Al R.

Desimber

logo.ensafh

Desimber is in moanne dy’t mingde gefoelens opropt. Oan de iene kant moat je je op it wurk in slach yn’e rûnte wurkje om alles foar it ein fan it jier ôf te krijen. Foaral boekhâlders hechtsje der geweldich oan dat alles op ’e tiid ynlevere wurdt. Oan de oare kant is der it foarútsicht op de feestdagen. Of yn alle gefal it foarútsicht op in fakânsje. Foar guon foarmet dy fakânsje it ekskús om it lân út te flechtsjen, dy geane dan meastal op wintersport of nei in fier bûtenlân om oan alle ferplichtings om de feestdagen hinne te ûntkommen.… Lês fierder

Koosje Melis

Gala

logo.ensafh

Dêr sieten wy dan, yn ús sjike galajurken. Hiel yn ’e fierte op it poadium stuiteren trije figueren mei kapusjons op ’e holle op en del op de beat fan in pear grutte boksen. De foarste stie demonstratyf mei de rêge nei de seal ta en ek de achterste twa liken har alhiel net te bekroadzjen om de healfolle seal mei publyk. Mei freondinnen H. en J. wie ik op it Fryske popgala yn Drachten. H. hie my earder ûnder ús twawyklikse jog-rûntsje ferteld dat se gratis kaartsjes krigen hie en frege at ik ek mei woe. Dan koe ik dy band ris sjen dêr’t freonen fan har yn spilen dy’t ik noch noait sjoen hie.… Lês fierder

Ytsje Hoekstra

Yntinsje

logo.ensafh

Krantekop-skimmend liket it nuver dat in wethâlder mei ûnderwiis-portefeuille, dy’t in nije skoalle finansierd hat, neffens guon leararen perfoarst net delkomme mei om it gebou te iepenjen. In leuke kollega op kantoar freget dy by’t ynkommen ofsto noch wolris by jûntiid oerwurkest? Ofst dan ek op ’e fyts komst? Joust op dy nuvere fragen gewoan antwurd, gniist in hiele ôfdieling dy út.

Op sa’n stuit hat dyn brein efkes oanklauwen. Is it safier datst op alle miste nijsfeiten wer by bist, dan giet dyn eigen referinsjekader der noch op fermoeiende wize mei oan ’e haal.

A: moatst by de kofje oeral in miening oer hawwe, dus ja, wat fynst hjir fan?… Lês fierder

Koosje Melis

E-nûmers

logo.ensafh

Koartlyn ha ik oer it ynternet in boekje kocht mei de titel Wat zit er in uw eten? It giet oer de E-nûmers dy’t oan iten tafoegd wurde, en it leit út hokker ferskillende nûmers der besteane, hokker skealik foar de sûnens binne en hokker net. Al earder hie ik ris in list mei E-nûmers fan in freondin krigen. It wie in typt papierke dat der útseach as oft it yllegaal ferspraat wie yn de jierren fjirtich, ‘zegt het voort!!!’ Guon nûmers wiene streekrjocht kankerferwekkend, sa begriep ik nei ûntsifering fan it papier fol mei útroptekens en streepkes, oaren wiene ‘verdacht’, noch wer oaren ‘onschuldig’.… Lês fierder

Koosje Melis

E-nûmers

logo.ensafh

Koartlyn ha ik oer it ynternet in boekje kocht mei de titel Wat zit er in uw eten? It giet oer de E-nûmers dy’t oan iten tafoegd wurde, en it leit út hokker ferskillende nûmers der besteane, hokker skealik foar de sûnens binne en hokker net. Al earder hie ik ris in list mei E-nûmers fan in freondin krigen. It wie in typt papierke dat der útseach as oft it yllegaal ferspraat wie yn de jierren fjirtich, ‘zegt het voort!!!’ Guon nûmers wiene streekrjocht kankerferwekkend, sa begriep ik nei ûntsifering fan it papier fol mei útroptekens en streepkes, oaren wiene ‘verdacht’, noch wer oaren ‘onschuldig’.… Lês fierder

Al R.

Minder ite, mear bewege

logo.ensafh

Minder ite, mear bewege: dat is tsjintwurdich it biedwurd fan de oerheid om de al mar fetter wurdende Nederlanner ôfslanke te litten. No bin is sels (noch) net te swier, mar omdat ik op it wurk foaral achter it buro sit, de tsien minuten dy’t ik nei it wurk fyts gjin namme ha meie en ik sa no en dan dochs in ekstra fetroltsje mien op te merken, fiel ik my hieltyd mear oansprutsen troch de oanhâldende oerheidskampanje. Dikke minsken wurde dêryn boppedat sjoen as in steltsje losers en dêr wolle jo fansels net by hearre.

Minder ite en mear bewege dus.… Lês fierder

Koosje Melis

Ballon

logo.ensafh

Yn ’e supermerke sochten mem en ik om griene biotex. Om’t ik in bytsje pasjint wie, wie mem delkaam foar kofje en treast. Freondinne H., dy’t juster myn chaperonne nei it sikenhûs west hie, hie al wol biotex helle, mar it wie gjin floeibere, lykas op myn briefke oanwizingen stie. Dus soene mem en ik dat eefkes helje. Fan de dokter moast ik nammentlik twa kear deis ‘gezellig met de bibs in de biotex’.

Gelokkich bin ik hast nea siik. Ik bin wol faak sikkeneurig, mar dat is in oar ferhaal. It is nammers mar goed ek dat ik noait siik bin.… Lês fierder