Jemke Visser

Kribels

logo.ensafh

‘De Week van de lentekriebels’ hat al wer west. Dus dêr gjin lêst mear fan? Fêst wol, dy ferdwine net samar. Flink kribelich waard ik trouwens wol fan alle gedoch der omhinne.
Foaral it gebalt fan Civitas Christiana, dy beweging fan inge behâldsuchtigen, mei harren benepen tinkwrâld. By wat se neffens harren ‘Zwartboek Lentekriebels’ fine giet de grize je oer de grouwe.
De Rutgers-stichting hat se foar de rjochter dage op beskuldiging fan kwealaster en leagens. Fan sok folk krije je yndied de kribels!
Net foar niks binne se yn goed selskip fan Trump, Poetin, Netanyahu, Orbán en Wilders … Soene dy wolris ‘lentekriebels’ hawwe? Wa wit, sjocht Trump stikem nei filmkes op syn laptop, omdat Melania nergens mear foar te finen is.
Poetin? Gjin idee, al siet er flink wat jierren lyn mei bleate bast wakkere stoer op in hynder. Dat like nearne nei, want einliks wie syn bealch doe ek al knap útsakke. Tocht er wier dat er der noch spiersterk útseach?
Hy stie letter fêst wolris foar de spegel om syn lea mei dy fan mei Navalny te fergelykjen. Want sjongeres Maria Aljotsjina fan de protestband Pussy Riot is der wis fan dat Poetin stjonkend jaloersk op him en syn moaie frou Joelia wie. Dat soe him der ekstra ta oantrúnd hawwe om Navalny te fermoardzjen.
It soe my neat fernuverje. Der binne altyd guon, ferskuorrend lyts fan geast, dy’t sa in desastreuze draai oan it wrâldbarren op harren gewisse hawwe. By sokken komme ‘lentekriebels’ faak aldermâlst en ferwrongen ta utering.
Netanyahu? Boaze tongen wolle ha dat syn oarehelte mei in fermogen oan djoere klean en sieraden flink wat ynfloed op him hat. De inkelde kearen dat se yn byld ferskynt befêstiget dat einliks wol wat, net dat se ‘lentekriebels’ opropt.
De oaren? Dat mislike potintaatsje Orbán? Mei syn grutte freon Wilders soene je sa njonkenlytsen wat begrutsjen ha kinne. Jierren oanien sa syn bêst dien om op it wrâldtoaniel in deuntsje mei te sjongen en no blykt út ûndersyk dat de minsken oer ymmigraasje lang net sa de smoar yn ha as er tinkt. Ek al wurdt der wol protestearre tsjin nije AZC’s. Mar dat leit mear oan it belied fan syn ‘bêste minister’ Faber, as leaver sein, it ûntbrekken derfan.
Hat al syn geswets foar neat west? Hy eaget stadichoan almar brimstiger. Fansels, kear op kear deselde plaat ôfdraaie, wylst der no folle bedriigjender saken spylje, wurket net mear. Dan mar wat oars betinke? Kurasao oan Trump jaan? Dy stekt nei Kanada, Grienlân, Panama en Gaza syn begearige klauwen ek al út nei Suriname. It jout Wilders miskien wer nije kribels. Dy kin er skoan brûke. Benammen no’t syn ‘bêste minister’ mei ‘het strengste asielbeleid ooit’ der ek noch neat fan bakt. Komt dat miskien omdat se ‘lentekriebels’ hat? Ik tink it net.
Sa, no ha ’k oaren genôch de maat nommen, dus ek mar ris nei mysels sjen, wol sa earlik. Twaentachtich, dan is it wyldste der wol ôf … Mar yn myn jonge jierren?
Op ’e legere skoalle yn Akkrum en letter op ’e Jouwer waard der gjin oandacht bestege oan ‘lentekriebels’. Wol waarden we it fjild ynstjoerd om maitiidsblommen te sammeljen en op skoalle te determinearjen. Dêr ha ’k aardich wat fan opstutsen!
Ek moasten we in opstel skriuwe oer de maitiid. Mines gie oer wat myn heit as grientekweker yn it foarjier allegear die, net oer gestoei mei famkes. Dat barde wol, we wiene altyd mei in hiele kloft, jonges en famkes, der wiene ‘ferkearinkjes, suertsjeferkearings’ en mei-elkoar it lân yn te aaisykjen … ‘lentekriebels’ by ’t soad!
Yn ’e jierren ’60 wie ik ûnderwizer oan in legere skoalle yn Alkmaar. Troch tadwaan en help fan de NVSH (Nederlandse Vereniging voor Sexuele Hervorming, foarrinner fan de hjoeddeiske Rutgerstichting) en hielendal yn ’e geast fan de seksuele befrijing yn dy jierren besleaten wy as team seksuele foarljochting te jaan, fergelykber mei ‘De Week van de lentekriebels’. Ik wit noch dat derby ek it ferkearde gedrach fan stoere jonges oan ’e oarder kaam. Spitigernôch binne dy der noch altiten, sa as dy freeslike Andrew Tate en syn broer, yn Roemenië feroardiele, mar wer tige wolkom yn Trumps nije heilsteat. Dêr kinne se harren gong wer gean, earme Amerikaanske fammen, en ek hjir komme sa’t it liket hieltyd mear jonges dêrfan yn ’e ban.
Op âlderjûnen praten we de âlden by, sûnder it wurd ‘Lentekriebels’, die beneaming wie der doe noch net. Wol koene se de boekjes fan ’e NVSH besjen.
Der stiet my, mear as in heale iuw lyn dus, neat by fan betinkings of ûngemaklike diskusjes. Der wie fan alle kanten ynstimming, doe al!
Wêrtroch, freegje ik my gauris ôf, giet weardefolle foarútgong foar elk syn wolwêzen soms sa allerheislikste muoisum? Sterker noch, it liket soms wol dat we wer yn de eartiidske moares belânje, mei tank oan guon politisy. Mar sûn ferstân sil dochs wrychtich oait wolris de oerhân krije? Kribelich, by tiden suver pessimistysk, wurde je der soms fan … Mar hawar, we hâlde hoop, benammen yn sa’n ‘Week van de lentekriebels’!

1 reaksjes op “Kribels

  1. Moaie kollum Jemke
    Ik kin der hielendal yn meigean! Lentekriebels…maitiids….?! Hoe soene wy dat yn it Frysk sizze kinne? Maitiid yn ‘e holle?

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *