
‘Om it geefste Frysk te hearren moatst in oerke op it Halbertsmaplein yn Grou stean,’ sei Master Piter. Dat hearde al wat selsbeflekkend, want Master Piter kaam fan Grou. Mar wa wie ik om him tsjin te sprekken; in skruten Hollânsk famke dat sa graach dielnimme woe oan de Fryske doarpsidylle. Ik sûge de taal op. Yn Grou is it blykber op syn bêst. It Frysk.
It waait en it reint en it is moandei. Of wolle de bruorren Halbertsma my straffe dat ik de wurden fan Master Piter noait opfolge ha? Yn fiifentweintich jier is harren plein al wat feroare. It is no in parkearplak, it stiet hast fol. Gjin plak foar in bankje of in praatsje. Ek gjin snobbersguodwinkel mear, de Blokker jierren lyn al fallyt, en de drogist kin ik inkeld noch priuwe as ik in kokyntsje yn ’e mûle ha. In frou draaft en dûkt yn in reade C1.
Yn ’e hoeke fan it plein stiet in âld wente, dêr’t de bruorren Halbertsma beide in gevelstien op ha. Joast, brimstich, en Eeltsje, wisberet, sjogge inoar oan. In epysk eachkontakt as wie it in affysje foar in bokswedstriid. Mar al binne de mannen oppoetst, se binne fan stien, ferstoarn. Har wurden binne net mear te hearren, inkeld te lêzen, as dat noch bart. Ik ferlit it bereinde plein, gjin wurd wizer oer it hillige flaterfrije Frysk fan Grou.
‘Selecteer uit de lijst,’ klinkt it meganysk út de scankassa. Swijsum sjocht de jonge frou oft myn waarme broadsjes wol betelle oer de toanbank gean. De winkels sitte no oan de râne fan it doarp, ticht by de sneldyk. ‘Ik doeh eem un steakproefjah,’ seit se yn akstintryk Hollânsk. Ik hear in fariant op myn taal, en dan sjit it my ynienen troch de holle. Beide talen wurde besmodze en fersutere, wurde as hjerstblêd op in heap fege, en as se rotsje wurde se ien. Middenyn in kompostproses sitte we. Ik beslút by te dragen oan de Fryske kant. ‘Ja, bêst hear,’ sis ik, tige bewust mei in útrekte nasale ‘ê’, as wie ik in geit. Avokado, cheddar, Dûbai-reep. Wylst se trochblypt mei har scanner, freegje ik my ôf oft Master Piter hjir ek te boadskipjen komt, en oft hy dan in oerke op it scanplein stiet, en hy de kompostheap rûkt.
Ja Grou … hoe haw’ we it no? Myn adfys: praat mar Frysk, sa as de measten dêr en hielendal flaterfrij hoecht
echt net!