
To know the change and feel it….
John Keats
I.
Unlân
Elke woansdeitemiddei wie it oarloch.
Fochten wy as liuwen en
mei de fjurrenhouten mitrailleur, made by Heit,
waard de lânseare ferdigene.
Mannich MAVO-genoat sneuvele.
Us slachfjild wie learzens fol wetter,
drek oant yn ‘e naad en nei elk syn weropstanning
stjonkend as murden wer op hûs oan.
Nei memmen suchtsjend mei de Biotex.
II.
Bedrijventerrein-West
Fan kante mûlen ribbeltsjekarton
liplês ik fonkelnagelnije neonnammen.
Trochride no, wylst op ‘e autoradio Piet nei
“Times they are a-changing”
de winter (it neamen net wurdich) út febrewaris snijt.
Woansdeitemiddei is ATV. Is mei de hûnen deidievje
yn in hoekje bosk, dêr ‘t se noch los meie.
En ik yn ‘e “lijte” fan de lûdswâl bern
mei wiete sokken en modder yn ‘t hier opdol.