Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set 3

logo.ensafh

Dit is de tredde ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk. Oflevering 1 en 2 stiene op ensafh 1 en 2 (Farsk 128 en 129).

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning. Op reis fan San fransisco nei Foochow oer de Stille Oseaan belibje se de rûchste aventoeren.
Om it ferhaal sa goed mooglik folgje te kinnen, haw ik it proaza yn de oarspronklike taal holden.’

Wa’t de oarspronklike ferzje fan it ferhaal hielendal lêze wol kin dat dwaan op:

De laatste reis van de Nyborg

It ferhaal is foar it earst yn boekfoarn ferskynd yn 1930 yn de bondel Schuim en as.

9

De sterren waren al weer weg. Hij hoopte dat het schip maar zou kelderen voordat dat andere weer losbrak. Toen kwam het ook met donderend gehuil en geknars, hij wist niet van de elementen of van de geesten. Braken alle golven tegelijk los tegen het schip, of verbraken zij van binnen de wanden? De oude kwam bleek en ongekleed de brug op. Meteen doofden alle lichten.

Mêst oerboard

Swiere swarte wolkens broeiden stoarm
en giele wyn gûlde de weagen oer,
tramtearre ’t wetter yn nea kende foarm,
op oarder naam de stjoerman ’t roer.

Oan dek fertiisde de kaptein yn brol
fan túch en net by nacht te ûnderskieden.
Beknypt en fêst, oant moarntiids ier it folk
by deiljocht kaam om help te bieden.

De eftermêst, mei ra’s en stagen knapt,
oerboard set rjochte ’t skip yn ’t rede.
De bark frij fan it sleeptúch kapt
driuw wei oerstaach op Gods genede.

10

Van koers houden was geen sprake, trouwens het eerste wat Fröbom deed was onderdeks onderzoek. De stomp was in het tweede ruim volkomen doorgerot. De bootsman erbij gehaald en uitgevloekt, hield vol dat het hout een week voor vertrek nog volkomen gaaf was geweest. “Geen houtworm erin, mijnheer, ik laat elke maand teren”.

Seil sette

’t Skip dreau dwers wei mei de wyn
oer de wjuk en ’t waar waard tsjok.
Tusken boech en sting in fok,
dy lêste kâns siet der noch yn.

Trije kearen skraachwurk klear,
mar pûsters skuorden ’t doek wer wei.
De stjoerman dapper yn ’t gewear
oant ’t seil stie op ’e ein fan ’e dei.

Wie ’t moed of langst om fier fan ’t dek?
“Silst wurch wêze”, de kaptein.
’t Skip wer geand mei lek en brek,
de stjoerman wie alhiel te’n ein.

11

Fröbom zond hem te kooi met een: “Je zult wel moe zijn”, en nam zelf de hondenwacht.

Gjin stien

Doe in rûnte troch it skip
en tuskentroch de kisten djip
yn ’t rûm, heffend de lampe
om de grouwe stien te finen.
syn hert oan hope klampe.
Hy stie him op te winen
dat it mar net slagje woe,
wylst it Soden rêst jaan soe,
him gong it al troch ier en sinen.

12

De golven beukten van alle kanten, wanden en rondhouten kraakten, dreunden alsof het scheepshol inkromp onder het geweld en ging bezwijken. Hij ging naar boven en stond nog uren achter het stuurhuis om uit te waaien.

Untploffing

Twa dagen letter, de stoarm joech him del.
De meester te koai noch, de stoarm hie sa bile,
waard twongen, bedrige en skopt nei de hel
fan âldrust, hat mei flyt de masine besiele.

Hy wie op ’e hichte fan lading en liken.
De bibel hied er op tafel iepen,
lei mei in hilligenbyld te sliepen.
Jammerjend gappe er nei de siken.

Mar jûns meld’ er bleek fan: “Masine farklear”.
En de skroef begûn stadich te draaien.
Nei fiif dagen dat de Nyborg wer stjoerber fear,
troch de weagen wrotte tsjinyn ’t hurde waaien.

Doe barste as in bom de tsjettel! Steam
socht útwei mei ’t sisterjend lûd fan it needlot.
Oanslein de meester: “Tebrizele en kapot
myn masine!” Doe dôven it fjoer en syn dream.

13

Fröbom wist wel wat hem te doen stond. Voor de vorm hield hij scheepsraad met de stuurlieden, deed vaststellen dat de machine door onbekende oorzaak was onklaar geraakt, daarna stelde en beantwoordde hij enige vragen, door allen beaamd. Moeten wij lading uitwerpen? Neen. Koers houden? Onmogelijk. Ook geen plaatsbepaling in verscheidene dagen.

Oertinking

’t Beslút foel fierder ôf te driuwen,
in eilân ’t tichtsteby te finen
as de sinne kaam. Dan dêr te bliuwen
om reparaasje fan ’e steammasine.

Fan stoarm oan ’e kant fan Frisco
mei syn hûzen fan plezier
nei taifoons ûnderweis yn Foochow,
in reis fiiftûzen milen fier.

Dêr oer heuvels, moudige wegen:
grêven, liuwen fan porslein,
ien grut hôf mei spreuken ynlein
en ’t labyrint fan kronkelstegen.

Wêrom dy reis? Lit liken rêste.
Yn ’e Rocky Mountains plak genôch.
Mar ’t is lichte lading, gjin getôch,
en dizze reis is dochs myn lêste.