Willem Winters

Sebrafinken

logo.ensafh

Wat in grouwélige idioaten om yn in drok kafee in kouwe mei 50 sebrafinken iepen te setten. Mei de dronken kop!
Sebrafinken noch wol. Sebrafinken binne de leafste fûgeltsjes dy’t ik ken.
Froeger al, doe’t ik noch op skoalle gong, hie ik in pearke yn in foliêre makke fan in âld dressoir. Dy bistkes wiene altyd sa tierich, it wiene ek hiel goeie brieders. Yn in omsjoch hiene se in nust mei aaien, gongen der om bar op sitten en dêr kamen de jonkjes al.
Prachtich fûn ik dat hiele proses.

Neffens de krante, it wie febrewaris, hie de kafeebaas de finkjes loslitten.… Lês fierder

Willem Winters

Peallen

logo.ensafh

Der wurdt in soad praat oer minsken dy’t te min nei keunst sjogge, mar kin it ek te folle wêze?

Yn de barm fan ’e Noardersingel, hoeke Spanjertsleane leine op in moarntiid de ûnderdielen fan in nij keunstwurk.
It is troch de gemeente Ljouwert oan de buert skonken en makke troch Ivo Nijering út Beetstersweach.
Hy betocht in konstruksje dy’t mei losse ûnderdielen – lykas Lego – nei alle kanten út te wreidzjen is. In soarte fan prefab-keunst fan fersinke izer, mei in pear flappen en in skeane kant mei in bytsje ovale plaat.
Mei bouten kinne de peallen ferbûn wurde.… Lês fierder

Skermer

Ynienen tocht ik it

logo.ensafh

Ynienen tocht ik it.
Ik wie de jûns nei iten mei de auto nei de krite riden dêr’t ik om ’e twa moanne wol in kear kom.
Feangrûn, wetter, reid.
Ik wit net oft myn gedachten doe bewust op syk wiene nei wat.
Wol is it sa, dat as ik dêr bin alles yn my wagewiid iepen stiet. Ik fiel my dêr net gewoan.
Mar ynienen tocht ik it.
Ien fan ’e dingen dy’t ik altyd doch is op ’e polderdyk fan ’e brede Langesleat stean, dêroer en oer de djippe polder oan ’e oare kant hinne nei de dizige wylge- en elzeboskjes fan ’e wetterwrâld fan ’e Alde Feanen dêrachter sjen.… Lês fierder

Willem Winters

Vitus en Ned

logo.ensafh

De sosjalist Vitus Bruinsma [1850-1916] wie gjin gefaarlike anargist. Tocht ik.
Dat feroare doe’t ik syn namme seach op it omslach fan de brosjuere De kunst om een machine te bederven.
Dy brosjuere is ien fan de earste publikaasjes dy’t Tresoar yn syn gehiel op ynternet set hat.
Dat wie in moaie fynst, want al in hiel skoft sammelje ik titels fan it slach De kunst van het oud worden, De kunst van het denken en De kunst van het schrijven, it leafst noch mei Zen en de kunst van… Ik tocht dat de oarsprong fan sokke titels socht wurde moast yn it boek Zen en de kunst van het motoronderhoud [Robert M.… Lês fierder

Skermer

Wat is dit?

logo.ensafh

Lit my de frou bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de man bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de slang bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de foks bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de bear bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de liuw bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de mûzebiter bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de mûs bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?
Lit my de ôfsjitter bestudearje.
Dat sil ik.
Wat sil ik?

Ik sis tsjin mysels: ‘Tink mar ris nei.’… Lês fierder

Skermer

Myn inerlik lichem meldt him

logo.ensafh

Ik fiel my los en net bestjoerd troch mysels.
In skip dat lossmiten is.
Ik driuw los om yn mysels.
Lykwols bin ik net dêr’t ik bin.
Ik bin licht yn ’e holle.
Ik ha ek pineholle.
Ik fervje de keamer, ik doch de tún.
Mar ik bin net ferbûn.
In oar docht it.
Ik ha net it idee dat wat ek mar no in boei wêze kin.
Immen opsykje net.
In praatsje op ’e dyk net.
Mei myn frou op bêd gean net.
In ein fytse net.
It lân yn rinne net.
Nei muzyk harkje net.
Ik ha gjin hâld.… Lês fierder

Willem Winters

Diktee

logo.ensafh

Oft ik mei die oan it Groat Leewadder Diktee? Hawar, ik doch it. Ik bin dan wol in Feenster, en yn it Feensters klinkt it faak krekt wat Nederlânser as it Liwadders. Mar ik kom.
Moai op ’e tiid stap ik it stêdhûs yn, boppe is kofje. Om dêr te kommen moatst oer in glêzen flier en glêzen treppen. De akkomodaasje fan myn eagen is net optimaal, ik sjoch de hichteferskillen mar min, foaral op sa’n glêzen trep mei ljocht fan ûnderen. In oare gast dy’t mei my oprint, klaget ek bot oer dy glêzen flier, hy hat hichtefrees. Wy kinne wol gek wurde yn sa’n glêzen doalhof.… Lês fierder