Willem Winters

Alice Nahon 1896-1933

logo.ensafh
Alice Nahon

Alice Nahon

Ferline jier ferskynde in biografy* fan Alice Nahon, de populêre Flaamske dichteres dy’t ta in myte útgroeide. Dêryn beskriuwt Manu van der Aa hoe’t dy myte ûntstie en wat de feiten wiene. Dy myte is lykwols noch altyd oantreklik. As lêzer, 75 jier nei’t Nahon ferstoar, moatte jo wol in bytsje gefoel hawwe foar dat ûnskuldige en sedige skepsel. De portretfoto’s dy’t yn har dichtbondels printe waarden meitsje it jo maklik: sjoch har wûnderlike wite klean, har weemoedige eagen, in suvere maagd allyk.
It grutte publyk fûn dat prachtich. Dêrsûnder wie se nea sa ferneamd wurden. Har earste beide bondeltsjes – Vondelingskens en Op zachte vooizekens – meitsje my noch altyd hielendal weak.… Lês fierder

Willem Winters

Mammoeten en froulju

logo.ensafh

Ik wie dwaande mei in stikje oer myn favorite bylden yn de iepenbiere romte. Boppe-oan steane de mammoeten fan Tom Claassen yn de Flevopolder by de A6 lâns.
Steane dy kolossen te dreamen?
Twad is de frouljusfiguer fan Wladimir de Vries, dy’t Lânbou en Feeteelt symbolisearret, by de Grinzer Herebrêge. It is in wat mûtel frommes, mei ien foet op in keal, sa komt dy skonk prachtich út. Dat je brûns sa bewurkje kinne dat it sêft as frouljusfleis liket te wêzen!
Op it tredde plak stiet al hiel lang it oarlochsmonumint op It Hearrenfean. De namme fan de ûntwerper wie ik kwyt, dus even Googelje foar’t ik fierder skriuw.… Lês fierder

Skermer

Frijheid

logo.ensafh

It is in wurd om jin oan te brânen.
It is argumint om de wrâld mei te ferkatsen.
It is rop om de wrâld mei yn beweging te krijen.
It is wat om jins ûndergong mei te bewurkstelligjen.
It is de romte foar tsjinspraak.
It is wat dat troch puriteinen hate wurdt.
It is each fan ien dy’t it jin goed mient.
It is wat wrâldferbetterders ta razernij bringt.
It is de foet dy’t de bal rôlje lit.
It is wat dêr’t skythuzen it foar yn ’e broek dogge.
It is de boat dy’t jin oer it wetter bringt.
It is wat dêr’t lytsboargers oer rabje.… Lês fierder

Willem Winters

Friedrich en de leafde

logo.ensafh

De moaiste tentoanstelling fan de lêste tiid fûn ik dy fan Caspar David Friedrich yn de Hermitage yn Amsterdam. Syn wurk is tige romantysk, mar yn fergeliking mei oare romantisy kypt hy der út. Dat wie moai te sjen op dizze eksposysje. Seal 1 toande foarrinners, seal 2 Friedrich, seal 3 neifolgers. Net ien fan de foarrinners en neifolgers makke lânskippen, sa ferlitten – en dochs is der hast altyd ek minsklike oanwêzichheid te sjen – en sa ymponearjend as hy. Faak boude Friedrich syn lânskippen op út brokken ôfkomstich fan meardere plakken.

Friedrich waard berne op Rügen yn 1774. Dêr is – fansels – in museum oan him wijd, en – minder fansels – moat de skyline fan syn berteplak Greifswald, bliuwe sa at Friedrich dy skildere.… Lês fierder

Skermer

Nederlân yn Oarloch!

logo.ensafh

De sinne kliuwt. It wurdt strieljender. Okee, it waar wurdt strieljender, moaier. En okee, de skelfinken by ús yn ’e tún ha my yn ’e besnijing. Nee, hiene, want wrâlds’ gewelddiedichheid, misdied, ûnderdrukking, oarlochsuchtigens en bespotlikheid wrotte my yn ’e holle om – fansels wy wurde der deistich mei deaslein en it beselskippet jins gedachten altyd, mar troch ien of oare oanlieding spilet it dan ynienen mear.

It begûn doe’t ik op it skerm wer ris in stik ûnder eagen krige oer in rychje moarden op krityske sjoernalisten yn Ruslân. Politike moarden op krityske sjoernalisten wurde al lang breed útmetten yn ’e westlike parse, mar dan giet it om saken op nasjonaal nivo.… Lês fierder

Willem Winters

Muybridge, it boek

logo.ensafh

Fan in freondinne krige ik in bysûnder boek.*) Dêryn wurdt útlein hoe’t Eadweard Muybridge [1830-1904] yn de 19e ieu wichtige eksperiminten útfierde om de kennis oangeande de bewegings fan bisten en minsken te fergrutsjen. Faak geane bewegings te fluch om mei it bleate each waarnimme te kinnen hoe’t it presys ferrint. It soe begûn wêze mei strideraasje oer in fjouwerjend hynder. Neffens de iene kaam er los fan ’e grûn. In oar miende dat dit gesichtsbedroch wie, dat in fjouwerjend hynder altiten wol mei ien poat fieling mei de ierde hold.

Muybridge soe útmeitsje wa’t gelyk hie. Hy makke fotografyske opnamen mei in hiele batterij kamera’s, dy’t elk in stikje fan ’e beweging fêstleine.Lês fierder

Skermer

Foarbyld fan in ideale literêre tekst

logo.ensafh

feng-shui t’ai-chi ch’üan ch’i-kung I Ching Tao Te Ching Chuang-tzu Lieh-tzu fang-shih ch’i Tao Te wu-wei yin yang Hua-hu ching chiao Han Wu-ti nei-chuan Huai-nan-tzu Lieh-tzu Pao-p’u tzu yiian ch’i T’ai-p’ing ching Hsiang-erh yin ch’i yang ch’i wu-hsing feng-shui chia-tzu hun p’o ch’i-kung t’ai-ch’i

Ik hie it al tocht ‘ming’ betsjut ljocht.

By de uterlike algemy kontrolearje deskundigen de tiid om it suverjen fan ’e materialen dy’t ûnstjerlikens skinke flugger gean te litten. By de inerlike algemy wurdt de stream fan fitale stoffen yn it lichem omdraaid om it ferstriken fan tiid en de gefolgen dêrfan om te draaien en sadwaande werom te gean nei de steat fan ien dy’t krekt berne en fol mei libbenskrêft is.… Lês fierder