Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (9): In krante dy’t om sensuer freget

logo.ensafh

Jo sille grif tinke: wat is dat no wer foar ûnsin, dy kop fan dizze kollum! Mar nee, it is wier… Want wat skriuwt op 04-09-2024 redakteur fan de Ljouwerter Krante Irene Overduin yn in redaksjoneel kommentaar? ‘Hulde voor het openbaar ministerie in Frankrijk, de opperrechter in Brazilië en de nationale politie van Zuid-Korea.’ It giet hjir om it sensurearjen en sels ferbieden fan de sosjale mediaplatfoarmen Telegram en it eardere Twitter, X.

Overduin mei wol oer soksoarte twangmaatregels. Ommers, der binne hiel stoute minsken, dy’t dêr hiel nuvere berjochten pleatse! O, godskes, der binne sels kriminelen, drugshannelers en neam mar op dy’t gebrûk meitsje fan dizze kanalen!… Lês fierder

Anne Feddema

Feddema mei syn blikjes en fleskes

logo.ensafh

Efkes koart troch de staasjejildbocht: Hokker lannen yn Jeropa dogge oan staasjejild?…………bel!!..tiid is om. Hjir komme hja:
Dútslân, Denemarken, Sweden, Noorwegen, Finlân, Estlân, Litouwen, Yslân, Skotlân, Kroaasje én wy dus. In behoarlik grut oantal spilers kent dit stelsel fan moreel hanneljen alsa net. De reden hjirfan sil foar dizze lannen tinktmy net in soad ferskille fan de reden wêrom it yn’e goedichheid sa ferrekte lang duorre hat foar’t wy der mei begûnen. It klaaien fan bedriuwen , supermerken, de sabeare produsintenlobby ensfh. We binne der net klear foar ( nee fansels…dêr moatte jo eat foar dwaan ) it kostet jild…( ja, jo moatte wat oer hawwe foar in bettere en duorsume wrâld ).… Lês fierder

Jemke Visser

Kjirrrr …!

logo.ensafh

Sa út en troch gean ik nei it bosk Turkije/Grikelân tusken Âldtserk en Oentsjerk, dat eartiids oanlein is troch de Van Sminia’s mei de opbringst fan Turkse steatsobligaasjes en benammen bedoeld wie foar hakhout. Myn pake dêr’t ik nei ferneamd bin, wie dêr as boskwachter yn tsjinst by de Van Sminia’,s dy’t residearren op bûtenpleats De Klinze.
Myn heit en syn twa bruorren as túnman wiene dêr ek wurksum. De bruorren binne altyd yn Trynwâlden wenjen bleaun, mei letter noch in grutte túnkerij efter Stania State.
Yn myn jongesjierren wie ’k der faak útfanhûs. Lâns de bekende paden hear ik yn gedachten dan wer de ferhalen oer adellike jachtpartijen en streupers.… Lês fierder

Giny Bastiaans

De roas

logo.ensafh

It hie der oerdei te waarm foar west. Dêrom gie ik jûns noch efkes it natuerpaad op dat njonken it spoar rint. Heal oerke hinne, heal oerke werom. Healwei rint in sydpaad mei gers. Dêr fyn ik gauris in klaverke fjouwer. It wie der noch krekt ljocht genôch foar. En ja, dêr hie ik wer ien. Foarsichtich lei ik it klaverke yn it omkaft fan myn tillefoan. Sa koe ik it thús kreas tusken it papier fan it Fryske Wurdboek lizze.

Eefkes fierderop, tusken de struken, bloeide samar in reade roas. Twa prachtige blommen leinen oer it paad, folop yn bloei.… Lês fierder

Jemke Visser

Noch even nei it strân

logo.ensafh

Ik wie yn ’e buert, dus ried ik oan ’e ein fan in simmerske dei noch even út ús foarige wenplak Alkmaar wei nei ien fan de Noard-Hollânske strannen, dêr’t wy destiids gauris wiene mei ús bern.
It wie der net bot feroare en ek net botte drok mear. Krekt as eartiids hong op it terras noch in hantsjefol wat wurch eagjende strângasten om. In ‘dagje naar het strand’, hoe noflik ek, sakket altyd wat yn ’e skonken.
In net al te jong mear, ridlik foars frommes yn in luchtige wiidfallende swarte jurk en mei opfallend grutte, rôze earringen socht in geskikt plakje.… Lês fierder

Anne Feddema

Keunstmjittige Yntelliginsje

logo.ensafh

Mei titel en ûnderwerp kin ús brein fuort al alle kanten op. It krijt net alle dagen dit Frysk ûnder eagen, ék it Nederlânsk: Kunstmatige Intelligentie nammers net … wat sjocht it brein wol gauris?
Jawis, it akronym ( wat ?) AI … Artificial Intelligence … lêze wy yn in Fryske tekst hieltyd KY, dan tinke guon lêzers út ’e Lânbou en Feeteelthoeke faaks dat de tekst oer Keunstmjittige Ynseminaasje giet … foar dy primêre driften is net in hiel soad yntelliginsje fereaske.
Mar hjir woe ik it hielendal net oer hawwe mei jimme. Wat betsjut KY foar de keunsten? … Ik hâld it dan foar ‘t gemak mar efkes by de hillige trije … net lilk wurde oer de folchoarder lêzers … set jim eigen brein mar yn ’e spegelmodus … Byldzjende Keunsten … Muzyk … Literatuer.… Lês fierder

Jemke Visser

In libbensgenieter

logo.ensafh

Gewoane minsken hat men it woris oer. Wilders neamt harren Henk en Ingrid. Dat is de grutst mooglike kolder, want wat is gewoan? Dêr hat eltsenien in oare miening oer. Eins is ‘gewoan’ neat oars as wat saai, kleurleas. As je om je hinne sjogge falt it op dat der ‘hiel gewoan’ genôch nuveraardich folk is, sa as dizze libbensgenieter okkerdeis yn ‘e supermerk.
Efter in winkelweintsje swalke er mei breed útwaaierende stappen lâns de skappen. Hy die dat yn in soarte fan walstempo, yn trijekwartsmaat. Syn holle die mei, lykas syn hiersturtsje, strak nei efteren lutsen út in flinke, al wat grize bosk hier wei.… Lês fierder