Lomme Schokker

De earste fan Handke

logo.ensafh

Mei hopen drokten is der gjin behaachliker putsje as in yngeande werskikking fan de boekekasten. De hannen út de mouwen en in oare systematyk oanbringe yn eat dat yn wêzen in nije oarder hielendal net nedich hat, op in stuit dat der eins needsaakliker dingen barre moatte en dit alles inkeld en allinne foar myn eigen wille. Dizze kear wie it tinken om de Hollânske skriuwers net apart te hâlden, mar alfabetysk tusken it Ingelsktalich spul te setten en werklik, it skikte krekt en kreas op alle planken. Dat wol sizze, der bleaune ynienen samar sa’n tsien boeken oer, dêr’t yn de kontekst fan de nije oardering wûnderbaarlik gjin plak foar wie.… Lês fierder

Anne Feddema

Folslein stikken – Verblendung schlechthin

logo.ensafh

Dútske hardershûnen fleane om ’e Flixbus hinne, byljend en hymjend. It is oerdei, alsa gjin strikende bondels sykljocht diskear. Ik begjin myn ferhaal mar mei in optochte hyperboal, je binne skriuwer of je binne it net, no? Couleur locale sille we mar sizze, dan wurdt de skilder yn my ek net oerslein.
Dat ik sa begjin is de skuld fan Horst Seehofer, de federale Dútske minister fan ynlânske (dan klinkt it noch in bytsje fierder fuort) saken. Yn july fan dit jier wie Ibrahim Miri, de lieder fan in Bremer drugsbende, deportearre nei Libanon, mar yn oktober al wer yn Dútslân oankaam.… Lês fierder

Marcel Plaatsman

Mei de boat

logo.ensafh

Neffens ús soantsje gean ik altyd mei de boat nei myn wurk. Dat is net hielendal wier, mar foar ien fan twa en in heal jier âld hat er it noch net sa min sjoen. Eins wurkje ik thús – ik skriuw, dat is myn wurk. It komt dochs gauris sa út, dat ik foar wurk nei Tessel moat en fansels gean ik dan mei de boat. Dizze moanne wie it oars, ik siet wol op in boat, mar dat wie de boat nei It Amelân. Mar jawis, in boat – dat myn soantsje hie net minder gelyk.

Op It Amelân haw ik noch in wurdsje Frysk sprutsen, mar oars haw ik foaral Tesselsk praat, dat liket genôch op Amelânsk om dêr ferstien te wurden.… Lês fierder

Lomme Schokker

In spegel yn wiis bestel

logo.ensafh

It lân leit licht en ik ha de honger yn de hals. Wat is wichtich en wêrom, Aggy? Wat bestindich en foar hoe lang? Moat ik úteinlik alles sels útsykje, of mei ik dy dêr nei freegje? Antwurden, oanwizingen, goede leave treast! Ik bring dit te praat, want wat is makliker as jûns let by dy te bycht gean? Do antwurdest teminsten, yn dyn skriuweraasjes by de iterspannen. Do hast dizze wei al earder berûn, of net dan? Ik ken dy net, dochs bin ik dy wyswurden, mei de ûntdekking fan wurden út dyn romme wrâld. Mar wat doarmje wy yn de mist net, wy beide tegearre allinnich.… Lês fierder

Anne Feddema

Diel twa…Dangast?…Wêr leit dat?

logo.ensafh

Tsjin healwei tolven fyts ik Bunde binnen en hoe kin it ek oars?…krekt by de Aldi, Lidl, Combi en Rossmann (it werklike, hjoeddeistige 24-7 Wirtschaftswunder), werom brocht ta de kearn, kinne se de namme fan it plakje faaks better feroarje yn Alicomross of soks, want mear as in besite oan dy winkels, falt dêr net te belibjen neffens my.
Mar lêzers, dát is allegear prachtich en machtich mar ik haw gewoanwei gjin tiid om ho te hâlden, ik moat troch, meters en dan kilometers meitsje op myn Russyske rûlette fytske. Want ûndertusken is dochs wol dúdlik wurden dat der it ien en oar oan myn izeren hynderke mankearret.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Hier

logo.ensafh

Hymjend plante de frou twa grutte tassen op ’e bank foar my en plofte der doe tuskenyn. Ik hie har wol draven sjoen op it perron, se koe noch krekt de trein helje foar’t de masinist op it fluitsje blies.
‘Hèh,’ pûste se, ‘ik sit.’
Se hie sa’n âlderwetsk trochskinend reinkapke oer it hier, dêr’t sa te sjen krolspjelden ûnder sieten. Krolspjelden? Bestiene dy noch? Fan dy rôze of blauwe stikelbarchjes, dêr’t je in tûfe hier omhinne draaiden, dêr’t dan wer in pin trochhinne moast om sitten te bliuwen. En dan foaral net te fier stekke, oars wie it ‘AU FERGEMY!’.… Lês fierder

Henk Nijp

Wintertiid

logo.ensafh

Ik moat my soargen meitsje. Ik bin yn gefaar, alteast de húshâlding en alle have en goed. Want it is alwer oktober en dus giet aanst dy ferhipte wintertiid wer yn. En dan wurdt it tsjuster mar benammen ek link om ús hinne. Want ‘wintertijd is het hoogseizoen voor inbrekers‘. Dat ropt ‘Veilig Wonen Nederland’ yn in alarmmail wêr’t ik net om frege ha. Mar ik krij wol mear mail samar yn de ynboks. En it spamfilter is blykber net op soks ynsteld of fynt it berjocht faaks te wichtich om it der fuortdaliks út te kiperjen.
Wintertijd staat gelijk aan inbraaktijd, ropt it mailtsje. … Lês fierder