Jelma Knol

Noch lang net útstabatmatere

logo.ensafh

It moaie fan de Lijenstiid is dat der safolle prachtige muzyk foar skreaun is. De lêste jierren konsintrearje ik my neist de Matteüs of Johannes Passy fan J.S. Bach hieltyd mear op de pronkjuwielen út de Italjaanske barok. Dy hawwe as foardiel dat se wat minder lang duorje as de Mattëus en eins geweldich fleurige, dramatyske muzyk befetsje. Fan de Mattëus en Johannes bist soms dagen fan slach en dat kinst ek net altiten brûke. De Italjanen krûpe dy wat minder heftich ûnder de hûd. In oanwinst dit jier wie trouwens ek de Brockes-Passion fan Reinhard Keiser. No noch te keap foar mar 20 euro en lykas de sjarmante dames fan de lêste goede muzykwinkel yn Ljouwert seine: feul minder swaar as Bach.… Lês fierder

Willem Winters

De jas

logo.ensafh

Dêr foel de foto út it oantekenboek. Dêr hie ik noch net socht en ik socht al mear as in healjier. Dy foto hat in ferhaal. It ferhaal fan de jas.

Hy hie dy jas oan doe’t er nei jierren thúskaam, dat wie yn 1957. Us mem en ik rûnen op it Breedpaad rjochting Dracht noch foar de fiskwinkel. De NTM-bus stoppe by de Haadbrêge
Der stapten minsken út. Ien fan harren rôp: ‘Dêr komt se krekt oan.’ Hy hie him ús adres frege en no kamen wy der tafallich oansetten. Oft en hoe’t de emoasjes opspilen wit ik net, allinne dat byld fan dy man yn in swarte jas dy’t út ‘e bus stapt is noch helder en skerp.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Boekewikegeskink

logo.ensafh

“No is der ris in wiere skriuwer-reizger-histoarikus ree om in essee te skriuwen foar it boekewiketema reizgjen,” klage myn dochter, “en wat krije wy: in deiboek ynstee fan essee.” It tema reizgjen wie ek wol wat ûngelokkich, betocht ik, at der op de dei dat de boekewike begjint in hiele fleanmasine mei 239 reizgers spoarleas ferdwynt. “Wat ik noch minder begryp is wat de boekewike wol mei Wieringa,” sei myn dochter. “Wat wol de boekewike überhaupt! Yn 2011 hie de boekewike it doel om de rol fan it boek yn de maatskippij te fersterkjen. Mar wat is sa’n doel wurdich as se nea evaluearje at it berikt is.”… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Duvelsk sied

logo.ensafh

Om it jier 1200 hinne moat de earste bebouwing der al stien ha. De biskop fan Utert die it gea fan rûchwei 1300 oant 1500 yn de ban omdat it folk sa dwers wie, de minsken sochten oansluting mei Benediktynske muontsen yn Starum. It wurd desibel bestie noch net.

De hier oer de besittingen waard om 1500 hinne betelle yn de foarm fan ‘mudden rogge en tonne botters’. Sa libben dêr minsken lykas se dat no ek dogge. Mar yn 1629 kaam de duvel en besleat sied te siedzjen dat op de lange termyn kymje soe. De duvel is in geduldich persoan, net bûn oan tiid.… Lês fierder

Willem Winters

Marino Marini

logo.ensafh

Wa ken se net, dy hynders en ruters fan Marino Marini. Unbegryplik moai! Mar syn skilderijen en tekeningen, hoe binne dy? Dêr seach ik mar hiel inkeld wat fan. No wiene der yn Swol tal fan keunstwurken fan him te sjen. In unyk barren. En wy hiene dizze eksposysje hast rinne litten, it soene dochs wol wer de wenstige hynders en ruters wêze. Mar nee, ik sjoch fantastyske abstrakte komposysjes, neakten, figueren út it sirkus en portretten, allegear hiel ynkringjend en ûnbegryplik moai!

De akrobaat (1940)

En fan it gebou dêr’t dit allegear te sjen wie, it eardere Paleis fan Justysje, kinne wy neat oars as beare, wat moai, wat ûnbegryplik moai!… Lês fierder

Daam de Vries

Knoffeljende bekkens

logo.ensafh

De meast deprimearjende wize fan it merkbiten en benammen fan it mjitten fan muzikale glâns is wol it konkoers. Ha ris meimakke dat myn blaasmaat yn de bus in epilepsy-oanfal krigen. Dat is no net daliks de meast gaadlike opmaat nei in mei ynmoed brochte muzikale jefte mar seit tagelyk hielendal neat oer de reis en benammen net oer de wille yn de oanrin fan goed tsien wike.

Yn dy tiid wie it noch sa dat de konkurrinsje dêr wat begryp foar opbringe koe en waard yn ûnderling oerlis nei de lotting útmakke dat wy as lêste blaze koene en as it my goed heucht ek noch kampioen waarden.… Lês fierder

Jelma Knol

Im grossen Schweigen

logo.ensafh

Wylst de Twadde Wrâldoarloch nei de ein rint skriuwt Matthijs Vermeulen (deiboek-brieven) oan syn sike frou Anny. Se wenje dan yn Noard-Frankryk. De toan is sa yntym en tear dat jo dizze teksten hast net lêze doare. Anny stjert en letter sneuvelet harren soan Josquin. De oankeap fan Het enige hart, de oangripende deiboeknotysjes fan komponist Matthijs Vermeulen tusken 1 septimber 1944 en 1 septimber 1945, datearret út in perioade dat ik drok dwaande wie mei Nederlânske komponisten.

No ja, dwaande, passyf dwaande dan. Ik mei graach nei muzyk harkje en deroer lêze. It is in belangstelling dy’t boppedat gjin grinzen kin: jo fine altiten wol wer in gebiet dat nij foar jo is en dêr’t jo dan wiidweidich yn omstrune kinne.… Lês fierder