Lomme Schokker

Wat it nije jier yn ’t fet hawwe moat

logo.ensafh

Sil ik dy wat fertelle? 2021 sil in bûtengewoan goed boekjier wêze! Jawis, dit wurdt in poerbêst jier foar de kloft skriuwers, dichters, ferskemakkers en mearkefertellers dy’t de minsken allegear wat eigensinnichs te sizzen hawwe. Wolst gewoanwei net leauwe hoefolle literêre projekten oft op it punt steane fan publikaasje en útjefte. De ien nei de oare komt mei bysûnder wurk op ’e proppen. Sa wit ik fan in frou dy’t fan har libben amper trije boeken lêzen hat, mar yn dizze lêste lockdown wol moai de gânse Potterrige en de hiele Jean M Auel-syklus oan ien tried troch opfretten hat om ynspiraasje te finen foar in dystopyske saga fan net earder meimakke omfang.… Lês fierder

Anne Feddema

Kofje

logo.ensafh

Tsien jier lyn, desimber 2010, wie ik krekt werom út Berlyn. Ik wie in ryk man. Nee, dit is net it begjin fan myn langferwachte roman. Dit rymt oars al dit earste stik, mar it wurdt ek gjin fers. Goede lêzers, ik hie in flat regele. Ik hie it klearspile: ik soe myn dream foarmjaan kinne yn in wente yn Berlyn. Heal jannewaris 2011 koe ik deryn. (rymt alwer)
Ik wit noch goed dat ik der in wike ompankoeke mei in behoarlik pynlike poat.
In hiel ferfelende ûntstekking, krigen of better sein, ûntstien nei’t ik yn Barcelona, de berch Tibidabo, fia hûnderten trepkes beklommen hie.… Lês fierder

Henk Nijp

Mail

logo.ensafh

Waarom zou je meer betalen? ropt it mailtsje oerémis huppeljend yn de mailboks. Der komme hjir de lêste tiid sa no en dan aparte berjochten del. Gjin idee hoe’t dat komt. It heucht my net dat ik my ea ynskreaun ha by de ferstjoerder. Hjoed wie der wer sa’n berjocht fan in webwinkel dy’t him ‘Actievandedag’ neamt. Ik ha dêr noch nea wat kocht en ha neffens my ek net op ien of oare link klikt, mar dat is soms samar klear fansels. Of faaks ha de buorlju tocht dat ik te folle efter de geraniums sit of fine se my wat iensum en ha se tocht sa wat ferdivedaasje foar my te regeljen.… Lês fierder

Lomme Schokker

Kadootsjestiid

logo.ensafh

Ferline wike yn de Afûkwinkel mei Sjappy fan Sipke de Schiffart yn ’e hannen hearde ik in frouljuslûd dy’t myn namme neamde. Blykber wie de frou net hielendal wis oer wa’t ik wie, it fraachteken yn har stim bleau tusken ús hingjen. ‘Jierren santich?’ sei se foarsichtich freegjend, ‘Leejestrjitte?’ Doe wist ik it wer. Yn ’e fjouwer moanne dat ik doetiids yn Ljouwert staazje rûn siet Anja fan de beukerkweek yn de moaie grutte foarkeamer, wylst ik yn ’e túnkeamer nêst it smelle keukentsje húsmanne. Dat tanksij Anja altyd skjin en kreas opromme wie, sels jûns let koe se noch goed lyk gean.… Lês fierder

Anne Feddema

Kryst

logo.ensafh

Dit jier fielt foar my (30-11-20), suver al as foarby en dát gefoel sil, nei alle wierskynlikens, hiel wat fan myn lêzers, as dy hiel wat der binne fansels, in nustje is ek wolkom, bekend foarkomme.
Koroana spilet dêr in bysûnder grutte rôl yn, lit dat dúdlik wêze. De Krystsfear begûn foar my al op santjin augustus, de dei dat ik oankaam yn Galway, Ierlân, om mei te dwaan oan Óró. ( lês myn bydragen yn it Ensafh-argyf )
Óró, in ynternasjonaal teäterprojekt, bedoeld foar Galway, Kulturele Haadstêd fan Jeropa, mar dat fanwegen, Covid, ik ymprovisearje mar in bytsje op it beheinde tema, folslein yn it wetter foel, dat ek dêro, genôch te finen is.… Lês fierder

Henk Nijp

Winkelplein

logo.ensafh

De man hie in kreas learen jek oan en in brune ‘newsboy-cap‘ op ‘e holle. In pensionado, mar noch net sa lang, skatte ik yn. Hy hie it mar dreech mei it winkelkarke, it iene foartsjil woe net rjocht, it trille en skodde en draaide net lyk op mei de oare trije tsjillen. It weintsje luts hieltiten de kant op fan de muorre, krekt dêr’t it net hinne moast.
Ik stie foar de winkel te wachtsjen, want ja, koroana, en dan mei der neffens de hjoeddeiske winkelregels mar ien fan de húshâlding de winkel yn. Sa hie ik moai even tiid om de boel hjir te observearjen.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Moai rêstich..

logo.ensafh

Ik moast by de stienhouwerij wêze om no einlings in beslút te nimmen. Oer in stien, in tekst, in plak.
De útfeart hie al fiif jier ferlyn plakfûn, mar de urn mei myn leave deryn stie noch altyd thús. Dat koe om my wol sa bliuwe, mar dat hie hy net wollen. Hy wie foar dien wurk meitsje. Besluten nimme.
En ja, oait soe ik dy kant dochs ek útgean. En watfoar kant, dêr woe ik sels eins wat oer te sizzen ha.

Yn de hal fan de stienhouwerij die ik fuortdaliks in stap werom yn de tiid. Mar dêr wie ik oan wend, die ik dat alle dagen net, noch hieltyd, in kear as wat?… Lês fierder