
Do bist wat weak, jonge, do hast te min fermogens. Do silst moarnier fuort oan it gulle fet. En in flesse levertraan sille wy ek foar dy keapje. Soe der noch levertraan wêze?
(Pake Sytse)
It is wer de tiid fan de iepenloftspullen en dan swaarmje de resinsinten fan Ensafh machtich as miggen út oer ús skoandere Fryske lân en skôgje kritysk en objektyf de kreative produkten produsearre en betelle troch it Fryske folts. Alsa krige in tillefoantsje fan de haadredakteur dy’t my hiet om freed op de Feanhoop de foarstelling fan Pake Sytse by te wenjen. Tsjinakseljen fan myn kant holp net, mar trije frijkaartsjes waarden my oer de post tastjoerd.
It ferneamde boek fan Rink van der Velde, Pake Sytse, wie oanpast foar it toaniel troch Steven Sterk, dy’t sels 25 jier op De Feanhoop húsmanne hie. Alsa kaam ik freed om 8 oere op De Feanhoop oan yn it selskip fan twa moaie froulju dy’t my dy jûns waarm hâlde soene. It is ommers al wer septimber en it lûkt frijwat yn de kâlde nachten. De foarstelling wie by it arkje fan Rink van der Velde. Ornaris wurdt it arkje brûkt foar skriuwers dy’t dêr in pear wike ferbliuwe om oan har pennefruchten te bodzjen.
Prachtige ambjânse, dat seit himsels. It arkje, in stikje wetter derfoar en dan de tribunes met plestic kuipstuoltsjes ûnder de stjerrehimel. Mar dy stuoltsjes wiene frijwat sunich delset troch de wrokkige direksje fan De Lawei, want der wie gjin romte foar de knibbels. Ik koe net normaal sitte. Sels yn fleantugen ha ik altyd mear romte hân, dat dit wie tige tsjin it seare been. Aldergeloks koe ik de lêste frije sit op de earste twa rigen bemachtigje, dêr’t wol romte foar de knibbels wie (want ornearre foar de pommeranten?), mar alsa waard ik wol skaat fan it froulik selskip dat my dy jûns waarm hâlde sild hie.
It stik sels foel my in bytsje ôf. Ik ha de deis dernei it boek werlêzen, en doe foel my op dat de skerpe kantsjes fan it boek der yn it iepenloftstik wat ôfhelle wiene. En dat fernuveret my, want op it toaniel moatte jo krekt oerdriuwe as jo jo boadskip mei kleur en fleur ûnder de minsken bringe wolle. Ynstee dêrfan wie keazen foar in útfiering dy’t sawol dimmen as ‘kuist’ wie. Krityk dus, net op de akteurs, mar al op de skriuwer Steven Sterk en de regisseur Romke Toering.
Fansels is Pake Sytse ek net in maklik boek om te bewurkjen foar it toaniel, want it is in sfearboek. It ferhearliket de natoerminske, de man dy’t libbet fan de natoer en him net yn de stringen fan de maatskippy en syn hokjeburokrasy twinge lit. It thema fan it boek is alsa de spjalt tusken natuer en kultuer, in tema dat al by de âlde Griken en Romeinen aktueel wie (bygelyks Vergilius! – Lânwurk, oerset troch Klaas Bruinsma yn it fraai útjûne boek fan niisneamde Steven Sterk). Mar tink ek oan Walden fan Thoreau, dy’t sjen lit hoe’t men hast hielendal fan de natoer libje kin, en foarsjoch yn je eigen behoeften. Alsa libbet ek Sytse Cavalier yn syn arkje. Hy docht wat him goed tinkt, rint by syn froulju wei, wol gjin fêst wurk, mar hy jaget wat, hy fisket en hy libbet fan ‘e natuer. De famylje is dermei oan, en de reaksjes binne wikseljend, mar litte sjen hoe’t de maatskippij feroare is: de froulju wolle him yn in âldereintehûs ha.
Mar dan no oer de skerpe kantsjes! It boek Pake Sytse is tige frouljufijannich, en dat is yn it iepenloftstik fuortpoetst. In moai foarbyld is de freon fan Pake Sytse, Jelmer Groen. By Jelmer Groen op it hiem leit nammentlik de arke fan Pake Sytse. Nim no dit petear:
Doe sei it âld mins hoeden: – Ik ha dy al sein Jelmer, dat soks sa mar net kin en …
– Hâld dy stil, âld strûk, rôp de man.
