Daam de Vries

Ik hâld myn folk net foar it lapke

logo.ensafh

Rûchwei ha wy twa soarten sensuer: saken dy’t ferbean wurde en saken dy’t ús oplein wurde. Meast tinke wy by sensuer oan it skreaune wurd mar dat hoecht wat my oanbelanget net.

It twa kear beëdigjen fan ministers moat om’t it folk sjen kinne moat dat ien en oar wier bard is. Earder mochten wy soks net sjen. Dat wie sensuer. Dizze toanielspilerij is dat fansels likegoed. Yn in wat slimmere mar foar it each tûkere foarm.

It komt leau ik hjoeddedei net mear foar, mar foarhinne moasten de skoalberntsjes ferplichte rjochts skriuwe. En dat waard der nei’t ik mien yn slein.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

Kasten en boeken / De wrâld draait troch

logo.ensafh

Kasten en boeken

Foardat wy op reis sille – alve steaten en 9000 km – beprate wy it tal boeken dat mei moat. Anneke hat in geweldich tempo en hellet soms wol in boek deis. Dat soe betsjutte dat der 77 boeken mei moasten. Probleem is: wêr moat ik se opbergje yn de kemper mei in beheind tal kasten. Freonen reagearren ferheard: dan is dochs in e-boek reader in útkomst foar jimme. Dêr kinst in hiele biblioteek yn dwaan. Ja, dat is sa, dus wy nei de boekwinkel. Dêr wiene se útferkocht. Fiif dagen foar ús fertrek koene wy sa’n apparaatsje helje.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

Tinzen yn Aix / Neat

logo.ensafh

Tinzen yn Aix

Guon plakken ride jo altyd oan foarby. Sa’n plak wie foar ús Aix en Provence. Nea by stilstien dat it in moaie stêd wêze koe. Dat it moast der no mar ris fan komme. Yn de touristyske folders lêze wy dat hjir it atelier fan Paul Cézanne te besjen is. Paul Cézanne (1834-1906), ik bin sljocht op syn wurk, benammen it monomane, it ekstreme derfan.
Hoe faak net hat hy dat hoekje fan de wei mei in hûs skildere? Fruit, yn it bisûnder appels, altyd mar wer kamen dy appels op it doek. En dan al dy skilderijen fan de berch Sainte-Victoire
Hy ûndersocht de relaasje tusken de dingen yn de wurklikheid en dy yn ’e skilderkeunst.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Haadpriis: in deakiste

logo.ensafh

Myn earste kollum foar Ensafh. Doe’t ik frege waard oft ik wol ris in stikje skriuwe woe, ha ’k dêr lang oer neitocht. Sa lang dat der in stik as wat mails op my ta kamen, sa fan: bist hast út ’e rie? Ja, mar ik skriuw leafst net oer literatuer, dêr wurdt al sa’n soad oer skreaun. Dat wie gjin probleem.
Sil ik it mar oer literatuer ha, dan? Of lektuer. Ek goed. Komt er.

Foar my leit in glossy. Ien mei fan dy krekt wat te glêde siden. De Linda, de Foppe, jim kenne se grif. It komt der faak op del dat der gjin flikker yn stiet en dêrom binne se net oan te slepen.… Lês fierder

Willem Winters

Feneetsje

logo.ensafh

Yn Feneetsje koe ik myn 250e sniebol skoare, in gondel mei dêrin in lytse bol mei ek in gondel.

Oeral yn ’e stêd waarden deselde sniebollen oanbean. Mar by de iene winkel wiene se wol twa kear sa djoer as yn ’e oare en dat wie ek sa mei in gleske bier. En Annek moast € 1,50 betelje for it pisjen.

Fierder duorret it in skoft foardatst dy realisearrest dat de hiele stêd yn it wetter stiet. Patricia Highsmith hat in prachtich, grouwélich ferhaal skreaun oer in ferwûne rôt yn de kelders fan Feneetsje. Mar rôtten hawwe wy dêr net sjoen.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Boeken yn de trein

logo.ensafh

In freon hat foar op reis in e-reader kocht mei 4000 boeken. Hy is noait lang ûnderweis of fan hûs; it wie grif in ‘refuse to choose’-oanbieding west fan in online boekhannel. “Ja, in bulkoanskaf komt tiidslinend wifkjen foar, want, al is der software foar in persoanlike kar, it beslút hokker boek komt hielendal op josels oan,” rjochtfeardige de freon mei de e-reader syn yndifferinsje, “nammers lêze dogge jo allinnich.” Dochs liezen myn soan en ik tegearre yn de trein. Hy lies my stikjes foar út Tom Sharpe syn The Great Pursuit en ik him út myn bondel fan antyrealistyske filosofen.… Lês fierder

Anneke van Renssen

Kultuer

logo.ensafh

Acht wike op ’en paad, en gjin museum fan binnen sjoen. No ja, ien lytske, yn Slowakije. En in bytsje yn Praach rûndangele. Dat kinst gjin kultuertoerisme neame. Foar de rest: hynder-en-wein yn Roemenië, âlde trekkers yn Servje en Montenegro, hege bergen en djippe dalen, frjemde aventoeren en dêr foaral fan genietsje. Mar sa’n lange reis sûnder kultuer koe fansels net. Doe’t wy yn Itaalje bedarren dan dochs mar op nei Feneetsje, want ast it oer kultuer hast… Wy wienen eefkes ferjitten dat wy der goed fiifhûndert kilometer foar omride moasten en ek noch oer de autodyk, oars wie it hielendal net te dwaan.… Lês fierder