Martsje de Jong

Baarn deryn!

logo.ensafh

Ofrûne wike ferskynde yn it Friesch Dagblad in kollum fan Jaap Krol oer de positive saken yn de Fryske literatuer fan hjoed-de-dei. De titel fan it stik wie ‘Fryske Boekewike’. Hy reflektearre wat op ’e jierren sechstich en santich, doe’t in stikmannich ‘angry young men’ (net syn wurden) de Fryske skriuwerswrâld opskodde mei eksperimintele romans. Lês: mear en eksplisitere seks, alternative stavering, l’art pour l’art om it mar yn trije wurden gear te fetsjen.
Literatuer hie doe gâns mear gesach as no, sei Krol, mar gelokkich wie der no ek genôch moais en hy neamde ûnder mear de Gysbert Japicxpriis foar Spegel en Sonde fan Jetske Bilker – in boek oer alzheimer –, it ferskinen fan de humoristyske nije ferhalebondel fan Sipke de Schiffart en it kadoboek Hiltje yn Pella fan Anita Terpstra.… Lês fierder

Jemke Visser

Hûnen

logo.ensafh

Bûten moard en deaslach op it wrâldtoaniel ûnderfine minsken ek oare swierrichheden dy’t it sin bedjerre. Bygelyks senioaren mei fytshelmen op e-bikes, gjin erch deryn yn hawwend dat se folle hurder geane as op in gewoane fyts en dêrtroch geregeld immen fan ’e sokken driigje te riden, hastige automobilisten, dy’t harren ûnder hels getoeter blau ergerje oan wat foarsichtiger ferkearsdielnimmers, buorlju dy’t foar de safolste kear in lûdroftige barbecue hâlde oant djip yn ’e nacht mei lûde muzyk, hûnen dy’t op je stoepe skite en tsjin de bûtenmuorre pisje …
Dat lêste bringt my op leed dat de lêste tiid noch alris yn it nijs is en neffens guon dupearren freget om in oplossing, nammentlik agressive en bytgrage hûnen.… Lês fierder

Henk Nijp

Moster nei it miel

logo.ensafh

It wie is alwer in moai skoft lyn dat wy de lêste booster krigen ha. Ik kin it krekte stuit net iens mear foar de geast helje. Even foar de krystdagen ha wy noch wol mei in hiel keppel grize kopkes tagelyk earne yn in gymsealtsje yn ’e buert in grypspuit krigen fan de dokterspraktykstipers, mar dy sil no wol net mear jilde.
Siik ha ’k eins it lêste skoft net west, dat mooglik hat dy ynjeksje wol holpen. Of net fansels, want mei faksinaasjes is dat mar min nei te gean, it is meastal in kwestje van ‘lok wat jouste’ ha ’k it idee.… Lês fierder

Anne Feddema

Teloarstelling

logo.ensafh

Ik fal fuort mar mei de doar yn ’e hûs, achte lêzers. Hoe geane keunstners, en dan bedoel ik yn dit spesifike gefal mysels, om mei teloarstelling? No, goed dan, om’t ik hoopje dat ik neist keunstner ek nochris in gewoan minske bin, kin elkenien der faaks noch wat oan hawwe. Ik gean foar de filosofyske koartste klap as oplossing, in bepânsere grûnhâlding … Hielendal neat ferwachtsje fan je keunstnerskip en witte dat der net ien op je sit te wachtsjen. Dit alles om foar te kommen dat je net de helte fan je kostbere tiid kwyt binne mei it ferwurkjen fan wanmoedigens en gefoelens fan trystens.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Operearre wurde ûnder in kuier by de Noardsee

logo.ensafh

Ynstee fan mei de rêchpûde op ‘en paad te gean lykas altyd yn fakânsjetiid, lei ik yn in noflike stoel yn it sikehûs. Moast noch altyd operearre wurde oan ien each. Dat wie útsteld troch Covid. Neat gjin aaklichs hear. Dat net. Lyts akkefysje. Mar dochs. It is wol it each. Myn each. It griisde my oan. Suster E. hie my noflik yn in tekken bewuolle. Frege at ik der tsjin oan seach. Ik sei: ‘It is wol myn each. Dêr fyn ik neat oan, dat dêr yn om pjukt wurdt.’
Se seach my freonlik oan. Blau griene eagen, kroltsjes derboppe.… Lês fierder

Martsje de Jong

Dichters all over the place

logo.ensafh

Foar in folk dat bekend stiet as stiif, stuch en sels saai, sitte der ûnder de Friezen in ferrekt soad dichters. Of yn elk gefal minsken dy’t gedichten skriuwe. Poëzyleafhawwers.
De ôfrûne wiken kamen se by tsientallen tagelyk foar it ljocht op lytse en grutte dichtersbarrens. Yn Harns, dêr’t ein septimber yn it ramt fan de ILFU 1000 dichterstour goed sechstich minsken achter de mikrofoan kamen om wurk fan harsels of fan in oar foar te dragen. Twa dagen letter wie de presintaasje fan de mânske blomlêzing ‘It ritme fan Rixt’, dêr’t fyftich fersen fan likefolle leden, ryp en grien, fan it dichterskollektyf Rixt yn opnommen binne.… Lês fierder

Jemke Visser

Soldaten

logo.ensafh

Dy rûn ik koartlyn, yn figuerlike sin, twa kear tsjin ’t liif. Yn ‘Wij waren geen soldaat’ en mei ‘Het leger was voor losers’ as ûndertitel, skreaun troch sosjolooch en sjoernalist Herman Vuijsje, lies ik earst hoe’t nochal wat linkse jongeren yn ’e twadde helte fan ’e foarige iuw tsjinoer it leger stiene.
As twadde beseach ik hjir yn Harns de eksposysje ‘Helmen vol Verhalen’ oer feteranen fan ferskate misjes. Yn beide gefallen kin der mar ien konklúzje wêze: dat delbûgjende nei alles wat militêr is troch ferskate, doedestiidse linkse babyboomers slacht hielendal nergens op.
Sa’n bytsje fan ’e jierren sechstich ôf lieten guon, sa as Vuijsje sels, harren triomfantlik ôfkarre mei de saneamde S 5, as graadmjitter foar mentale ûngeskiktens.… Lês fierder