ferwyldere, fertutearze tún fan Pljoeskin wer in bytsje kreas te krijen…lês: No Way Goasse.
Wêrom?…Wêrom?…Wêrom?…set it yn as jo eigen, persoanlike mantra en der komt neat mear út je hannen.
’k Wit wêr’t de falkûle him befynt en ik besykje der net yn te ferdwinen.… Lês fierder
De heechste tiid
De klok yn de keamer fan ús pake en beppe die tik…tak…tik…tak. Krekt as yn it ferske, mar dat wist ik doe noch net. Ik hie in hekel oan it lûd. Tocht ik.
Ik siet op it bankje oan de oare kant fan de houtkachel dêr’t pake in allesbranner fan makke, sadat de keamer altyd justjes blau fan de reek stie. Op de salontafel foar my de Mecano-auto dêr’t ús heit as lytse jonge noch mei boarte hie en blokjes dêr’t ek neat oan wie. Mar goed, dat wie it boartersguod en dat wie wêr’t de bern hearden te sitten. Omdrave, oan beppe har moaie kopkes komme, of de plantsjes yn it achterhûs, dat mocht net.… Lês fierder
De kroan op ’e tsjerke
No sjoch ik de tsjerke wer. Dat kin hjir allinnich yn ’e winter, as de beammen sûnder blêd binne en it tuorke troch de tûken hinne komt. In echte toer hat ús tsjerke net, mar der is in lyts gefal op set dêr’t de klokken yn liede, dat stiet yn ’e midden fan it grutte skip, it skip mei rûnom ramen en it laaien dak. Dêr sjoch ik nei.
It is fansels in winter yn ’e hûs no. We binne wer ophokke. Dat ik sjoch mar nei dy tsjerke en nei it sleatsje foar myn flat. Yn ’e hûs hear ik de radio en de bern.… Lês fierder
Provinsjalistysk gejeuzel
Okkerdeis sloech it literêr provinsjalisme wer ris ta, yn de foarm fan Koos Tiemersma. It boerke Tiemersma skreau mar mâle dingen oer de Fryske Haadstêd. De man hat slim it mier oan Ljouwert, sa docht bliken. ‘Ljouwert, in plak ûntstien op trije modderbulten, lizzend oan in tichtslibbe see, mei as kroan op it haadstêdgefoel in út it lead hingjende toerelul.’ ‘Soms tink ik wolris dat de Liwwadders alles wêze wolle behalve Ljouwert.’ Nee, in soad nivo hat sok skriuwen net, jo hawwe gelyk. Soe dat ek sa mei Koos syn romans wêze? Ik haw der noch nea ien lêzen, it lokket my om ien as oare reden net oan.… Lês fierder
Yn plak fan de desimberkollum
Dit wie it jier fan
eangst, ôfstân hâlde, hûdhûnger
ferlet fan in praatsje
it jout net mei wa
trije tuten komme net werom
mûlkapkes bliuwe
mei seare fingers
jou my eachkontakt
in sêfte stim
ik kin minsken feroarje
seit in âlde freondinne
se lûkt al tritich jier oan
deade hynders
lit se drave, fjouwerje
frijheid is in moai wurd… Lês fierder