Jelma Knol

Ald jaske

logo.ensafh

It Frysk is krekt in âld jaske, foar yn hûs, de keuken en de tún. Der komme hieltiten mear gatten yn, mar wy smite it noch lang net fuort. Wy hâlde sa fan dat âlde jaske, it sit sa lekker en rûkt hielendal nei ússels. Soms laapje wy it wer even op: wat ekstra stevich jern om de naden byinoar te hâlden en nije stikjes lear op de earmtakken en dan giet it jaske wer jierren mei. Mar net nei offisjele gelegenheden, fansels.

Ea – noch net iens sa lang lyn – wie der in ideaal: it Frysk is in folsleine taal, gaadlik om te brûken foar alle ûnderwerpen en yn alle fermiddens: thús, op skoalle, yn de polityk en de wittenskip.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

Dr8888

logo.ensafh

Dr8888

Dr8888 is Dr8888, Dr8888 is Dada, Dada is Dr8888.
Dr8888 is it meartal fan Dr8. Op It Hearrenfean hawwe se ien Dr8, wat net itselde is as iendr8, Dr8888 hat mear as ien 8.

Sa kinne wy noch wol in setsje trochgean, w8888, tr8888, ferw8888, fers8888 ensafh, it is een aardich dadaspultsje. Fansels kamen we der op doe’t wy de eksposysje fan Thijs Rinsema en tiidgenoaten yn Museum Dr8888 besochten.
Prachtich om al dat dadaspul wer ris te sjen, hoewol’t wy it idee hiene dat op de Rinsema-útstalling út 1980 [fan Thom Mercuur] noch hiel wat mear wurken te sjen wiene.… Lês fierder

skermer

Mystearjes

logo.ensafh

It is april, mar it is simmer, heech simmer eins en dat wylst de beammen noch lang net fol yn it blêd sitte of sels noch keal binne, de jonge knotwylch noch útrinne moat,
Hearlike dagen belibje wy, mar dit kin net goed komme fansels.
Tinzen komme en gean, lit jin der net troch meislepe.
Is men ien kear oer in grins, dan is men ferlern.
Ik lês it boek Mystearjes fan Knut Hamsun. De haadpersoan ferkeart op ’e grins fan selsmoard, hat dêrta in fleske blausoer yn ’e bûse, giet yn it stedsje oan wâl, kletst elkenien de earen fan ’e kop oer wat mar by him opkomt, ferkeart yn ’e sande himel en donderet der wer út, leit it mei twa froulju oan, it is kranksinnich mei dy man.… Lês fierder

Willem Winters

Bauke de Jong 2

logo.ensafh

DeJiskebakjes fan Bauke de Jong

Doe’t ik lêstendeis socht nei ynformaasje oer en fan Bauke de Jong, fûn ik yn Tresoar, yn de knipselmap it stik Het Asbakje. It is in frjemd ferhaal wêryn’t jiskebakken en oare bakjes ta libben komme. It waard yn 1965 troch De Jong foarlêzen yn it Literair Kwartier fan ‘e RONO. It is de oersetting fan it oarspronklik Fryske stik, mar dat is net te finen.

Yn Asyl ferskynden fan him krityske stikken, benammen syn oanfal op de ferneamde E.B. Folkertsma – dy’t foar de oarloch anti-joadske stikken skreau – joech in soad opskuor.
Trinus Riemersma hat yn Hoe binne de helten fallen de wichtichste stikken oer dizze kwestje byinoar brocht.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Leafde, Detektive en Rou

logo.ensafh

Sûnt koart hawwe de bibleteken fan Midden Fryslân in soarte fan boekeklub online setten: De boekendeler. It mocht tink neat kostje oan sidebouwers en hosting, want de side draait ûnder it fergeze wordpress.com. Dat stiet oars al wat amateuristysk en suterich. It sil mei de besunigings te krijen hawwe.

Ik persoanlik diel myn eigen boeken mei gjin minsk, jo krije se ommers noait in kear werom! Mar goed, no sa, wat sil dat eins, dy Boekendeler?

Ik sitearje de side efkes:

‘Iedere week vindt u hier nieuwe recensies over interessante, leuke, leerzame of ontroerende boeken die door medewerkers van Bibliotheken Midden Fryslân gelezen zijn en dit boek graag aanbevelen.’… Lês fierder

Jelma Knol

Boeken fuortdwaan

logo.ensafh

Der moat mear romte yn de boekekast komme. De steapels nije oankeapen yn myn “studearkeamer” wurde te heech. Dat ik sjoch foar de safolste kear nei de twa planken mei Simon Vestdijk. Dy haw ik sûnt myn tritichste net mear lêzen. En eins haw ik allinne oan Ivoren wachters en Pastorale 1943 dierbere oantinkens. En oan de sadistyske Meneer Visser’s hellevaart, oan de sênes wêryn’t er in wylde ein tusken syn tsjeaken ferbrizelet en op de wc Robespierre tinkt te wêzen. Foardat ik it wit, sit ik wer te lêzen. Ik nim in ferhalebondel mei op bêd, ‘De oubliette’ en ‘Het veer’ moatte de trochslach jaan.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Kat en laptop

logo.ensafh

It wie tink sa’n tsien jier lyn, op in boekefeest yn dat freeslik ûngesellige Postplaza, dat de ferneamde skriuwer/dichter Steven H.P. de Jong my ris frege fan: “Hoe skriuwsto dyn gedichten eins?’ Ik miende dat er witte woe wêr’t myn ynspiraasje weikaam en hoe’t myn skriuwproses sawat yninoar stuts, dat ik luts in dreech gesicht, en begûn fan: ‘No ja, jo moatte in begjin hawwe, en…’ Mar it die bliken dat Steven witte woe wêrmei’t ik skreau, mei de pinne bygelyks? Mar foar’t ik dêr op reagearje koe waard my in glês bier yn ‘e hannen treaun. Dêr moast fansels fan preaun wurde.… Lês fierder