Willem Winters

Emmy Hennings, by har 125ste bertedei

logo.ensafh [17 Febrewaris 1885 – 10 Augustus 1948]

Nea witten dat der wurk fan Emmy Hennings yn it Nederlâns útjûn wie en dêr fyn ik samar Helga speelt het leven (Oarspronklike titel: Das fluchtige Spiel. Wege und Umwege einer Frau (1949)), har autobiografyske roman.
Om har te pleatsen wurdt meastentiids meld dat se de frou fan Hugo Ball [1886-1927] wie en dat beide wichtich wiene by it oprjochtsjen fan Cabaret Voltaire (Zürich 1917]. Dat wie de oanset ta it ûntstean fan Dada.
De haadpersoan Helga út Helga speelt het leven hat in drege jeugd. Har mem sit har achter de fodden dat se mar gau trouwe sil.… Lês fierder

Skermer

Elikser

logo.ensafh

Alles wat is en ûntstiet streamt, meiinoar foarmet it de rivier. Mar it is ek oars, dat wol sizze yngewikkelder. Alles makket diel út fan de stream, mar alles en elkenien stiet ek op ’e kant. Alles en elkenien stiet him op ’e kant te ferfelen, te fermeitsjen, te ferbiten, lilk te meitsjen, te ferskjinjen, te fergriemen, te bemigen, te oerrazen. Alles en elkenien wol wat yn dy rivier smite dat er sels makke hat. Sjoch dêr ris, alle Fryske skriuwers en dichters nêst inoar op ’e wâl, allegear dreamend fan en dwaande mei it realisearjen fan in literêr orgasme, mei it brouwen fan it elikser.… Lês fierder

Willem Winters

50 cm ø

logo.ensafh

50 cm ø

Fan’t simmer moasten wy dan dochs mar ris Beieren oandwaan, hienen wy tocht. Fertelden wy dat oaren, dan wie de reaksje sûnder mis itselde: Beieren? Koekoeksklokken en bier!
Mar wy lieten ús ein net slûpe, mei in grutte bôge fia Frankryk en Switserlân kamen wy yn Beieren. It lânskip is beslist moai. Men hat der bergen en heuvels. Gelokkich hawwe de kij dêr minder faak bellen om ‘e nekke as yn Switserlân. Dat geklingel is slimmer as de F 16’s thús.
En stêden as Neurenberg en München roppe kjelmeitsjende assosjaasjes op.

Yn München seagen wy in eksposysje fan Thomas Schütte, yn it Haus der Kunst.… Lês fierder

Skermer

De kearn

logo.ensafh

Wannear wurd ik optild? As ik yn in museum of in teater bin. Museums en teaters binne foar my bûten it lânskip de ultime romten, ik soe der alle dagen wol wêze wolle.

In pear wike lyn ha wy yn it Posthûs op it Hearrenfean nei in foarstelling west fan De Kern, myn frou en ik komme graach by in stik fan dat selskip. In tal jierren lyn kaam myn frou mei it útstel om nei harren foarstelling oer de non Hildegard von Bingen ta. Wy wiene beide ûnder de yndruk en sûnt komme wy geregeld by de Kern, dy’t yn Fryslân alle jierren alinne it Posthús oandocht.… Lês fierder

Skermer

Oerjefte

logo.ensafh

Ik harke niis nei de cd Johnny en Bob. Nêst solonûmers fan Cash en Dylan stean der ek duetten fan Bob Dylan mei Cash, Paul Simon en Willie Nelson op. De duetten en ek inkele oare stikken binne live-opnamen. Ik hâld fan live-opnamen. It ekstra derfan, fansels as it om in ynspirearre konsert giet, binne de lossens, de drive en de oerjefte fan ’e muzikant(en) en de sjonger(s). By duetten komt dêr dan de wille en it geniet fan it tegearre sjongen by. Wêr’t ik my hielendal troch meinimme liet wie de unplugged ferzje troch Dylan en Paul Simon fan ‘Sound of Silence’, it ferneamde nûmer fan Simon & Garfunkel.… Lês fierder

Willem Winters

It keunstynstinkt, earste haadstik

logo.ensafh

Yn it Darwin-jier ferwachte men boeken oer Darwin en werprintigen fan syn ferneamde boeken. Dy binne ek wol útbrocht. Safolle dat jo se dit jier by de Slegte fine. Fierder binne der boeken ferskynd dy’t Darwin’s teory op in ûnferwachte wize tapasse. Bygelyks Dennis Dutton yn The art instict, [Zit kunst in onze genen?] Ít earste haadstik – ‘Landschap en verlangen’ – smiet fragen op; genôch foar dizze kollum.
Duttons antwurd is ja, fansels; oars hie er dit boek net skreaun. Hy hellet in ûndersyk oan fan in pear jier tebek wêryn’t twa wittenskippers útsochten wat – per lân – de minsken it ideale skilderij fûnen, wat moast der op te sjen wêze?… Lês fierder

Willem Winters

Loos’ alarm

logo.ensafh

Yn desimber is der altyd in soad te genietsjen. Yn ’e winkels lizze spullen dy’t de rest fan it jier net oanbean en net brûkt wurde. Yn elk hûs brâne de ljochtsjes yn ’e beam en lâns de finsters. Hiele beammen wurde fan ljocht foarsjoen. En nim dy prachtige stâltsjes fan Bethlehem, fan hiel lyts ta libbensgrut, mei echte bisten.
En dan haw ik sinterklaas noch oerslein. Dy docht der sines ta.  Sa’n weelderich burd hat gjin moslim, s’an mantel en stôk hat gjin roomske prelaat. En âld en nij komme noch.
Mar tink ik, wat soe Adolf Loos [1817-1933]- ik hie krekt in boek fan him lêzen Wie man eine Wohnung einrichten soll – ± 1898 ] – dêr fan fine?… Lês fierder