Willem Winters

Aaiber

logo.ensafh

Rudy Kousbroek waard as skriuwer fan De aaibaarheidsfactor, it boekje mei in sêft feltsje, tige ferneamd by in breed publyk. Doe’t syn ferstjearren bekend waard wiene de eksemplaren dy’t op ynternet oanbean waarden samar ferkocht. Ik hie al wol in jier ien bij boekwinkeltjes yn ‘e oanbieding en no samar fuort.
Myn eigen eksemplaar is bysûnder. Der sit in ienfâldich mei de hân skreaun boekje yn fan in Greet, makke ‘voor Geert’s 45e jaardag: van de poezen Suzanna – bijna 9 jaar en Lummel – bijna 10 jaar.’
Side 3- in foto fan in griiswite poes yn ‘e tún. Op side 7 de oare poes, ‘de mollenvanger en kotser’.… Lês fierder

Skermer

Alde masters

logo.ensafh

Alde masters. Se binne te finen yn keunsthistoaryske museums. It is ek de titel fan in boek fan de Eastenrykse skriuwer Thomas Bernhard, Alte Meister.

Ik bin in skilderijmuseumfretter. Ik strún alle museums yn Nederlân ôf en as der earne in útstalling is fan in grutheid bin ik der by. Ik kom ek wol oer de grins. Lêsten ha ik nei Frankfurt am Main west nei de earste grutte oersjochútstalling fan de Italiaanske renêssanseskilder Sandro Botticelli. Mei de trein. De moarns op it Hearrenfean om ien minút oer seizen, yn Zwolle en Arnhem oerstappe, om alve oere hinne yn Frankfurt op it ymposante, njoggentjinde ieuske kopstasjon mei rûne oerkappingen en neoklassike foargevel, fierders alles modern.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

De sterkste man fan Noard Nederlân

logo.ensafh

Dizze kear wurdt fêste kollumnist Willem Winters beselskippe fan syn partner Anneke van Renssen. Se hiene sûnder dat se it fan inoar wisten in kollum skreaun oer in sneintemideiútsje. Anneke skreau oft it net wat wêze soe om se tegearre te publisearjen. Ja dus.

Anneke van Renssen

Op en Ut

Ik bin sljocht op Omrop Fryslân. Foaral op sneon, want dan is der Op en Ut. Sa hear je noch ris wat der yn Fryslân te dwaan is. Favoryt binne de filmresinsjes fan Jojanneke. Gjin idee wha’t it is, mar se soarget dat ik – filmfanaat en ek goed op ’e hichte mei films – gjin Ljouwerter premjêre mear sjen wol.… Lês fierder

Willem Winters

De comeback fan Joris

logo.ensafh

Nostalgy oerweldige my by it berjocht dat Joris Driepinter syn keunsten wer fertoane sil. ‘Joris Driepinter maakt zijn comeback,’ stie yn ’e krante.
In sterk stikje om sa’n ‘fiktyf karakter’ fan sa’n 50 jier ferlyn wer op te heljen. Der wiene bekende nammen by de berte fan Joris belutsen. De Deen Ib Antoni Jensen [1929- 1973] die de foarmjouwing, wylst it idee fan Dimitri Frenkel Frank kaam.
Trije pinten molke deis makken fan Joris in Superman, hy koe de hiele weareld tille.
Trije pinten, dêr kamen wy yn dy krappe jierren net oan ta, ik ha dan ek nea útblonken yn it tillen fan swiere dingen.… Lês fierder

Skermer

Ik wit it even net

logo.ensafh

Ik nim myn taflecht ta it boek Straw Dogs. Thoughts on Humans and Other Animals fan de Ingelske filosoof John Gray. Sa net, ik lês it yn it Nederlânsk en ik sitearje der wer út yn it Frysk. Ik stap fan wolk op wolk en dat wylst ik it even net wit. Ik moat goed útsjen, my konsintrearje. As sit ik achter it stjoer.
Yn it haadstik ‘Wierheid en gefolgen’ stiet:
‘Humanisten leauwe dat wy, as wy ien kear weet ha fan ’e wierheid, frij wêze sille. Troch dat te befêstigjen ferbyldzje se har dat se wizer binne as tinkers út earder tiden.… Lês fierder

Willem Winters

Fûgelmins

logo.ensafh

Doe’t lêstendeis dy rodeler [Olympyske Spullen] omkaam, rekke ik wer ris oer mysels oan it prakkesearjen.
Ik bin gjin held. Jo krije my net op sa’n slydsje, bungy jumpe en berchbeklimme, parasjutespringe, wyldwetterkanofarre, motorfytse, ik doar it net. Om mar net te praten oer dragrace, superbikes en Formule 1 mûnsters.
Sa gek krije jo my net.

Ik bin gjin Icarus, dy’t mei byinoar nifele flerken tinkt fleane te kinnen. Dat fleane allinne mei in spesjale masine kin wit ik al sûnt jierren. Ik lústere nei it radioharkspul Brilstra’s Bromvlieg. Oer in man dy’t fan in simpele brommer in soarte helikopter makket.… Lês fierder

Skermer

Yn godsnamme nei Veere

logo.ensafh

Ik ha in prachtich moarnsskoftke hân. Ik ha mei de rêch nei it rút ta sitten om de sinne lekker op my skine te litten en ûnderwilens in noch prachtiger boekje lêzen, Brieven uit Veere. Noch prachtiger ja, want it giet te fier om te bewearen dat ik niis yn it Nirwana tahâlde, mar de brieven komme dêr wol wei.

It boekje is noch mar krekt út en doe’t ik dat lies ha ik it daliks kocht. Der stean twa brieven yn fan Nescio (ps. J.H. (Frits) Grönloh), mei in moai en nijsgjirrich neiwurd fan Lieneke Frerichs, dy’t Nescio syn sammele wurk en earder al in histoarysk-krityske útjefte fan Nescio syn earste en ferneamdste ferhaal De uitvreter besoarge hat.… Lês fierder