Anneke van Renssen, Willem Winters

Omreizgje / Húsdier hûn

logo.ensafh

Omreizgje

Ik bin gek op omreizgjen en Willem gelokkich ek, dus wy mar wer ‘s op ‘en paad, dizze kear mei ús bus nei de Balkan en Itaalje. Neist Roemeenje, dêr’t Willem in man de grize joech omdat hy in swerfhûn imitearre, wie Montenegro in topper. Nea witten dat it der sa moai is. Mar ja, fan Montenegro nei Itaalje is oer lân in hiel ein. Dan de boat mar, fan Bar nei Bari. Doe wy de oerstek boekt hiene (in makje) mar eefkes sjen nei de boat. In prachtige boat, neat mis mei. De oerstek soe om tsien oere jûns wêze, maar wy moasten der al om acht oereferskine.… Lês fierder

Daam de Vries

Kutbinde, dy beropsfriezen

logo.ensafh

Sawat hiel bestjoerlik en amtlik Nederlân is gear oer de kwestje Haren. De fraach is hoe’t ien en oar sa healwiis beteare koe. Myn buorjonge – ien út in modelhúshâlding – hat der ek hinne west. ‘Even de ramptoerist spelen,’ twittere er.

Fan ferskate kanten wurdt mei klam wiisd op de rol fan de sosjale media. Dy hiene wy hjir oars fjirtich jier lyn al. Kaam de knokploech fan Bitgum de Ingelumer kant út. Soks wie – freegje my net hoe’t er it hie – bekend by plysje De Jong. En dêr hiene wy as jonkjes fan in jier as tsien-tolve in soad respekt foar.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Eefkes thús / Fakânsjefoto’s

logo.ensafh

Wy binne oan in grutte tocht begûn, dwers troch Europa. Dútslân, Tsjechje, Slowakije en Hongarije hawwe wy no hân. Wy binne yn Roemeenje. Ik moat earlik tajaan dat fan alle foaroardielen dy’t ik heard hie (en sels foar in part ek hie), de measten wier blieken: se ride hjir as gekken, moatst om dyn guod tinke en ast eefkes stoppest hast fuort tsien ferskriklik smoarge bern om dy hinne dy’t jild wolle. Euro’s, gjin Leis. Se dogge it hjir net foar minder. De diken binne yndie min (mar net oeral) en it is in keunst om hinnen, guozzen, hûnen en katten te ûntwiken, en dan hast noch de boeren dy’t har mei hynder-en-wein yn it ferkear stoarte.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Ik bin al delsketten

logo.ensafh

De buorman frege at ik foar syn skodoarteater in stikje skriuwe woe. It moast gean oer in ferneamde held fan my dy’t fan syn fuotstik foel. Dy hie ik net paraat. In oantinken oan sa’n ien like my tsjinstridich; ien hoedet syn sosjaal oansjen foar diskredyt troch te besykjen in fallen held út de histoarje te feien. Lykwols belove ik der oer nei te tinken. Myn puberale listke Favorite Manlju, yn de kategoryen Dea en Libben, soe einlik syn nut bewize kinne. It ferskynsel fan de heldeferearing wie miskien nijsgjirrich. Myn helden en harren ûntearing wienen inoar grif opfolge troch de jierren hinne, nei alle gedachten faak om deselde reden fan ûnfolsleinens.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Kaninefaten prate bryk Frysk

logo.ensafh

Elske Schotanus hat, yn de Moanne, in stik skreaun nei oanlieding fan Willem Schoorstra syn pamflet, of leaver noch syn ferklearring: Oer erfskip en nasjonaliteit. Schoorstra leit yn dit stik út wêrom’t er ôfstân docht fan syn Nederlânske nasjonaliteit en dêrfoar yn plak de Fryske nasjonaliteit oanimme wol.

Schotanus hat har artikel, mei as titel: Nederlands staatsburger, nationaliteit: Kaninefaat yn it Nederlânsk skreaun. Dat meie jo wol as in provokaasje opfetsje, tinkt my. Mar it is ek in statement: Elske fielt har Nederlanner, en net sa sear Fries. Se kiest partij foar de hjoeddeiske (oer)hearskers.

Dizze auteur skriuwt har boeken oars al yn it Frysk, net yn it Nederlânsk.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Gjin keunst / Kassel, as wetter fan in ein

logo.ensafh

Gjin keunst

Simmer 1968. Ik wie op fakansje mei myn oansteande. Nei Lúksemboarch, Vianden. It wie de tiid fan ‘De Praachske Maitiid’ en sels yn Lúksemboarch stienen de kranten fol mei ynformaasje oer de Russyske ynfal. Oansteande hie der gjin each foar. Hy woe allinnich mar in bytsje op syn brommerke toere, frije en ûndertusken my dúdlik meitsje dat de slang Eva wiswier tasprutsen hie. Oansteande wie in kreaze leauwende. No ja, kreas… Ik hie ûnderwilens swierrichheid dêr yn Lúksemboarch. Ik wie krekt wer yn ’e kunde mei Willem kaam en woe Willem earlyk sein dochs folle leaver as in kreaze leauwende.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

De hûneman fan Noardburgum / Bisteboel

logo.ensafh

Syn twadde boek is der no dochs (no dogs?). Ik haw it oer Evert Jan Terburg, dy’t sa’n heale ieu ferlyn Amsterdam ferliet en him op ’e Falom fêstige. Al fuortdaliks wienen it bisten en nochris bisten op it hiem. In herder, in Eskimohûn, in poalhûn, in tekkel, parkiten, tropyske gaaien, hinnen, in foks, in pappegaai, poelepetaten, slangen, katten en op de keap ta rotten. Dy poalhûnen wienen wyld en sterk. In buorman, dy’t ek sokke meunsters hie, spande se foar in Messerschmidt. Drave!
It hiem wie al gau te lyts om mear bisten oan te tugen. Foar de hûnen makke er kennels, doe koenen der noch twa poalhûnen by.… Lês fierder