Cornelis van der Wal

De kiste fan oerpake

logo.ensafh

Ik kaam, it wie ein ferline jier, yn it besit fan in grutte kiste dy’t oarspronklik by ús oerpake fan memmekant wei kaam. Oerpake hjitte ek fan Cornelis, Cornelis van der Meulen om krekt te wêzen. De kiste hie al dy tiid by omke Hindrik ûnder it bêd stien en nei dy syn ferstjerren woe de famylje al dy âlde brot it leafst daliks fuortsmite. Lykwols, om’t der ek papieren en boeken ynsieten waard de swiere, skimmelige kiste by my besoarge, want ik wie ommers mei boeken en ek wol mei ‘gedichtsjes’ dwaande, dat faaks koe ik der wat mei.

Mei in soad lijen en stinnen sleepten trije fan myn omkesizzers it gefaarte de treppen op.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

Meganika/Reparaasjes

logo.ensafh

By de yntelliginsjetest op de legere skoalle moasten wy útfine hokker kant in searje kamrêden opdraaiden as de earste linksom gong. Soks koe ik noch neikomme. Mar in horloazje útinoar helje en wer yninoar sette, dat is oare tee.
Fierder ferknoeide ik al reparearjend achterassen fan fytsen, benammen dy mei Sturmy archer fersnelling, balpinnen, fulpinnen, radio’s, in stofsûger, in analooch fototastel, ensafh.
Us heit hie in pear technyske boeken oer automotors, dêrút probearre er my oan it ferstân te bringen hoe’t sa’n motor wurke. Ek dat koe ik foar in grut part – de ûntstekking, it oansûgjen fan brânstof, de silinderslach – neikomme.… Lês fierder

Jelma Knol

Pluk fan de Petteflet: it evangeelje foar bern

logo.ensafh

Fan Annie M.G. har libben wist ik foar de biografy fan Annejet van der Zijl ferskynde allinne in pear globale feiten: dat se in dûmnysdochter út Seelân wie, bibliotekaresse waard en dat har gloarjetiid flak nei de oarloch by it Parool begûn. Ik haw har ienkear yn it echt sjoen: yn Amsterdam, yn de bioskoop by de ferneamde film Mephistofeles mei Klaus Maria Brandauer. Dêr skode se yn de rige foar my oan mei Parool-kollega Jeanne Roos. Ik werkende de froulju daliks. Wat hiene se in wille mei har beiden, foar de film begûn! De grumpy old-lady dy’t Annie M.G. yn de lettere televyzjesearje foarstelle moast, wie noch hiel fier fuort.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

z o j b p /Blyn type

logo.ensafh

Wa kin der no net type? Yn hokker húshâlden stiet no gjin kompjûter!
Dat wie eartiids oars. Ik wit gjin famylje út myn jeugd dêr’t in typmasine stie. Myn earste typmasine kocht ik op in feiling fan de Domeinen yn 1972. Ik hie net op de sichtdagen west, ik rûsde mar wat. Foar 75 gûne, krige ik trije masines, by de ien sieten de letterstangen alhiel yn ’e knoop, de oare wie yn in minne algemiene kondysje, de tredde wie goed. In bakbeest fan in ding, in Remington út de jierren ’50. Bytsje oalje deryn en ik koe type. Dat wie needsakelik wurden troch in dosint Sosjology, dy’t it wegere om hânskreaune stikken te akseptearen.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Hassesboek

logo.ensafh

Sûnt koart sit, om ús nammebekendheid wat te fergrutsjen, jo favoryt tydskrift ensafh op netwurkwebside Facebook. Facebook, dat is Ingelsk. It is frijwat dreech om it oer te setten yn it Frysk, nei myn betinken. Antlitboek? Brr… Hassesboek? Is eins Stedsfrysk en in bytsje te rûch foar de measten tink, ik fyn it wol aardich, mar it kin faaks noch better. De yn ús lân meast gongbere ‘oersetting’ kin ek yn it Frysk brûkt wurde: Feestboek, mar dat slacht fansels nearne op.

Ik, as persoan, as minsk dus sis mar, haw in jier by Facebook wei west, om’t ik it eins mar neat fûn, ik seach de mearwearde net.… Lês fierder

Skermer

Oan ’e ein fan it seehaad

logo.ensafh

Wêrom rin ik altyd oan ’e ein fan it seehaad ta? Ik sil ommers gewoan weromrinne. Foar Piet Paaltjens lei dêr in boat klear: ‘Hy wie it sels, de weiwurden mar ûnstjerlike Piet Paaltjens …. ‘Piet!’ gûlde ik foar de tredde kear en sprong, dwars oer de triennen dy’t my ûntrôlen, op him ôf.
Te let. Doe’t ik by it pealwurk wie, wie Piet al yn in boat stapt en glied hinne yn ’e rjochting fan Skiermuontseach. Ik woe achter him oan springe en him achternei swimme, mar seach fan dat foarnimmen ôf, want it kaam my yn ’t sin dat ik, as ik it wetter yn gean, foar de gewoante ha om te fersûpen.’… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Maartje en Arabella

logo.ensafh

Ik bin in grut leafhawwer fan klassike muzyk, dêr meitsje ik gjin geheim fan, al is it fansels, krektlyk as de Fryske taal, net cool. Ik haw dus in dûbele handikap. No hat ús lân, wat de publike omrop oanbelanget, al sûnt 1975 in klassike stjoerder: Radio 4, it eardere Hilversum 4. Ik mocht der altyd graach oer. Sûnt in jiermannich wurdt it beharkjen fan dizze stjoerder my hieltyd dreger makke, en dat komt troch wat ik graach mei in slim, bûtenlânsk wurd Verblödung neam: jo moatte foaral net te djip dolle. Dat hâldt dus yn: gjin komplete stikken mear draaie, flauwe radiospultsjes en, ik doar it hast net op te skriuwen: Maartje van Weegen.… Lês fierder