Willem Winters

Bauke de Jong (1)

logo.ensafh

De Fryske Ionesco

‘Ik hâld der mei op,’ seit de antikwaar.
‘Dat spyt my,’ sis ik.
Hy hat altyd nijsgjirrige dingen. Hy wit dat ik sljocht bin op kryptyske, seldsume, frjemde druksels.
Ik sneup wat lâns de rigen en ûnder op in steapeltsje fyn ik 3 harkspullen troch Tjitte Piebenga, Johannes Spyksma en Bauke de Jong, mei in ynlieding, dy’t lykwols achteryn te lâne kaam, fan Lolle Nauta. In útjefte fan Asyl út 1964 (literêr tydskrift 1963-1966).
77 siden avant gardistyske radiostimmen, stensille en fan in dadaeftige foarkant foarsjoen.
Soks fynst net alle dagen.

Piebenga lit twa manlju fan ’e merke, fan de autoscooters oan it wurd.… Lês fierder

Skermer

Fryslân/Ljouwert: kulturele haadstêd fan Europa. In oanbod

logo.ensafh

It is de dream fan Jannewietske de Vries. Lêsten op Omrop Fryslân yn in ferkiezingsdebat spegele har PvdA-kollega Konst it de lêzers ek nochris wer as wat neistribbensweardichs foar. Underwilens hat de provinsje immen oanlutsen om yn Fryslân de koppen de goeie kant út te krijen.

In pear wike lyn ha de wichtichste Fryske kulturele ynstellings de gemeente Ljouwert frege om de ambysje farre te litten om kulturele haadstêd te wurden. Dat soe net passend wêze om’t de stêd op kultuer besunigje wol en oars ek al net sa rynsk foar kultuer is.

De provinsje sil ek op kultuer besunigje.

It is tryst dat it de provinsje en kertiermakker Henk Keizer net slagget om mei wat te kommen dat ynspirearret.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

De trochbraak

logo.ensafh

Nei oanlieding fan it ferstjerren fan in wichtich Frysk skriuwer, yn dit gefal Trinus Riemersma, waarden de ôfrûne dagen ferskate deskundologen om in reaksje frege. Foarsafier’t ik it lêzen haw toande elkenien in soad respekt en wurdearring foar de literêre gigant út Frentsjer. Ien útspraak foel my op, ús literatuerbefoarderer hie it foar de televyzje fan Omrop Fryslân oer de altyd útbleaune trochbraak fan Riemersma yn it Hollânske taalgebiet. As reden neamde de literatuerbefoarderer it feit dat Fryslân troch lju fan bûten ús provinsje sjoen waard as in idyllysk gebiet, en de boeken fan Riemersma soene dat byld fersteure. Dêrom waarden syn boeken amper ferkocht bûten Fryslân, sa miende de literatuerbefoarderer.… Lês fierder

Jelma Knol

De maaitiid komt der oan

logo.ensafh

Fan alle linkse hobbys dêr’t guon partijen sa’n hekel oan hawwe, binne de literatuer en de wylde fûgels my wol it leafste. Yn stân hâlde kostet jild en it rendemint is altiten ûnwis. Yn dy sin binne it beide natuerferskynsels. De opkomst fan nije skriuwtalinten en ûnbekende fûgelsoarten liket eat dat spontaan ûntstiet, mar dat is fansels relatyf. It fernuveret my net dat jong talint yn Fryslân faak in foarbyld of stevige fiedingsboaiem hat yn de eigen famyljerûnte.  De talinten dy’t net yn sa’n beskerme sfear opgroeiden, binne eins de echte natuerferskynsels.
Nije fûgels (ik bedoel ferrassende ferskinings fan soarten dy’t hjir tritich jier lyn amper sjoen waarden) komme hjir omdat it klimaat feroaret.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Ivoaren toer yn it meanfjild

logo.ensafh

It is in diskusje dy’t allegeduerigen weromkomt: moat in aspirant dichter earst de skiednis en de technyk fan de dichtkeunst bestudearje, foar’t er sels de guozzefear of laptop brûkt foar syn poëtyske uteringen?
Yn de skilderkeunst, de musikology en de arsjitektuer is sa’n stúdzje fanselssprekkend en yn it ferline wie soks foar it dichtsjen ek de gewoanste saak fan de wrâld. Yn de jierren sechtich fan de foarige ieu is it oansjen fan de poëzij lykwols folslein ferpest troch de demokratisearringsbeweging. Hiel goed oars, dat dy beweging bestien hat wat de politike- en arbeidsferhâldingen oanbelanget. Mar keunst is net demokratysk.

Ik behein my mar efkes ta de Hollânske en Fryske literatuerskiednis.… Lês fierder

Willem Winters

De bisonbolle fan Herman Hana

logo.ensafh

Jo hawwe sa’n tritich, fjirtich siden ta jo foldwaan om eat te sizzen oer de skientme yn ’e skilderkeunst. Te min romte tink?
Yn it boekje De schoonheid in de Schilderkunst (út de rige Libellen, mei as motto Met een boekske in een hoekske, 1936), slagget Herman Hana (1874-1952) dêr wol yn.
Hana wie keunstskilder, tekender, reklameûntwerper en hy fersoarge boekbannen foar de WereldBibliotheek. Yn koart bestek wit er hiel wat sinnige dingen te skriuwen. Dêrby hat er in mjitlatte útfûn, dy’t superfluch oanjout oft der yn in bepaald gefal ja dan nee sprake is fan skientme.

Plaatsje 1 toant in stjerrende bison, in foarhistoaryske grottekening.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Holst op it kariljon

logo.ensafh

Ik hearde ferline wike op in jierdeifeestje dat it lûd fan tsjerkeklokken goed is foar it psychysk wolwêzen fan de minske. It hie wat mei geheimsinnige trillingen te krijen, of soksawat.

No, dat komt goed út, want it brûnzen lûd fan de klok fan de Snitser Martinitsjerke is hjir yn ’e hûs altyd in wolkomme gast. Ik wit net oft dy genêzende krêften ek foar it kariljon fan dizze tsjerke jilde, mar ik genietsje alle dagen fan it heldere tingeljen dat út de loft op my deldwarrelet.

Sûnt in pear moanne spylje de lytse klokken in nije meldij, en, wat kinne jo grutsk wêze om neat, ik werkende de meldij daliks: it kaam út The Planets fan de Ingelske komponist, al soe men dat oan de namme net sizze, Gustav Holst.… Lês fierder