Elmar Kuiper

Minskewolf

logo.ensafh

Ik ha him sjoen op ’e heechste etaazje fan in wite winkel
Hy sloech routiid yn, rekkene fertriet djoer ôf
En ferluts fan pine

Ik ha him skade yn it lette ljocht
Yn in flau skynsel seach ik syn grauwe silhûet
Hy beslikke de poaten fan in dier

Yn ’e ploai en fêstberet slûpte hy de nachtbosk yn
It gûlen skuorde troch âlde dinnen
De knibbels knikten my

Ik kaam op it lûd ôf
En sette grutte eagen op
Foar my oer stie in minskewolf

Dinnenullen stutsen as prikboerdpylken
Yn ’e hûd fan it earme bist
As in sleine hûn krûpte hy op my ta

Hy gûlde; help my bêste man!
Mar ik knypte de eagen ticht
En seach hoe’t de dea him útbylde

Op ’e leechste etaazje fan in swarte winkel
Ruile hy syn grize pels yn foar in read kostúm

Hy doarme noch in pear tellen yn my om
En ferluts fan pine

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *