Juster rûn ik nei ‘Say Cheese’ hahaha, op ‘e Tynjedyk yn Ljouwert, de tsiis is dêr in stik goedkeaper as earne oars. In kilo âld of jong belegen ensfh. is € 5,90. Dat is wier…leau jimme kollumnist no mar.
Ik haw der ek gjin belang by om wat oars te fertellen…it Say-Fake-Cheese-Nijs is my alhiel frjemd. Hawar…it reinde as de see en ik tocht krekt fan sil ik mar wer op hûs oan? Dan wurdt de ekstra belegen mar âld, in foarm fan tsiispromoasje, sille we mar sizze.
By in studintekompleks, it moat net te ienfâldich fansels, hong post út ‘e brievebus, jimme witte wol hoe en wat.… Lês fierder
Kollums
Kontrôle
It wie noch aardich tsjuster doe’t ik yn ‘e auto it hiem ôfried. Ik hie in ôfspraak yn it sikehûs dy’t foarich jier al fêstlein wie. Neat slims, in kontrôle dy’t foar de wissichheid elk jier weromkomt. Ik hie der doedestiids net by stilstien dat ik takom jier de earste ‘pasjint’ wêze soe.
Der wie kwealik ferkear op ‘e dyk, miskien om’t it noch sa betiid wie, mar faaks ek wol om’t wy mei-inoar krekt de deis tefoaren op ‘e nij yn ‘e lockdown treaun wiene. No wat minder yntelligint as fan ‘t maitiid, want dêrmei hiene wy doe it firus net plat genôch krigen.… Lês fierder
Relytivisme
‘Do wurdst hieltyd negativer,’ sei de frou in skoft lyn tsjin my. Dêr sit ik wakker mei, want hoe kin soks? No’t har oanmerking in setsje tusken ús yn leit te protteljen, liket it wol oft elkenien tsjintwurdich tryster, tsjusterder en negativer is. Utsein myn frou dan. By it minste sjoch ik guon daliks al klear stean om oaren it mannewaar op te sizzen of mei feninichheid goedbedoelenden de grûn yn te jeien. En dan sit ik sels noch net iens op sosjale netwurken as Facebook, Twitter, TikTok of Secondlife. Ik ha inkeld myn Ensafh en dat is my mear as genôch.… Lês fierder
Keppelbist
Ik bin dizze wike allinnich thús. Man is op bûtenlânske reis, bern binne by harren heit. De âldste twa fytse dêr fia harren skoalle hinne, de jongste ha ik earjustermoarn nei it oare thús brocht. Frjemd genôch ried ik fuort mei itselde gefoel yn de mage as doe’t ik har âldste sus 16 jier lyn foar it earst by de berne-opfang achterliet. Dy wie doe lyts en kwetsber, dat is myn ‘lytse’ no yn de fierste fierte net mear. Alteast dat fynt se sels. Se is trettjin, stekt oardel kop boppe my út en is nei in koartôf ‘Doei!’ noch foar’t ik goed en wol de doar út bin alwer folslein yn beslach naam troch har freondinnen yn de tillefoan. … Lês fierder
Net nei Fryslân ta
Skriuw dy kollum no, seit de grutte dichter Knilles yn in lyts mailtsje. Jawis, dy kollum, dy moast ek noch. Dêr bin ik oars ek wolris let mei, dat de redaksje fan Ensafh sil dêr wol neat efter sykje as ik der mei wachtsje. Mar no is it wol slimmer. Ik kom der kwealik ta, yn it Frysk te skriuwen. Ik haw al sa’n tiid net yn Fryslân west!
De lêste kear wie ferline jier. Doe wie ik yn it foarjier yn Hylpen en it neijier op it Amelân. Ik wie ek noch yn Harns en yn Ljouwert. Ik seach Snits troch de glêzen fan ’e trein, lân en wetter en de Fryske loft.… Lês fierder
Wrâldreis
Fan ‘e wike kaam ik yn Ljouwert ynienen efter sa’n blauwe Arrivabus te riden, it avesearre net al te bot, it heakke nochal op ‘e rotonde, dat ik hie it wol oan tiid en lês it ferhaal op de achterkant fan de bus. It gong oer in ‘wereldreis Fryslân-style’, de lêzer waard oantrúnd om op ekspedysje yn eigen provinsje te gean. Hiene wy sa’n ekspedysje ek al net ris earder by de ein hân, in pear jier tebek? It kaam my net alhiel ûnbekend foar. It wurd ‘ekspedysje’ hat foar my altyd in konnotaasje mei wat ûnherberchsums, fan ûnlân, woest en ûngastfrij, it jout my wat in ‘unheimisch’ gefoel om mar ris in bûtenlânsk wurd te brûken.… Lês fierder
Reizger om utens
‘It âlde stasjon fan It Hearrenfean ha ik goed kend. It wie treurich, funksjoneel en mâl, dat ik fûn it al lang prachtich.” Sa begûn Jan Blokker syn kollum yn De Volkskrant fan 27 july 1985. It stikje stiet yn de bondel Het station van Heerenveen, útjûn oktober 1986 (De Harmonie, Amsterdam; side 57). Fier nei 1989 moat ik dit boekje earne twaddehânsk kocht ha, want op it titelblêd stiet yn regelmjittige folpinneletters: Voor Gijs Vogelenzang, de 1e KERSTMIS 1989: in ons nieuwe huis! Dêrom mei ik graach in boek mei ynskripsje foar in my ûnbekende persoan thús in langer libben jaan, soms jout sa’n persoanlike opdracht my yn myn donkerste dagen sicht op in feal opljochtsjend perspektyf.… Lês fierder