Ut dommebare nijsgjirrigens gong ik rjochting begraafplak. Gjin idee wat my te wachtsjen stie. Foar de radio hie ik in koart ynterview oer ‘het weekend van de begrafenis’ heard; minsken gongen hjoed-de-dei fierstente gau fan ‘gewoan’ kremearjen út, wylst der hieltyd minder foar in begraffenis keazen waard. Skande fansels fûn de man yn kwestje, de begraffenis moast wer nij libben ynblaasd wurde, want minsken ha yn dizze jachtige tiden ferlet fan autentike rituelen en kontemplaasje, wêr kin dat better as op in goed ûnderhâlden tsjerkhôf? Ik wie benijd wat se der fan meitsje soene mar in folslein wykein, … in moarnsskoft like my earst wol moai genôch.… Lês fierder
Kollums
Opake
Sân maaie 2019, in bysûnder skiere dei en fierstente kâld foar de tiid fan it jier, middeis. Wis noch gjin maitiid om efkes lekker yn ’e tún te sitten. Moarns haw ik noch op paad west, in serendipiteitskuierke út gewoante. Ik rin dan nei de Omrin-twaddehâns-negoasjewinkel, yn ’e Voltastrjitte op it yndustryterrein West yn Ljouwert (witte jimme dát ek wer en kinne jimme sels oan serendipiteitskuierkes begjinne) om dus neat spesjaals te sykjen en altiten eat te finen. Ik sjoch dan altyd by de keunstboeken, by de oare boeken mei ik fan mysels al in hiel skoft net mear sjen, want eins, de minsken dy’t by my west hawwe witte wêr’t ik it oer haw, soe der gjin boek, ek gjin keunstboek, by yn moatte, ik soe se sels ferkeapje moatte, mar sels mei in revolver op ’e holle, soe ik dat noch net kinne.… Lês fierder
De dûker
It is alwer trije fearnsjier lyn dat de reuzen yn Ljouwert wiene. It is foaral de dûker dy’t my bybleaun is. Net it famke, net de hûn. Ja, dy wiene fansels ek moai makke en ek by harren wie it in hiel keunstich gepiel om se yn beweging te krijen, knap al dy technyk en al dy minsken, mar dochs binne se foar my oars as de dûker.
Syn lingte is it net. Ik bin der fan oertsjûge dat as er in meter langer as koarter west hie of sels mar it formaat fan in gewoan minske hân hie, ik my krekt sa field hie tsjinoer him as no.… Lês fierder
Op ’e tiid foar de Rely?
Komt it dy ek sa oer it mêd, broer? Hasto, lykas ik, in pear jier lyn ek sa ferskriklik de ôfslach mist? Ynienen hawwe se it oer in ‘dystopy’, as antonym foar in utopy. In dystopy soe in maatskippij wêze moatte mei inkeld horrorsituaasjes dêr’tst absolút net yn wenje wolst. Wisto dat de iene nei de oare auteur tsjintwurdich oer swartgallige mienskippen skriuwt? En dat dy auteurs der ek noch prizen mei winne? Hoe koene wy sa blyn en dôf wêze!
Koartlyn wie it wer safier. It boek fan de winner Libris Literatuer Priis 2019, De goede zoon fan in Rob van Essen, giet ek oer sa’n ferfrjemdzjende takomst dy’t, as ik it goed begrepen ha, der winliks al is.… Lês fierder
It kollumkokentsje fan Feddema
Wat wol der Feddema? Wat fynt er leuk? Tja, no…LEUK is foar my in té hjoeddeistige-útkôge-kaugom-gebrûks-gearfetting. It libben fan no is ien oanhâldend audiofisueel bombardemint fan ’e meast útienrinnende saken. Meitsje dêr noch mar ris, as in gewoan, dimmen minske, in ferantwurde kar út. Wat kinne we dan wol sizze? Wat witte we oant no ta…Wát wit ík! Ik sil it jimme earlik fertelle: Ik bin gek op film…altyd al west. Eat dat my hieltyd wer yn it sin komt: Ik bin in jier as trije, fjouwer en ik gean my ús heit (pappe) nei de Ljouwerter bioskoop, op ’e drokke kant fan ’e Nijstêd.… Lês fierder
De wurden net skriuwe
In flarde fan in ferhaal spûke my troch de holle. Ik koe der gjin wiis út wurde en woe grip ha op myn ûnmacht. Ik socht in skriuwer om yn eigen taal mei myn bylden om te gean, want sels koe ik de wurden net skriuwe. Yn it doarp wie nimmen mear fan de âlde skoalle. De earste fan ús mienskip, man fan gesach en ûnderfining, hy seach my kommen en stjoerde my fuort. Foar him wie ik inkeld ien mantsje út safolle. Hy wie my al fergetten doe’t ik my omdraaide.
Moatst yn it stedsje fierderop wêze, seine guon. Dêr sitte in tal wize mannen yn petear byinoar dy’t dy wol helpe sille.… Lês fierder
Húswarje
Ik wie let, it rûn al tsjin alven, ik hie noch gjin moarnsbrochje hân en der wie gjin bôle mear yn ‘e hûs. De sinne skynde folop en de bakker wie mar in eintsje rinnen dat wy koene der wol even om út. De wyn wie noch wol fris dat de jassen mochten wol goed ticht. Goed en wol bûten fleach der in plysjewein mei swaailjochten en sirene oan ús foarby. Mar dat bart wol gauris yn dizze stêd en nimmen sjocht der noch fan op. Even fierder, op de Vleutenseweg, hearde N. as earste fan ús in helikopter en hja socht tusken de wite wolkjes nei wêr’t it lûd weikaam.… Lês fierder