Skermer

Snie

logo.ensafh

Earste dei

Der leit snie. De ôfrûne nacht is it fallen. Der leit sa’n tweintich sintimeter. Op ’e tûken richels fan twa oant fjouwer sentimeter. Ik ha noch neat dien oan it paad. Us hiem en it strjitsje lizze ûnder in sljochte wite tekken. Ik bin yn in lyryske stimming. It is de earste snie fan dizze winter. De earste snie en fuortdaliks in hiele laach dy’t de wrâld bedekt! Sa’n begjin makket yndruk.

Ik sjoch nei myn eigen hiem ûnder ’e snie, mar tagelyk ha ik fjouwer oare winterbylden foar my: de Midsieuske miniatuer by febrewaris fan de bruorren Van Limburg, twa 16e ieuske winterlânskippen fan Pieter Bruegel de Alde (‘Winterlânskip mei in fûgelfal’ en De jagers yn ’e snie) en ien (it makket neat út hokker) fan ’e winterlânskippen mei iiswilletafriel van Hendrick Avercamp.… Lês fierder

Willem Winters

Boekhannel

logo.ensafh

It is myn wurk net, hannelje. Yn wat dan ek, it slagget my net. Ik wurd der senuweftich fan, komme der wol klanten, reitsje ik de brut wol kwyt. Nettsjinsteande myn huver foar hannel haw ik dochs in boekwinkeltsje iepene. [Perio] Op www.boekwinkeltjes.nl kinst sykje nei twaddehâns boeken, foar in grut part oanbean troch partikulieren. It kostet mar in pear sinten om jins boeken ûnder de oandacht fan de lêzers te bringen.
Ik meitsje der faak gebrûk fan, as lêzer. Do komst op plakken wêr’tst nea sykje soest. Ferline wike krige ik byglyks nei jierren einlings Bokke Heidehipper en de Wâldmantsjes te pakken.… Lês fierder

Skermer

De moaiste fan altyd

logo.ensafh

Dat is de titel fan in boek, dat wol sizze de oersetting fan de titel, it boek hyt ‘De mooiste van altijd’. Ik ha it juster út ’e bibleteek helle. Ik koe it boek net, ik seach it stean doe’t ik foar de kast mei poëzy stie. De ûndertitel is ‘40 eeuwen wereldpoëzie in 300 gedichten samengebracht’ (it âldste gedicht yn de bondel is fan likernôch 2200 foar Kristus) en de gearstallers fan de blomlêzing binne de Belgen Koen Stassijns en Ivo van Strijtem. It is in útjefte fan Lannoo nv, Tielt ûnder de imprints Lannoo en Atlas en al fan 1999.… Lês fierder

Skermer

Berne foar it paradys

logo.ensafh

Minsken binne berne foar it paradys. Sa sjoch ik it. Net foar de hel.

Mar dât is wol de omjouwing dêr’t se har yn rêde moatte. Ik bin net nayf.

Ik siet mei trije jonge minsken oan in taffeltsje yn it Grand Café fan it Gemeentemuseum yn Den Haag. Wy hiene de útstalling Cezanne-Mondriaan-Picasso besjoen. It wie oan in kop kofje of oars wat ta.
Ik seach nei dy jonge minsken en tocht: se binne berne foar it paradys.
Dat wie in emoasje.

It buorjonkje dat troch de hage ropt: ‘Hee.’ En wat letter: ‘Wat dogge jim?’ It buorjonkje, dat jin trouhertich oansjocht en gjin kwea yn it sin hat en folslein betrouwen yn jin stelt.Lês fierder

Willem Winters

It blikje

logo.ensafh

Och, wat die my dat goed, dat blikje sa grut as it blikje fan de leverpastij. It stie yn in fitrine, op in plak dêrt it hielendal net opfoel. It wie dat ik net hastich wie en alles stik foar stik besjen woe, dat ik it seach. Ja werklik it wie it ferneamde blikje. It seach der wat teheistere út. Echt in âld blikje. Sjoen yn it Weser Museum yn Bremen.
Oer hokker blikje ha wy it? It blikje mei ‘poep fan de keunstner’, fan Pierre Manzoni. 90 blikjes á 30 gram makke er. Foar my hat dit blikje likefolle te betsjutten as Duchamp syn pisbak.… Lês fierder

Willem Winters

Das Kapital

logo.ensafh

Ik haw my fersind. Boeken dêr’t ik fan tocht dat se wol wat wurdich wurde soene – sa as dy tinkskriften fan Pieter Jelles Troelstra, de rige fan W.H. Vliegen, De socialisten, Personen en stelsels fan H.P.G. Quack ensfh. in ynfestearring foar letter?
It pakt hiel oars út. Dy boeken binne no de helte guodkeaper as yn de jierren 70-80, doe’t ik se kocht.
Ik hie der better oan dien en sammelje guodkeape strips as Tex Willer – koste in ryksdaalder it stik yn 1979 en no jilde guon numers €60,- en kwartsjeboeken. Samlers fjuchtsje derom. Kosten dy yndertiid mar in kwartsje, no wurde se oanbean op ynternet foar € 5 oant € 10.… Lês fierder

Skermer

Poertsjuster

logo.ensafh

It wie middennacht. Ik stapte nei bûten ta en seach ta myn ferrassing dat it ljochtmoanne wie. De moanne wie hielendal fol. Ik moast tinke oan passaazjes út Walden fan Henry David Thoreau út 1854, dy’t ik krekt dizze jûn lêzen hie, passaazjes oer rinne troch it tsjuster.
Yn Walden beskriuwt Thoreau de twa jier dat er – by wize fan eksperimint – weromlutsen wenne yn in selsboude hutte by de troch bosken omjûne mar Walden Pond yn it noardeasten fan Amearika yn ’e steat Massachusetts en libbe fan de beanne dy’t er ferboude en ferkocht en fan wat er byinoar fiske yn ’e mar.… Lês fierder