It is jûntyd en ik gean nei myn hoal. It Sancte Snoarksanctorum. Mar it is wis noch gjin tiid om yn ’e earms fan Morfeus te lizzen.
Nee hear, ik ferdwyn gewoanwei yn myn mobyltsje.
Sa sit dat. Ik ynstallearje mysels op bêd, om my hinne de attributen dy’t ik nedich haw.
Bakje tee…koeke…flesse Sodastreamer, ik bin in modern minske en yn it wykein, want it moat fansels net té mâl wurde, wat fretterij en in blikje fris. Koala…wàt in koala op bêd? No moatst ophâlde, no kola dan mar. Koala mei fan Henk Wolf mar dy is net yn’e buert, want ik bin âld beppe net.… Lês fierder
Kollums
Kreatyf kompleks
Us doarp is segene mei in treinstasjon. Gewoanwei kinne wy hjir wol sa’n fjouwer kear yn ‘e oere weikomme. Op it stuit is dat wat minder fanwege firusfratsen, mar hoe yntelliginter oft wy dy ôfbouwe hoe earder oft de wenstige skema’s wer tapast wurde sille. Rutte cs. dogge harren bêst, mar wy binne der noch net… Mar no komt der de hiele dei troch in stim út ‘e perronlûdsprekkers dy’t hieltyd wer meidielt dat de gewoane fertrektiden net mear jilde en dat der oanpassingen binne fanwege koroana. Dat sil wol sa moatte fan ‘e direksje mar net ien heart it mear.… Lês fierder
Simmersliep
Tsjintwurdich dream ik fan bleate kapsters op stiletto’s mei izeren noazen midden yn in see fan donkerblauwe mûlemaskers. Ik dream oer in lange lege sikehûsgong ûnder wyt TL-ljocht mei doarren oan wjerskanten dy’t ik net iepenje doar. Dreamde oer ús heit yn syn populierenhouten deakiste sûnder deksel yn it ôfskiedshûs oan de Cissy fan Marxveldtleane.
En ik dream fan Tiny Mulder dy’t ik langút mei har skonken oan wjerskanten fan myn kroade útsutelje yn bûtenbuorren tusken Boazum en Boalsert. Se fertelt hoe’t se altyd al yn in hûs wenje woe mei de foardoar yn ’e midden en dan links in ljochtkeamer om te skriuwen en rjochts de pronkkeamer om op winterjûnen Skandinavyske skriuwers te ûnderfreegjen oer wat bern moarn te lêzen hawwe moatte.… Lês fierder
Bealgje silst
Hjir is neat feroare
Ik gyng nei de supermerk en kocht twa rabarberstâlen en in grutte ananas. De rabarber koste 2 euro en dy ûnbidige ananas ek. Eartiids kocht nimmen rabarber. Hiest in rabarberplant yn de tún, in geweldich grut gefal dêr’t fiedingssaakkundigen tsjin warskôgen. ‘Net te faak rabarber ite oars krijst,’ ja wat? No wie it in delikatesse. Dy ananas kaam hielendal út Costa Rica, dus wa’t dêr allegear wol net foar útbuite wiene om dat ding hjir sa goedkeap te krijen. It wie mear in ympulsoankeap om de priis fan de rabarber wer wat yn it lykwicht te krijen.… Lês fierder
Leafde yn tiden fan Koroana
22 Maart 2020
Juster woe ik it ynienen net mear leauwe. Dit kin dochs net wier wêze? Dit moat sa’n nachtmerje wêze, dêr’t ik mei eefkes troch de keamer te rinnen, bytsje wetter drinke, wer út stap en mei in sucht fan ferlichting fêststel dat it mar in dream wie?
Nee, dit is echt. Stjerrende wier! It Koroanafirus komt tichterby!
Fan de iene dei op de oare it hiele libben op ’e kop!
Yn ien kear dien mei ús moaie frije libben. En dat dat in prachtich en frij libben wie, kringt no pas goed ta my troch.
Kom, lit my der mar efkes út gean, betocht ik.… Lês fierder
Wolken sûnder wyn
In moanne lyn kaam it my ynienen wer yn ’t sin: wat de âlde man dêr op it wetter te sizzen hie oer de wyn en de wolken. Ik bin nei boppen rûn en ha de papieren nochris opsocht.
Earst mar efkes it hoedatsa. In pear wike nei’t Crystal en ik yn septimber 1976 byinoar hokken op myn studintekeamer kaam berjocht dat har pake út Amearika nei ús ôfreizgje woe. Silst dy keure litte moatte, sei myn ferkearing, pake wol witte wat fleis ik yn ’e kûpe ha. Har heit út it Kanadeeske Kebek hie har mem sitte litten doe’t dy seis moanne swier wie, en de âldman woe perfoarst net ha dat er foar syn favorite pakesizzer no wer sa’n misslach yn taksaasje oer in frijer fan om utens meitsje soe.… Lês fierder
Tiden hawwe tiden
Yn in tiidsbestek fan in pear wike is sawat alles om ús hinne mear as yngeand feroare.
Der sille grif minsken wêze dy’t op it stuit in deiboek byhâlde om letter noch ris te lêzen wat der allegear barde, hoe en wannear en wêr. Wer oaren dogge fuortendaalks in graai nei likes en pleatse har prakkesaasjes op Facebook of hingje de blogger út mei filmkes en al.
Ik haw dan mar moai…of net…in kollum, in poadium…noch wol, je witte it nea en binne dit myn lêste rigels, dy’t publisearre wurde sille.
Sneon fjirtjin maart begûn it op te fallen dat der feroaring yn ’e loft siet ek by ús yn ’e buert.… Lês fierder