Ferdinand de Jong

Drive-thru window

logo.ensafh

Net echt in Fryske titel foar dizze kollum. Mar soms kinne je net oars. Neffens my doocht de stavering ek fan gjin kant, mar yn it moderne lânskip is in soad tastien. Sa wie der in dei as wat lyn in pop-up store yn Drachten, mei dêryn it nijste oanbod fan Fryske boeken en boeken oer Fryslân. As der immen in goed Frysk wurd foar wit kinne jo dat melde by de gearstallers fan it Fryske griene boekje. My makket it neat út, ik brûk gewoan pop-up store, dat is tige hip en dy kant moatte wy dochs út mei it Frysk, wolle wy net ûndersnije yn dizze mondiale digitale boarterstún dy’t wrâld hjit.… Lês fierder

Willem Winters

Oer eunuchen en hûndert syktes

logo.ensafh

Wy wiene fan ’e jûn by freonen te iten. Sy kin omraak itensiede. Healwei liet ik my ûntfalle dat ik middeis in prachtich boek kocht hie. Sa’n moai boek en ik doarde it hast net iepen te dwaan. Dan kloppet it hert my yn ’e kiel en fiel ik dat myn mage opstannich wurdt. Dat komt troch The sick rose or disease and the art of medical illustration fan Richard Barnet.

Hy wit myn gefoelige snaar te reitsjen. De holle fan in frou op it omslach is dramatysk, mar wol te fernearen. Dan slachst it iepen en dêr krijst fuort al in psychologyske oplazerus fan jewelste.… Lês fierder

Daam de Vries

.kul

logo.ensafh

It wie juster in heuglike dei, Fryslân hat him sûnder oarlogjen ôfskaat fan de rest fan de wrâld. Wêr fine jo soks hjoeddedei noch?

Wy binne in eigensinnich folk sa liet de deputearre witte dat wy dogge hjir gjin punt-frl mar pompeblêd-frl. Dat is alderprachtichst want de winst sit him net allinnich yn de ôfskieding mar ek yn it feit dat de eigen taal yn de URL’s brûkt wurde kin. No noch in fatsoenlik toetseboerd sadat jo dat pompeblêd oanklikke kinne krekt lykas de Æ of æ.

Ik ha ek al berjocht fan myn provider hân en in domein reservearre. Gjin respons.… Lês fierder

Jelma Knol

Pompom pompompom pompompòòmpom.

logo.ensafh

It bleau mar troch myn kop sangerjen. In grouwélich moai stikje sellomuzyk, in fragmint út in bloedmoaie dokumintêre oer Vienna 1908, dat ik mar net thúsbringe koe. Wa wie de komponist? In hiele gruttenien, dat koe net misse. Mar de ôftiteling joech allinne de namme fan de BBC-komponist fan tsjinst.
Dus skilje ik Jan, in grut kenner fan 19e en 20e ieuske muzyk. ‘Jan, moatst even harkje. It is in solo foar sello en it giet fan: poppom pompompom pompompòòmpom.’
Jan sit freeslik te laitsjen om myn silige lûd.
‘Oh, ja, it is sa‘n bekende triennelûker. Sa’n krematoariumhit. No, sa’tsto it sjongst is it seker gjin barok, mar earder eat út de romantyk.… Lês fierder

Willem Winters

USA

logo.ensafh

Wy soene no mar ris trochsette en regelje in reis troch de USA. Dat wie noch gâns in wurk. Mar dêr woe ik it net oer hawwe.

Minsken dy’t ik no – no’t wy nei twa moanne en 9000 km en 3000 liter benzine werom binne – tsjinkom freegje: ‘Wat foel dy it measte op yn de USA?’ Dêr hoech ik net oer nei te tinken. It earste wat my opfoel doe’t wy bûten it fleanfjild Newark stapten wiene de ûnbidige trucks (mei oplizzers). Type Mack, mei fan dy enoarme snuten, mar inkeld in frachtwein sa’t wy dy kenne.
In soad lju ride privee yn in pick-up.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Hitens

logo.ensafh

Myn buorman seach my oer de râne fan syn balkon fronseljend oan: “Wa lêst no in boek mei dit waar? Is de krante net genôch?” Doe’t yn 1988 it Amerikaanske oarlochsskip USS Vincennes in Iraanske boargerfleanmasine út de loft skeat wenne ik yn Itaalje en oer it hite julywaar hong de politike hitens en ik lies my troch Iris Murdoch har broeiïge The black prince hinne. Oan ’e ein fan dat boek wist ik alles fan de spjalt tusken de keunst en de wrâld, fan de yllúzje fan realisme en fan taal dy’t makke is om ûnechtens oer te dragen en dat dat neat útmakket: “Dy ûnwierheid droech teminsten belangrike ynformaasje oer.”… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Gaskachels

logo.ensafh

Twa saken dy’t lêsten yn it nijs wienen. Foarop moat sein wurde dat it beide slimme saken binne, dêr’t allinnich mar ferliezers fan kamen.

Saak ien.
Earst it rapport oer de brân yn Ljouwert. Tige foarsisber, moat ik sizze. Fansels is der yn alle âlde gebouwen wat mis. Fansels is de wetlike tiid dy’t immen ha moatte soe om te flechtsjen net realistysk. Kul. Krekt of is soks te regeljen mei alle ynfloeden sa as hurde wyn, wynrjochting en sa mear. Krekt of soe in lôgjende fik him oan dat skema hâlde. Typyske Nederlânske wetjouwing, yn in ideale Haachske wrâld ha je sels noch tiid om earst ûnder de dûs en kreas de klean oan foardat je dêrnei yn panyk de doar út fleane, it each op jo mobyl, dy’t de tiid byhâldt.… Lês fierder