Friduwih Riemersma

Yn it each fan de lêzer

logo.ensafh

Der binne grif in protte ferhalen wêryn’t in boek de haadrol spilet. Se bedarje net yn de boekhannel want se binne net útwurke sa as De namme fan de roas, dy’t oer in hiele bibleteek giet mei in moard deryn foar it mystearje. Se binne wûnderlik mar ferfeelsum en se gean fan: “De bibel foel fan it nachtkastke ôf en doe…” Wy hawwe in boek, mei de titel Dit boek sit fol mei spinnen, dat ik wol kocht haw mar noait betelle. Doe’t ik dat ûntduts wie it al te let om de bank te warskôgjen dat der wat misgien wie.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

De man fan seis krúskes

logo.ensafh

Oan de keukentafel yn ús pleats oan de Marijkemuoiwei yn Oranjewâld seach ik him fytsen. Rûntsje nei rûntsje. Wy neamden dat: de KI om, neamd nei it KI stasjon oan de Bieruma Oostingwei. Fia de Domineessingel en dan wer oer de Marijkemuoiwei. In kilometer as fiif. ‘Yep is ek wer oan it trenen,’ sei heit dan. Winterdeis seach ik him op tv, it wie de tiid fan Hilbert van der Duim, Frits Schalij en Hein Vergeer. Stik foar stik better as Yep, mear talint. Mar Yep joech it net gau oer, dat past net by in Kramer. Yn 1996 wûn er it nasjonale kampioenskip maraton op natueriis op it Ermerstrand yn Drinte.… Lês fierder

Willem Winters

Kut

logo.ensafh

Hearre jo noch wolris dat immen it hat oer trijeletterwurden?
It wie yndertiid al hiel wat at immen it begryp trijeletterwurd yn it iepenbier doarde te brûken.
Elk wist dan wol dat it net gyng om trijeletterwurden yn it algemien [rom, bom, jim], mar om kut, lul en kul. Yn guon rûnten koe men dy wurden net útsprekke. Dat wie taboe. Ik haw it no oer myn legere skoalletiid, begjin jierren ’50, skoalle Porte op It Hearrenfean.… Lês fierder

Jelma Knol

In sublym Artvark en in aventoerlike sopraan

logo.ensafh

Oait ûntdekte ik it Festival foar Alde Muzyk. Mei in recorder en kasettebantsjes yn de oanslach siet ik by Radio 4 om elk konsert op te nimmen dat útstjoerd waard. Handich dat de measte konserten foar it skoft sa’n 45 minuten duorren en nei it skoft op ’e nij en dat de ynliedings by de muzyk en it applaus nei ôfrin faak sa lang duorren dat ik presys in a- en b-kant mei allinne de muzykútfiering opnimme koe. Ik haw noch trije laden fol mei dy bantsjes en guonnent draai ik noch wolris. Wat moai wie waard einleas griis draaid. De foar my minder nijsgjirrige muzyk levere bantsjes op dy’t op ’e nij brûkt waarden.Lês fierder

Friduwih Riemersma

Boekpromoasje

logo.ensafh

De ferkeaper op de lapemerk rôp: ‘Ine mine… trampoline!’ Ik woe him freegje oft syn gerdynstof better ferkeapet at er ûnsin oer de merk raast. Mar ik hold my stil, it docht ommers bliken dat in ekspressive aksje likegoed in ynstrumintele funksje hawwe kin yn de ferkeap fan in produkt. Quentin Tarantino fertelde op Channel 4 News net hoe prachtich at syn nijste film is, mar hy spuide nei de ynterviewer haatlikheden dy’t op Youtube yn noch gjin fiif dagen oardelmiljoen views opbrochten. Boeken, dat wol sizze romans, komme net sa gau op it nijs as films, mar ik seach dat boekpromoasje tsjintwurdich wol mei fideomedia giet.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Ferantwurding

logo.ensafh

Stel je no ris foar dat Adolf Hitler noch libje soe. Of Stalin. Of Idi Amin.

Om ris mei dy lêste te begjinnen, dat wie my der ien. Bokskampioen swiergewicht fan Oeganda fan 1951 oant 1960. Gjin man om spul mei te krijen. Doe’t er yn 1971 diktator waard, beneamde er himsels mar ta ‘presidint foar it libben’.
Wy kenne de man as ‘de slachter fan Afrika’, en dy beneaming komt tichter yn de buert fan wat de man wie. It binne wat rûge skattings, mar sa’n 300.000 minskelibbens hat er op syn gewisse. Yn 1979 foel syn kaartehûs om en flechte er nei Libië en letter nei Saoedi-Arabië, dêr’t er mei syn fjouwer froulju libbe oant syn dea yn 2003.… Lês fierder

Daam de Vries

Straalkanker

logo.ensafh

Yn Japan ite se hynstefleis. Yn België ek, al doare se it dêr sa net te beneamen. By ús wurde jo sa njonkelytsen as krimineel beskôge as jo allinnich al fertelle dat it sa’n 35 jier lyn grut feest wie as ús heit ris mei hynstefleis thús kaam. Wêr’t er it wei hie wit ik net, wêr’t it hjoeddedei noch te krijen is alhielendal net. Us hapkes binne ingeltsjes wurden fan Griet Wiersma besongen.

Maneezje. Romme, skjinne boksen. Binnenbak. Bûtenbak. Lessen. Sealkeamer. Aardige froulju (de measten). It is in wrâld op himsels dy’t foar in grut part in eksakte kopy fan de maatskippij is, al kipet it rabjen der wat út.… Lês fierder