Gauris gean ik mei de Arriva Qlinerbus rjochting Alkmaar om dêrwei fierder mei de trein nei Amsterdam te reizgjen. Mar wêrom docht Feddema dat? Jo kinne ommers ek gewoan direkt mei de trein gean?
Foarste plak: ik reizgje no ien kear it leafst oer de ôfslútdyk. It útsicht, de loften, Thalassabussa, sis mar.
Twadde motyf: ik ha, lykas foar de trein, in OV-dalkoarting fan 40%, op ’e Arriva bussen yn Fryslân en Qliners.
Tredde reden: oer it generaal kinne je derfan op oan dat je ek werklik oankomme dêr’t je wêze wolle en dat ek nochris binnen de tiid dy’t je derfoar noadich hawwe.… Lês fierder
Kollums
In wite do
Wy hiene repetysje fan it koar yn tsjerke. It wie tsjuster op it tsjerkeplein. Der skynde inkeld wat ljocht nei bûten troch it glês fan de grutte doarren.
Yn dat ljocht lei wat wyts op ’e stiennen. Ik tocht dat it in knuffel wie, dy’t in berntsje fallen litten hie.
Ik rûn derhinne. It wie in fûgel. In wite do. Hy lei op ’e side en doe’t ik him sa lizzen seach, moast ik tinke oan de skets fan Toon Hermans; ‘De doif is dood’.
Fan in deade fûgel krij ik altyd de triennen yn ’e eagen. Ferline wike noch lei der ûnder in rút fan ús hûs in deade hagemosk.… Lês fierder
Sûnder stôk
It hiele libben is in ôfskied wurdt wolris sein. Ja, as jo der op in bepaalde wize nei sjogge. Mar it is wol wat in pessimistyske foarstelling fan saken. Fansels gean dingen foarby, miskien spitich, mar like faak is dat net sa slim en tinke je der mei niget en waarmte oan werom.
In soad hinget derfan ôf ûnder hokker omstannichheden, mei hokker emoasjes saken út it sicht ferdwine en … hoe’t je dermei omgean. Dat is lang net foar eltsenien gelyk.
It ferlies fan in neiste hakt der fansels flink yn. Mar wa oerkomt dat net?
Sûnder al tefolle krupsjes de tachtich passearje?… Lês fierder
NPO Klassiek
Moarns as ik yn ’e wenkeamer kom goai ik de radio der wol gauris op en dat is dan altiten deselde stjoerder: Radio 4. Sa hjit it dus ûndertusken net mear, it is al in aardich skoft: NPO Klassiek.
In klassike stjoerder alsa, mei klassike muzyk dus … No, ferjit it mar moai.
Sa no en dan is it gewoanwei in ferskrikking om der nei te harkjen. It is sa stadichoan in bibelske besiking wurden. Noch los fan al it geëamel en wiidweidigens fan ’e kwasy kulturele petearen mei konservatoaren fan musea oer útstallingen, oer boeken dy’t je lêze moatte en gewoane ynfotainment is de muzyk sels, yn alle gefallen moarns, ek op in djiptepunt bedarre.… Lês fierder
Foar F
De wyn skuorde sa út en troch fûl oan it stjoer. Wy rieden yn it roetsjuster oer de lange dyk mei oan wjerskanten wetter. De weagen oan ’e rjochterkant moasten wol wite krunen ha. Ek foar, efter, boppe en ûnder ús wie wetter. De streken op ’e dyk wiene hast net te sjen.Doe ’t ik in wat trage frachtwein foarby woe waard it hielendal nuodlik, it wie in kwestje fan ‘lok wat jouste’ en hâld it stjoer rjocht. Op ’e foarrút kletste in onhuere bats wetter dy’t de rutewiskers net goed oankoene. Oerlevere oan it momint, even gjin sizzenskip oer wat der barde.… Lês fierder
In siedsje en in aaike
It wie fakânsje en dêrom drok yn ’e stêd. Ik fûn dat ik kofje mei gebak fertsjinne hie. Wêrmei wit ik net, mar der is altyd wat te betinken. Dat it wer reinde bygelyks.
It restaurant siet smoarfol. Mar dochs fûn ik ien lege stoel. Njonken my sieten trije bern mei harren mem, of wie it de beppe?
Twa fan ’e bern sieten tegearre op ien stoel. No ja sitte, heisteren der op om en dat waard hontheien.
Ynienen kaam my wat yn ’t sin en ik frege de frou: ‘Bin ik no sitten gien op ien fan jim stuollen? Ha ik dy no sa mar ynpikt?’… Lês fierder
Kuierke yn myn byldzjend wurk
Der giet fansels neat boppe in kuiertocht yn ’e frije natoer mar sa no en dan moatte je ek ris in oare kant út om nije yndrukken op te dwaan. Ik nûgje jimme dêrom ek graach út om tegearre mei my in kuierke troch myn byldzjend wurk te meitsjen. We rinne no nei it grutte Potleadbosk. Sykje mar in gaadlik potlead út, HB, B … jo binne in sêft minske? 6B, 8B sels? Toe mar, it kin allegear, wy dogge net moeilik hear. Op nei de Berch fan papier. Sykje mar in fel út. Sa binne we al in hiel ein op streek freonen, of soene wy dat wêze kinne?… Lês fierder