Cornelis van der Wal

Quirinus Kuhlmann

logo.ensafh

Ik mei graach oer poëzijblomlêzingen, dêr haw ik it fak leard, sa tink ik wolris. En dan haw ik it, wat moderne Fryske blomlêzingen oanbelanget, fansels net oer in eigenaardige publikaasje as De 100 mooiste Friese gedichten fan Babs Gezelle Meerburg en Jetske Bilker. De gearstallers woene ris orizjineel wêze en nim Obe Postma net op. Tsja. Dan is de Spiegel van de Friese poëzie, gearstald troch Pier Boorsma, Teake Oppewal en Geertrui Visser hiel wat better, mar wol slim tradisjoneel en fierstente folle Harmen Wind; en dan hawwe jo noch Het goud op de weg, gearstald troch Abe de Vries…

Mar ik dwaal ôf, want ik woe it net oer Fryske literatuer hawwe, mar oer Quirinus Kuhlmann.… Lês fierder

Hidde Boersma

Frits syn streken

logo.ensafh

Wannear is eat ôf genôch om mei nei bûten te kommen?

Ferline jier hobbele ik op ’e fyts op wei nei hûs by de rivier lâns. By de Mûne, dêr’t in stel bankjes op ’e ouwer steane, stie in bestelauto parkeard. In man en in frou tilden der mei muoite in gefaarte út. Ik stoppe om te sjen wat dy lju útheefden. It gefaarte bliek in selsfabrisearre wetterfyts, dy’t bestie út in kiste omliste mei in laach polyester en dêryn it mechanyk fan in âld fyts. It seach der slim amateuristysk út. En no soene se it apparaat foar de earste kear te wetter litte.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Max

logo.ensafh

It waar nûge út om binnendoar te sitten, it wie july en it reinde sa hurd dat je it wol litte woenen om oan gersmeanen te tinken. Wat ferfeeld surfde ik op it www om, de hiele BV Nederlân begûn mei it wanhopich folplempen fan alle sosjale sites mei laitsjende selfie’s op lokaasjes dêr’t ik net graach hinne woe. Om in wike as wat letter deawurch wer thús te kommen en te fersuchtsjen: ‘Lokkich ha ik de neijiersfakânsje al wer boekt, ik bin no al wer oan frije dagen ta.’ Wylst se post fakânsje noch net in slach útfierd hienen. Op sa’n stuit wurd ik hiel tryst en tink ik werom oan de tiid dat minsken noch wille belibben oan de boarterstún by de Oranjerie yn Oranjewâld.… Lês fierder

Jelma Knol

Net hommels ferstoarn

logo.ensafh

Dus. Ien fan de Belgyske wittenskippers fan de Fryske Akademy hat it skriuwen learen fan it Frysk foar ûnsinnich ferklearre en Mata Hari komt yn 2018 ek al net nei Ljouwert ta. De hear Walthaus is as partisipearjend antropolooch dwaande om de lêste deadsstupen fan de Fryske beweging fan binnenút fêst te lizzen, hy hat der sels de taal foar leard. Sjapo Asing. Ik fyn dit wol geastich.

Mata Hari wie al slim oerstallich wurden. My heucht in bêst wol aardige musical mei de song ‘Huodden en petten’. Dat wie noch in eigen produksje. Sjapo Rients. De leidige eachopslach fan it Liwwadder frommeske, har sêfte búkje, sels har parfum: wy hawwe yn Ljouwert al genôch Mata Hari.… Lês fierder

André Looijenga

Boereroman revisited

logo.ensafh

‘De boeken binne myn troast en segen’, sei de man op ’e rommelmerk yn Appelskea. In rigele rinkjes yn de earen, in bolwurk kettings om ’e nekke, yn motorfest en op klompen, sette de wâldsjer syn kratten ûnder driigjende loften mei soarch werom yn ’e oplizzer. Der sit noch altyd wol hannel yn de âlde boeken.

Okkerdeis haw ik eksamen dien by de Afûk, ynklusyf in mûnling oer literatuer oan ’e hân fan in list fan tsien Fryske boeken fan foar 1945. Mei sa’n lêslist komst ek telâne yn boeken dy’tst oars noait frijwillich opslaan soest. Fan guon boeken ûntdekst dat dyn foaroardiel net terjochte wie, mar der binne ek literêre reputaasjes dy’t oan diggels falle.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Jakob van Hoddis

logo.ensafh

Hawwe jo wolris fan de dichter Hans Davidsohn heard? Sa net, dan faaks al fan syn pseudonym, in anagram fan syn namme: Jakob van Hoddis. Van Hoddis (1887-1942) is benammen bekend wurden troch syn gedicht Weltende, dat er yn 1911 yn it tydskrift Der Demokrat publisearre. Van Hoddis hie der daliks grut súkses mei, yn lytse literêre rûnten fansels. Nei oanlieding fan dit fers waard de dichter as paadsljochter fan it betide ekspresjonisme sjoen. Yn Berlyn wie Van Hoddis ien fan de oprjochters fan it ‘Neopathische Cabaret’ (1909). In prachtige namme fansels, mar ek wat makaber, sjoen it feit dat by Van Hoddis yn 1912 har de earste ferskynselen fan skizofreny foardiene.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Kollum Ferdinand de Jong: Elk nadeel… It referindum

logo.ensafh

Ja, ik ha al te stimmen west. In pear dagen lyn is it al wer. Wat de útslach wie docht der yn dit stik net ta. It giet oer it fenomeen referindum. Want wat fine we dêr no eins fan? In pear dagen foardat we stimme mochten oer in frijwat dizenich ûnderwerp dêr’t foaral de media him drok oer makke, hie ik in diskusje oer it überhaupt hâlden fan in referindum. Myn gesprekspartner en ik wienen it folslein net mei elkoar iens. Ik bin foar in referindum as rieplachtsjen fan de Mienskip. Smiley. Wêrom bin ik foar it rieplachtsjen?

Neffens myn gesprekspartner ha wy by de ferkiezings in folksfertsjintwurdiging keazen dy’t fjouwer jier oer alles dat der spilet kedize mei.… Lês fierder