Hy taaste neist syn stoel en helle in fikse kneppel foar it ljocht.
– Altiten dat gejeuzel fan dy …
It âld wyfke wie opslach stil.
Dy sêne is weilitten yn it stik, en dat is spitich om twa redenen. It is op it foarste plak in humoristyske sêne. En twad jout it moai wer yn hoefier as Pake Sytse in boek is dat noarmen en wearden fan manlju útdraacht. Dat hoecht ek net ferhimmele te wurden. En de humor sil de froulju likegoed oansprekke. Der sit oars wol mear humor yn it boek as yn it stik.
Yn it iepenloftspul spilen alle sênes har ôf op de arke. Dat is yn it boek net sa. Om it ferhaal yn de iepenloft te fertellen, kaam der gauris in ferteller njonken de arke stean om it ferhaal wer op ‘e gleed te helpen. No is in ferteller yn in film, in toanielstik of in iepenloftstik altyd in swaktebod. Je moatte it sjen litte, of je moatte de lju deroer prate litte, mar in monolooch is altiten wat saai. Dan kinne je likegoed stikken út it boek foarlêze. Nee, dan hie ik leaver in spotlight op in tafeltsje yn in hoekje hân en dan kinne jo in sêne yn in kafee neispylje. Ik moat sizze, dat wie ferline jier yn it iepenloftspul fan Donkerbroek hiel goed fersoarge. Ik fûn dat by Pake Sytse de mooglikheden fan toaniel yn ‘e iepen loft net genôch benut wiene. En sa’t ik earder al sei, de ensenearring mist kleur, it wie wat bleekjes, wylst toaniel kleur en drama swier oansette moat om oer te kommen.
Noch in foarbyld fan skerpe kantsjes dy’t weiwaarden. Der komt yn it boek, mar net yn it iepenloftstik, in sêne foar dat it reint. Pake Sytse, natuerminsk, stjonkt fansels as in murd en hy is smoarch. As it dan reint, giet Pake út ‘e klean en wasket himsels en syn klean yn de rein. De jonge Sipke, dy’t by him útfanhuzet, giet dan ek út de klean om Pake de rêch te waskjen en himsels en syn eigen klean. Dat hie in prachtige sêne opsmiten! En akteurs geane oars dochs al faak en folle út ‘e klean dus wêrom net?
Fierderop yn it boek is ek noch in sêne dat Pake de twa jonges Gerlof en Sipke oantrúnt om te wrakseljen. Dêr wurde se ommers sterk en fleurich fan en it liiflik kontakt hat foarmjende wearde – stel ik my foar. Hawar, de jonges bedarje yn it wetter, en wrakselje dan letter noch mei pake Sytse dy’t ek yn it wetter bedarret. Prachtich! Dat jout ek mear kleur oan Pake Sytse, want dy komt yn it iepenloftstik doch wol as in âlde sûch oer.
Mei oare wurden, krekt de moaiste sênes binne allegear net yn it iepenloftstik telâne kommen en dat is spitich. It iepenloftstik is wat flakker as it boek en dat hie krekt oarsom wêze moatten. Fansels, fierders wie der neat mis mei it stik, deechlik akteurwurk, in protte frijwilligers oanwêzich. Al miste ik dat der gjin skoft wie. Mar in resinsint beklammet altyd it negative, want sa is er opbrocht.
Neitiids ha ik it programmaboekje noch efkes lêzen en argewaasje hân fan it folslein ûnbenullige stikje – en de wrâld fan ferachting foar Fryske saken dy’t dêrefter stiket – fan Stef Avezaat dêryn, de direkteur fan De Lawei. It sil wol troch de stazjêr skreaun wêze. Man, hie dan in betûft tekstskriuwer ynhierd foar in wervjend stikje (ik bin net djoer), ynstee fan dat geëamel oer ‘ik bin gjin Fries, jim sizze boehoe ik begryp it net, mar ik begryp it al of net dan’. Ferwikselje yn dat stikje Fries en Hollanner en tink jo yn dat in Fryske direkteur dat ferhaal opeamelt by de Gijsbrecht van Amstel – kromme teannen soe men derfan krije as men al net kromme knibbels hie fan de krappe sitplakken op de tribunes.
Al mei al in moaie foarstelling, mar ik miste it gulle fet.
Pake Sytse op De Feanhoop koste 28,50.