Ytsje Hoekstra

Skoandere memmen

logo.ensafh

Stean nochris stil bij: www.millenniumdoelen.nl

Ik sjoch mysels wat skiterich oan, yn ’e spegel. Falbile-tiid en noch gjin kollumtema. Misskien kin ’k wat opstekke fan Trinus yn’e Ljouwerter? Hmm. It neamen fan it wurd ‘bloedbesinking’ bedjerde op in terras syn iten. In misdied tsjin it libben, begien troch twa froulju. Hy neamde se ‘âlde wiven’. Op 3 oktober 2007 ( http://www.myneigeneker.nl/KOLLUMS.htm ) hat er oars sels mýn ytlust bedoarn, mei snijpraat oer de prûm fan syn frou. Mantsje Trinus. Mar ik hoopje dat er noch hiel lang trochskriuwe mei.

Sil ik froulik werwurd jaan? Harrejasses, nee. Ik set gewoan in ûntspannend masker op, út sa’n gratis meunsterpûdsje, ik sil gjin âld wiif wurde.… Lês fierder

Skermer

Frysk festival

logo.ensafh

It programmaboekje fan it Frysk festival 2008 is op in heale side Frysk (en in heale side Ingelsk) nei folslein yn it Nederlânsk steld, sels it berjocht oan ’e befolking: Bericht aan de bevolking.
Doe’t ik yndertiid hearde dat it tema fan it festival ‘de gemeenschap’ wurde soe waard ik al daliks wurch, want hoe soe dat oait in fris ferhaal opleverje kinne? It ‘Bericht aan de bevolking’ stelt my mei syn ellindich folderpraat hielendal yn it gelyk: ‘Het festival heeft als thema ‘de gemeenschap’, Over hoe we kunnen samenleven, hoe we onze waarden en gewoantes moeten koesteren, over hoe je als individu in een groep staat en hoe je te verhouden tegenover alles wat buiten de gemeenschap staat.’… Lês fierder

Skermer

Treffers

logo.ensafh

Anne Feddema hat it gedicht ‘Mozart op wei nei Praach’ skreaun, dêr’t de klam yn lein wurdt op it healwiis en luftich praat dêr’t Wolfgang (‘Wolfi’) en syn frou Constanze tsjustere wolken en (yn dat gefal syn frou) Mozart syn mankelike buien mei fuortpoetse. Sa as sa faak lit Anne Feddema him sawol by syn literêr as byldzjend wurk ynspirearje troch literatuer en keunst fan oaren. Foar ‘Mozart op wei nei Praach’ is dat de novelle ‘Mozart auf der Reise nach Prag’ fan Eduard Mörike út 1855. Wat Feddema op eigen ûnneifolgbere en absurdistyske wize útbyldet, set Mörike net minder skerp mar boartlik en mei in mear romantyske ynstek foar de lêzer del.… Lês fierder

Koosje Melis

Bang

logo.ensafh

Swittend wurd ik wekker. Krekt lei der fjoerwurk op de grûn dat elk momint ûntploffe koe en ik woe my omdraaie en fuortrinne, hurd hurd, mar dat slagge net en ik wachte ferstive ôf wat der barre soe. It hert kloppet my yn de kiel. Wat bin ik toch in sneue bangeskiter.
Myn libben wurdt foar in grutter part as ik wol dominearre troch eangsten. Ik woe dat it oarsom wie, dat ik de eangsten yn it libben de baas wie, net allinnich myn eigen, mar ek dy fan myn meiminske. Ik ha de saken graach ûnder kontrôle en hâld net fan ûnferwachte grappen, lykas fjoerwurk, tongerjen, it knallen fan in ballon of it blaffen fan in hûn.… Lês fierder

Skermer

Blomskermen

logo.ensafh

It is it jier fan ’e blomskermen. Net de blomskermen dêr’t de natuer mei rêdt. Der binne safolle skermblommigen yn ’e wrâld dat se nea apart omtinken krije sille. Op de reade list fan bedrige planten sille oars grif skermblommigen stean. Is it jier fan ien spesjale skermblom mooglik, sa as it jier fan ien spesjale fûgel, de bedrige skries? Ja, safier soe it komme kinne as in pear jier achterinoar ús bermen maaitiidsdeis net mear sierd wêze soene mei de wite blomskermen fan it piipkrûd. It jier fan it piipkrûd. Ik soe dêr oars no ek wol foar wêze, mar dan as jier fan it gewoane, dêr’t it piipkrûd symboal foar stiet.… Lês fierder

Jelma Knol

Boys

logo.ensafh

Yn de sechstiger en santiger jierren wie alles besprekber, sels seks mei bern. Faak waard yn bepaalde progressive fermiddens net iens de fraach steld oft it wol ferstannich wie om minderjierrige bern lestich te fallen mei de seksuele gefoelens fan folwoeksenen. Tsjintwurdich sit alles wer yn it tabûfet: it wurd útsprekke is al hast in deasûnde bedriuwe. Oer Wim Kan en syn foarleafde foar famkes kinne wy noch wol in bytsje gnuve. Mar it soe my hjoeddedei net benije dat it boek fan Jan Hanlo Go to the mosk, oer syn relaasje mei in moslimjonkje fan tolve, trettjin yn in soad antikwariaten ûnder de tafel ferkocht wurdt.… Lês fierder

Skermer

Sinneskerm(en)

logo.ensafh

Hy gong fia de foardoar nei bûten en liet it grutte sinneskerm stadich nei ûnderen sakje. Alfêst foar fannemiddei, tocht er, foar as se weromkomme soene. (Jaap Krol – OP IN MOARN) (op ’e webside fan Farsk docht bliken)
Eefkes nei twa oere seagen foarbygongers dat der in sinneskerm oan de achterkant fan de skoalle yn ‘e brân stie. (Omrop Fryslân Nijs Kategory Plysje / Justysje Brânstifting …)
Sa hienen wy moai de tiid om de tún op oarder te bringen en ik moat sizze, dat is aardich slagge. No noch wachtsje op it sinneskerm en dan kin de simmer mar komme!… Lês fierder