Ytsje Hoekstra

Myn geheim

logo.ensafh

Ha se jo the Secret al ferteld? It grutte geheim dat te krijen hat mei the Law of Attraction (LOA), dy’t seit dat wat jo sels oan tinzen (posityf of negatyf) formulearje, dat dat jo ek oerkomme sil? Binne jo al in leauwer yn dat geheim? Myn skepsis deroer wifelet, nei hieltyd mear moaiere tafallicheden yn myn rjochting. Dus hâld ik tsjintwurdich myn hert fêst, foaral as ik wer ris wat ûndogensk tink…

It wie altyd al sa: in wichtich barren as in nije trend pik ik altyd folle earder út it universum op as oaren. Wat sa’n trendwiersister as Lidewij Edelkoort docht kin ik dus ek.… Lês fierder

Skermer

Skermesearje

logo.ensafh

It wurd ‘skermesearje’ skeat my troch de holle, of leaver sein de útdrukking ‘earne mei skermesearje’. En as fansels tocht ik doe oan ús kultuerdeputearre Jannewietske de Vries.
Jannewietske wol wol. Se hat grutte plannen: Fryslân moat de kulturele haadstêd fan Europa wurde moatte. Wannear? Oer tsien jier! Yn 2018! Fansels, sa’n idee moat no al yn ’e weak set wurde, men moat no al jins kandidatuer stelle.
Jannewietske sil it fêst serieus miene. Mar wêrom komt se der yn ’e frede te pas en te ûnpas mei op ’e proppen? Wêrom slacht se der sa mei om har hinne?
Om’t se fierders neat foar ús yn it fet hat.… Lês fierder

Skermer

Skermblommen

logo.ensafh

Ik bin út ’e skroeven. Hast it wurd skerm. Dat wurd hat blommen, in hiele rige: skermbeplanting, skermbyld, skermebeurs, skermboek, skermbosk, skermburd, skermdegen, skermdragend, skermehannel, skermferiening, skermfest, skermfûgel, skermgegevens, skermglês, skermgrien, skermgrutte, skermhavikskrûd, skermhâlding, skermholle, skermkant, skermkap, skermkeunst, skermkostúm, skermklup, skermkrib, skermkwal, skermlape, skermman, skermmasker, skermmaster, skermmier, skermopbou, skermparadysfûgel, skermplaat, skermplanke, skermroaster, skermseal, skermsket, skermskoalle, skermslach, skermsport, skermspul, skermstân, skermstik, skermstriel, skermstrûs, skermtelefoan, skermtiid, skermwant, skermwapen, skermwedstriid. Dy wurden binne skermblommen. ‘Skermblom’, dat heart ek yn it rychje thús. Kinst der noch in rychje oan tafoegje fan wurden dy’t sa foarme binne: byldskerm, televyzjeskerm, wynskerm. Ek allegear skermblommen. Mar it lêste wurd is fansels ek in ‘wynblom’.… Lês fierder

Al R.

Eurokommissaris

logo.ensafh

Foarige wike wie de eurokommissaris foar meartalichheid op besite yn Fryslân. Leonard Orban hyt de man. It slagget ‘Europa’ mar net om tichter by de Europeeske boargers te kommen. De besites fan eurokommissarisen oan lidsteaten is in manier om better mei elkoar yn de kunde te kommen, mar omdat der in soad lidsteaten en noch mear regio ’s binne, is der sljochtwei ien kear yn de fiif jier tiid foar sa’n wurkbesite oan Nederlân. Dat sjit net echt op. It Nederlânske ‘nee’ tsjin de grûnwet (dy ’t net echt in grûnwet wie, mar allinne mar sa hjitte foar it gemak) hat de ferhâldings tusken Nederlân en Europa yn alle gefallen net ferbettere.… Lês fierder

Koosje Melis

EO

logo.ensafh

Ik ha in fassinaasje foar programma’s fan de Evangelische Omroep. It begûn doe’t ik as bern Henk Binnendijk mei syn beminlike glimp tusken kreaze manlju en froulju op in Eastenryks-eftige berch (mar it sil wol Israël west ha) sitten seach, mids blomkes en bibels en ûnder in prachtige blauwe loft. It evangeelje stie blykber foar gelok en harmony, saken dêr’t jo as pessimist nei stribje sûnder se je alhiel eigen meitsje te kinnen. Mar dat de EO jo ek no noch oan it tinken set, dêrfan bin ik oertsjûge nei it sjen fan ‘veertig dagen zonder seks’, in programma dêr’t minsken oan meidogge dy’t de opdracht krije om fjirtich dagen gjin seks te hawwen.… Lês fierder

Skermer

Mei de platte kant

logo.ensafh

Wat ik lies wie in tets. Ik knipere mei de eagen. Ik typ it oer:
‘De boade kundige oan:
“De rjochtbank!”
Doe’t de twa rjochters oan wjerskanten fan him har plak ynnommen hiene, sei presidint Pott:
‘Ik fersykje de fertochte om oerein te kommen.’
De frou gong stean.
Troch it griene lampeskynsel foel it net op dat presidint Pott sa wyt wie as in deade, mar it wie dúdlik te merken dat it by de diskusje yn ’e riedskeamer, dy’t wol twa oere duorre hie, need gongen wie. Boppedat wist de hiele wrâld dat de presidint en de beide rjochters min meiinoar koene en de geheimen fan ’e riedskeamer wiene faker as ien kear útlekt, Der waard skealik sein, dat de yntelliginsje en rjochtskepenheid fan ’e presidint geregeldwei yn oanfarring kamen mei de burokratyske stivens en it dwarse ûnbegryp fan syn twa meiwurkers.… Lês fierder

Skermer

Skermje yn it wyld

logo.ensafh

Yn ’e stêd seach ik in spandoek mei de tekst ‘Jan doocht’. Ik rop sels altyd, dat Jan net doocht.
‘Moai, hin,’ sei in oare foarbygonger.
‘Hoesa moai?’
‘Fynstó dat dan net?’
‘Nee.’
De man sei: ‘Dêr kin ik mei myn ferstân net by.’
‘Mar wannear doochst dan?’
‘Ast seist wêr’t it op stiet. En dat docht Jan.’
‘It hinget ôf fan it stânpunt datst ynnimst, fan jins útgongspunt,’ sei ik.
‘Ja, bist it der mei iens of net. No ik wol. Ik sil besykje om dy te oertsjûgjen.’
Ik sei tsjin ’e man, dat dat om my net hoegde.
‘Dêr moast in reden foar jaan, want oars bist in skytsek,’ sei er.… Lês fierder