Skermer

Jan Boomsma

logo.ensafh

Jan Boomsma stiet yn de moaie stêd Heidelberch by de baly fan it djoerste hotel fan de stêd. Hy is de moarns tegearre mei syn frou ôfset en ek mei har de Fryske grins oerstutsen, mar even foarby Apeldoorn sei se: ‘Jan.’
‘Ja, wat is der?’
‘It fljocht my ynienen oan. Ik wol graach datst dyn fatsoen hâldst. Ik wol net wer sa’n sêne. Ik wol my net wer skamje, sa as lêsten yn Grins.’
‘Dat witst wol, dêr falt mei my net oer te praten.’
‘Dan wol ik wer nei hûs. It is dy yn ’e kop slein.’
Hy wie omriden oer Arnhem om har by it NS-stasjon ôf te setten.… Lês fierder

Willem Winters

Unwissichheid

logo.ensafh

Is der noch in bewyske oan wissichheid oer no’t alle postkantoaren ticht geane, no’t de AOW faai stiet en jo sparsinten nei gychem binne troch de kredytkrisis.
Dêrmei hâldt it net op. Yn de Ljouwerter fan 6 febrewaris stie in berjocht dat noch folle djipper op de Fryske minske ynwurkje sil.
Undersiker [TNO] Henk Kombrink seit yn syn proefskrift dat wy op in tafelberch wenje. Dat is sa’n platte berch, dêr’t de top ôf mist. In tsjokke laach klaai, modder en sân der oerhinne, dêr libje wy boppe-op.
It moatte de oerâlde Friezen west hawwe dy’t sa’n wjeraksel hiene tsjin in berchlânskip, dat se mei har allen, skouders der ûnder, de pieken der ôfslein ha en dy op ’e kop yn it dal pript hawwe.… Lês fierder

Skermer

In gesicht lûke

logo.ensafh

Yn guon diskusjes en oanfarringen mei myn frou lûk ik in neffens har in ‘link’ gesicht.
Se begjint dan te laitsjen en seit: ‘Sjoch nochris sa.’
Dat doch ik en nochris en wer. En alle kearen laket se lûder en langer.
As ik myn nocht ha lûkt se earst in beteutere gesicht en dan in eigenwiis gesicht.
Myn ‘link’ gesicht en har ‘eigenwiis’ gesicht hat se in oerkoepeljende beneaming foar: stoer.
As ik safolle oeren nei har it bêd opsykje kipet se ûnder de tekkens wei en seit: ‘Moatst net ‘link’ sjen, want dan moat ik pisje fan it laitsjen en ik wol der net ôf moatte.’… Lês fierder

Willem Winters

Darwinia

logo.ensafh

Wa’t it Darwinjier [2009] alternatyf fiere wol moat sjen in eksimplaar fan Darwinia [1876], fan Jan Holland, te besetten. Yn Darwinia – in noch mar koartlyn stichte koloanje libbet men neffens de wetten fan Darwin.
Wichtich is it seleksjeprinsipe. Sa as dowemelkers en hûnefokkers witte, kin men troch seleksje de rasûntjouwing stjoere. Sa ûntstiet in grou hynder foar swier wurk, of ien dy’t hurd drave kin.
Wêrom dit net tapast op minsken: ‘Met al zijn geestelijke beschaving leeft hij in lichamelijk opzicht in ’t wilde voort. Wat lust heeft paart met elkaar.’ Yn Darwinia wurde minsken kweekt mei grutte hannen [swier wurk], minsken mei fine hannen [harsenwurk] en guon mei in kromme rêch.… Lês fierder

Skermer

It ultime gedicht

logo.ensafh

Ik ha 20.000 euro op ’e bank te stean. Ik bin in minske, dat wol sizze in ynklauwer, libjend oer de rêch fan alles en elkenien, allinne oan mysels tinkend. Ik sis dat it beskamsum is, diel dy 20.000 euro lykwols net út, mar gean der op sitten en doch der inkeldris wat aardichs foar om mysels te bedjerren. Ik bin in minske, ik ferkeapje moaie praatsjes, slút de eagen foar wat ik bin, in rôver, moardner, útsûger en ûnderdrukker. Ik bin in minske, ik respektearje myn meiminsken net. ‘Alles foar my’, dêr libje ik neffens, wylst ik de gedachte oanhingje, dat ik dy 20.000 euro weijaan moat.… Lês fierder

Willem Winters

Bewarje

logo.ensafh

By it âlder wurden krigest hieltyd mear skiednis. Ik tocht oan dizze observaasje doe’t ik wat spullen oan it skiftsjen wie: al of net bewarje? Ik kin it net, fuortsmite. Mar wa soe in krantsje as de Vrouwenstaking van 21 maart 1981 nochris lêze?

Ik haw noch in stikmannich eksimplaren fan de Vrije Socialist [jierren ’70], in oerbliuwsel fan it blêd fan Domela, dat er 80 jier earder oprjochte hie. Ta oantinken dêrfan stie it simmernûmer fan 1978 fol mei histoaryske skôgingen, mar ek oer de ‘kraakbeweging’ waard skreaun. Wylst in âlde, mar noch aktive, anargist yn in brief warskôget foar it brûken fan geweld.… Lês fierder

Skermer

Lizze yn it lizzen

logo.ensafh

Wêr tsjut it op as men it net lykfine kin mei it sizzen: ‘In minske is in minske, gjin bist,’ en likemin mei it sizzen: ‘In minske is ek in bist?’
Wêr tsjut it op as men jin befrijd fielt by it sizzen: ‘In minske is in bist, in bist ûnder de bisten’.
Wêr tsjut it op as men neat ha moat fan it Kristendom en it Humanisme?
Wêr tsjut it op as men mei wolgefallen lêst: ‘Himel en ierde binne net spesjaal op minsken begien. Foar har binne alle dingen as de striehûnen. De wize is net op minsken begien.… Lês fierder