Giny Bastiaans

Dûse

logo.ensafh

Ja, sy wie der wer. Ik seach it. Se hie wer dûst. Grouwe dize hong yn de klaaikeamer fan de sportskoalle en ik rûkte har yn earste ynstânsje mear as dat ik har seach. Myn longen kamen fuort yn protest tsjin de rook fan goedkeape fioeltsjeslucht.

Troch de dize hinne seach ik har sitten. Breedút op it houten bankje, alhiel op har gemak, bliid dat der einlings ien yn ’e klaaikeamer kaam dêr’t se tsjin prate koe. Har eagen bleaunen hingjen op myn treningsbroek. ‘Sit dat no noflik?’ frege se, ‘Sa’n strakke legging foar it sporten?’ Ik fûn fan al, mar ik sei neat, want dan hearst ien oan te sjen. Yn alle gefallen dy kant út te sjen. En dat woe ik net. Want dan rûn ik de kâns dat ik har wer oan Jeruzalim ta sjen soe en dat woe ik mysels besparje.

‘Sa,’ sei se tefreden, ‘It luie swit ha ’k der wer ôf spield. En it hat my thús wer gas en wetter útsparre. Jo moatte om ’e lytskes tinke, net wier?’
Lui swit? No ja. Se makke har noait sa drok. Pear kear in halterke omheech, steppe op de leechste stân. No ja, moat sy witte. Sy hâldt der mear fan om har mûle yn beweging te hâlden. Op ’e heechste stân. Ach, oars wol in gesellich minske.

Ik kin dat net. Prate en oefenje tagelyk. Hiel ûnnoazel. As ik dat doch, giet it hielendal ferkeard. En ha ik al gau de sportbegelieder efter my. ‘Geane jo wolris nei de eilannen?’ ‘Jawis!’ sei ik de earste kear braaf. ‘Sjogge jo dan dy boeien op see?’

Ûnnoazel knikte ik fan: ‘Ja’.

‘Dy meie wol skean hingje en hinne en wer gean! Mar hjir binne jo net op see!’

‘Huh? O? O ja! Ja, jawis,’ stammere ik. En alle kearen dêrnei at R of M ropt fan: ‘Boeie!’ sjit ik fuortdaliks by myn oefenings yn de goeie stân; moai rjochtop en net hinne en wer.

‘Dus jo wenje no yn Snits?’ woe bleate mefrou witte, wylst se har enoarme BH fan de kapstôk helle. ‘Mei in nije man, hearde ik?’
‘No, sa nij is er ek wer net,’ sei ik, wylst ik myn tas ynpakte.

‘Koest net oer allinnich wêzen?’

Ik stammere alwer: ‘Ja. Jawol. Dat wol, mar …’

‘Ik wol noait wer in man,’ rôp se. ‘Wat moatst no op ús leeftyd noch mei in man? Myn húsdokter sei it ek al: ‘Begjin der net oan, Tryntsje, komst der noait wer ôf as it net foldocht. En se komme inkeld op dyn waarm iten ôf. En hy hat gelyk, de leafde fan in man giet troch syn mage.’

‘No eh, ik fyn …’ besocht ik mar wer ris.

‘En dat oare, dat hoecht fan my ek net mear. Sa’n swiere keardel op dy om te heisterjen! Hâld op man. Ik ha nei myn skieding noch wol eefkes in man hân.

Leuke man om te sjen. Mar sá dôf. Jo witte net heal hoe lestich dat is. Moatst begripe, wy koenen net iens bûten sitte, de hiele buert koe hearre wêr’t wy it tegearre oer hienen. Want ja, ik moast fansels ek lûd prate, oars ferstie er my net!’

En dan sei buorfrou de oare deis: ‘Wat is it wat, net, dat hy sa faak nei it húske moat.’ Of: ‘Jo ha grut gelyk dat jo apart sliepe wolle. Mar ik begryp ek wol dat hy dêr neat oan fynt!’

‘Wurde jo net kâld?’ frege ik. It griisde my oan, dy kâlde wiete billen.

‘Wol nee,’ sei se. Se hie in enoarme handoek foar it ljocht helle. ‘Eefkes lekke rosse oer de billen en oer de rêch. Wurdst hearlik waarm fan.’

Ik pakte myn tas op en woe nei de doar ta rinne. Se kaam oerein, it lêste skûm fan it dûsen rûn nei ûnderen ta. Se lei de handoek om ’e skouders en gie foar my stean. ‘Soenen jo de handoek eefkes oer myn rêch helje wolle?’ frege se. ‘Ik kin der net sa goed by.’

‘Myn nije man hat it iten klear,’ sei ik en rûn om har hinne. ‘Dêr komt Marion al oan. Miskien kinst har eefkes freegje?’

7 reaksjes op “Dûse

  1. Giny, superlette reaksje, mar hjir bin’ k dan einlings……..Komt ie……
    Ik koe dat “mânske” fioeltsjesfrommis gewoan op ôfstân rûke, kinst fansels better ‘n “pronkert” hawwe as ‘n “stjonkert” fynst net???
    Dou hast dizze komyske situaasje sá echt sketst, ik kaam hast net mear by fan ‘t laitsjen!!!!
    Op nei ‘t folgjende ferhaal!!!!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *