Tryntsje van der Steege

Om de lea getten

logo.ensafh

Wat in protte froulju hawwe mei har kleankast, datselde haw ik mei myn boekekast. Der stiet mear yn as goed foar my is en ik stean der withoefaak foar en haw gjin flau benul wat ik der út pakke sil. Yn stee fan ‘sa folle om oan te dwaan, mar neat dat past’, ha ik faak lest fan ‘sa folle om te lêzen, mar neat dat past’…
Krekt as klean moat in boek passe. De outfit dy’t my omklaait foar de dei moat goed fiele en noflik sitte; in boek dêr’t ik mysels yn ûnderdompelje – faaks langer as in dei – moat oan deselde kritearia foldwaan en strike mei myn moedstastân.… Lês fierder

Skermer

Sjoch!

logo.ensafh

Yn it boek Nietzsche, een biografie van zijn denken, fan Rüdiger Safranski lês ik dit: ‘Myte en mytologisearjen is in byldyntinsive sinjouwing fan wat oars sinleas is. Wat de mytefoarmjende potinsje fan it bewustwêzen hieltyd op ’e nij útdaget, is de ûnferskillichheid fan de wrâld.’

Mar is de wrâld wol ûnferskillich? Is it miskien sa, dat de mins foar de wrâld de ûnferskillige is. Is de mins net gewoan allinne mar ynteresearre yn himsels, hat er net gewoan allinne mar mei himsels te dwaan? Soe it net sa wêze, dat it probleem is dat de mins himsels net iepenstelle kin, sa’t de wrâld dat ek net kin.… Lês fierder

André Looijenga

Fan op in kreake

logo.ensafh

Galerijen en balkontsjes mei ik wol lije. Dêrfan delsjen op wat ûnder bart, is krekt as op in barokke plafonskildering mei om ’e hanneling hinne herntsjes mei taskôgers. Minskjes sjogge nei de midden, wize op wat aparts, jouwe fansiden kommentaar op it hiele teater.

Allyksa fielde ik my okkerwyks op it Boekefeest, doe’t ik de omgong mar ris opsocht foar in better sjoch op it toaniel. Op ’e kreake hiene boekelêzers, en guon skriuwers ek, har drapearre op stuollen en de houten sitsjes oan it stek. De keunst fan it taskôgjen, it fansiden wat praten as potlead-oantekens yn in marzje. Ek ik joech my del, op in kessentsje rjocht boppe it poadium.… Lês fierder

Jelma Knol

Krús of munt

logo.ensafh

‘De provinsjale amtner is no moai nei it húske, dus wy kinne de nammen fan de fiif lêste kânshawwers wol even ûnderinoar beprate.’
‘Mar wy moatte wol de nammen feroarje, want de keamer hat ek earen. Alles lekt hjir dat it sta seit. En wy soene der yn oktober út wêze.’
‘Konkreet dan: Sytse falt ôf neffens de kêsten omdat syn masterwurk Moerlân mear as fjouwer jier lyn publisearre is. Tuskentiids hie er gjin nije publikaasje.’
‘Bourdieu leart ús dat in sjuery him earst echt ûnderskiedt troch mei in namme te kommen dy’t gjinien ferwachte hie. Hawwe Erwin, Bonpipa en Gjetske destiids hiel goed begrepen.’… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Pieck en Rackham/Dada Wykein

logo.ensafh

Pieck en Rackham

Hoe moatst dit neame. Is it minne keunst of is it keunstich tekenwurk?
Wy wiene yn Hattem fanwege it Anton Pieck Museum. Want Pieck hat my yn myn jonge, jonge jierren knap yn ‘e besnijing hân mei syn fantastyske printen by de Sprookjes van Grimm. Inkele fan dy kleureplaten spoekje my noch altiten yn ’e harsens om.
‘De oude Lucifer is met Speelhans aan het spelen.’ Hokker wêzens meie dat wol net wêze? De twadde print dy’t my de grize oer de grauwe besoarget is dy mei in grauwélige draak, dy’t boppe in skip hinget, de jager sjit op him.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

To tab or not to tab

logo.ensafh

Sa. In kollum foar de digitale edysje fan Ensafh. En dy lêze jo dan op it skerm fan jo desk-, lap- of palmtop kompjûter – of op in tablet. It skriuwen fan dit stikje bart op myn âlde trouwe laptopke, dy’t mei har boujier 2003 al aardich heech op jierren is. Dizze dierbere freondinne beheart (om net te sizzen: behearst) myn hiele libben; se hat ûntelbere foto’s opslein, likefolle mailtsjes ferwurke, en hat my troch trije stúdzjes hinne holpen. Mei har lêste krêftsynspanning ha we tegearre fan’t simmer myn mastersskripsje folbrocht, en no leau ik dochs dat har tiid sa stadichoan kommen is.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

De lullensnijders / Hottefyljen

logo.ensafh

De lullensnijders

GETVER, sei ik doe’t ik 13 juli de krante lies. Op ‘e foarside stie: ‘Amerikaanse vermaalt penis van echtgenoot’. Dat ôffykjen fan de pimel komt faker foar. It begûn al mei dy Japanske film, L’empire de sens. Man en frou hawwe wurchseks, sy smoart him ûnder it neuken en snijdt dan syn apparaat ôf, docht it yn wat lapen en rint dan dagen oanien, alhiel fan ‘t sintrum, troch de stêd.
It gefal fan Bobbitt is bekend; him koe it spul wer oannaaid wurde. Dizze Amerikaanse woe dat foarkomme en stoppe de lul yn ‘e itensrestefermealer, der wie neat mear mei oan te fangen.… Lês fierder