A.IJ. van den Berg

Horror vacui, en de leechte dy’t Mulder ús achterlit

logo.ensafh

Faak al waard de ûndergong foarsein, mar it Frysk is noch altiten yn libben. Douwe Tamminga hat dit ferskynsel de ‘taaiheid fan taal’ neamd, en dizze frase waard begearich troch de politikus Bertus Mulder parafrasearre yn ’e titel fan dit bondeltsje. Tolve jier hat Mulder foar de PvdA deputearre west fan ’e provinsje Fryslân. Yn syn portefeuille siet altiten kultuer. Dit boekje jout ûnder oaren in oersjoch fan wat er yn dy tiid berikt hat.

No bliuwe talen miskien wol ûnferwacht lang bestean, de wurden yn sa’n taal kinne noch wolris subtyl fan betsjutting feroarje. Tsjintwurdich sjonge se op syn bêst yn it âldereintehús noch wolris oer de “Ouwe taaie”.… Lês fierder

Nanne Hoekstra

Feodaal management

logo.ensafh

By ús op it wurk doarmje aparte lju om.

Lju dy’t allegeduerigen myn dwaan en litten kontrolearje miene te moatten, al ha hja noch net heal foar it ferstân wat ik winliken doch.

Lju dy’t ornaris mei sinleaze briefkehinenwerstjoerderij my fan en harrensels oan it wurk hâlde.

Lju dy’t om it hoartsje wichtige emails fan klanten bedobje ûnder harren eigen berjochten — sûnder útsûndering mei in read útropteken as yndikaasje dat de oanbelangjende kwestje ôfgryslik driuwt — dy’t fol stean mei yrrelevante fragen en healwize oarders.

Lju dy’t jimmeroan ûnmooglike prosedueres betinke en útwrydske automatisearringsprogramma’s ‘útrôlje’ dy’t folle mear tiid kostje as opsmite.… Lês fierder