Ik wie yn ’e buert, dus ried ik oan ’e ein fan in simmerske dei noch even út ús foarige wenplak Alkmaar wei nei ien fan de Noard-Hollânske strannen, dêr’t wy destiids gauris wiene mei ús bern.
It wie der net bot feroare en ek net botte drok mear. Krekt as eartiids hong op it terras noch in hantsjefol wat wurch eagjende strângasten om. In ‘dagje naar het strand’, hoe noflik ek, sakket altyd wat yn ’e skonken.
In net al te jong mear, ridlik foars frommes yn in luchtige wiidfallende swarte jurk en mei opfallend grutte, rôze earringen socht in geskikt plakje.… Lês fierder
Kollums
Keunstmjittige Yntelliginsje
Mei titel en ûnderwerp kin ús brein fuort al alle kanten op. It krijt net alle dagen dit Frysk ûnder eagen, ék it Nederlânsk: Kunstmatige Intelligentie nammers net … wat sjocht it brein wol gauris?
Jawis, it akronym ( wat ?) AI … Artificial Intelligence … lêze wy yn in Fryske tekst hieltyd KY, dan tinke guon lêzers út ’e Lânbou en Feeteelthoeke faaks dat de tekst oer Keunstmjittige Ynseminaasje giet … foar dy primêre driften is net in hiel soad yntelliginsje fereaske.
Mar hjir woe ik it hielendal net oer hawwe mei jimme. Wat betsjut KY foar de keunsten? … Ik hâld it dan foar ‘t gemak mar efkes by de hillige trije … net lilk wurde oer de folchoarder lêzers … set jim eigen brein mar yn ’e spegelmodus … Byldzjende Keunsten … Muzyk … Literatuer.… Lês fierder
In libbensgenieter
Gewoane minsken hat men it woris oer. Wilders neamt harren Henk en Ingrid. Dat is de grutst mooglike kolder, want wat is gewoan? Dêr hat eltsenien in oare miening oer. Eins is ‘gewoan’ neat oars as wat saai, kleurleas. As je om je hinne sjogge falt it op dat der ‘hiel gewoan’ genôch nuveraardich folk is, sa as dizze libbensgenieter okkerdeis yn ‘e supermerk.
Efter in winkelweintsje swalke er mei breed útwaaierende stappen lâns de skappen. Hy die dat yn in soarte fan walstempo, yn trijekwartsmaat. Syn holle die mei, lykas syn hiersturtsje, strak nei efteren lutsen út in flinke, al wat grize bosk hier wei.… Lês fierder
‘Hoannen kinne net fleane’
Fan ’e wike gie ik nei bûten ta om de krante út ’e bus te heljen en dêr seach ik it fûgelhokje op ’e grûn lizzen. Grauwe kat derfoar. ‘Ksssst,’ systere ik nei it bist en knibbele by it hokje del. It lei op ’e kant foar de stam fan ’e drúf. Dakje derôf. Ik seach yn it hokje. Der lei in moai nestke fan mos en hier yn. Derûnder leinen fjouwer lytse blokmieskes. Ach gottegot.
Foarsichtich lei ik it nestke werom yn it hokje en ien foar ien lei ik de bistkes op it mos. Wat fielde dat bysûnder! Sa tear en sêft fielden dy fûgeltsjes.… Lês fierder
Skilderje mei de skjirre
Tink jimme ris yn: Hans Christian Andersen (1805 – 1875) op ien fan syn njoggenentweintich reizen (1831 – 1873) troch Europa, hossebosjend yn in krykkrakkerige koetswein. Hy hat in reissekje by him mei papier yn ferskate kleuren én in gouden skjirre, it is hast as binne wy sels bedarre yn in mearke fan’e ferneamde mearkesskriuwer. HCA fljocht, minne diken 19e iuw, in eintsje omheech fan syn sitplak. Krekt lang genôch om de skjirre, 24 sm lingte, tiid te jaan út it sekje te fallen en krekt ûnder syn kont te kommen en dêr efkes letter in tomme djip yn te ferdwinen.… Lês fierder
Kassabontsjes
Lit ik it mar earlik sizze: ik ha wat mei kassabontsjes. Yn in tiid, lang lyn, doe’t der noch gjin reklameteksten op ’e efterkant fan ’e feltsjes stiene, koe de dichter op ‘en paad, yn it bûtenlân of wherever, dêr moaie ynfallen of, wis wier, hiele gedichten op kwyt. Ik ha sels in kear, ik wie doe – noch net hiel lang lyn – yn Bremen, in fers skreaun oer it skriuwen op lege efterkantkassabontsjes, nei’t ik ta myn ferbjustering, in bontsje krige, dat efterop romte hie om tekst kwyt te kinnen. Dat fers waard by eintsjebeslút pleatst en ik moat sizze: dêr kaam mear reaksje op as trochgeans op myn fersen (gjin).… Lês fierder
Wa wol no ekstreem rjochts neamd wurde?
‘Do kinst sa moai oer lytse en gewoane dingen skriuwe,’ dat seit of skriuwt my gauris ien.
Ja, dat sil wol, tink ik dan, mar dat doch ik dan meastentiids om’t ik op dat stuit net oer gruttere saken skriuwe kín. En earlik sein kin ik my skoan fermeitsje mei it lytse libben. Mei de fûgels, goeie freonen, de natuer, moaie muzyk, lytse bern, in krante of in boek.
Der binne fan dy dagen, at ik dan oer it gruttere skriuwe soe, bin ik bang dat ik plof. En dan ha ’k it fansels oer de polityk. Ik kin it bytiden ek net mear folgje, of ik wurd lilk of fertrietlik fan alle ûnsin, skellerij en leagens dy’t wy somtiden te hearren en te lêzen krije.… Lês fierder