Jouke Hylkema

Lobke, de Fryske Knut

logo.ensafh

‘Poes..poes…poes…,’ ropt Jan nei Lobke wylst de projektliedster tasjocht.
‘Hiel goed Jan…besykje har no mei de linker hân fêst te krijen… ja sa… mei de rjochter hân oer har befke strike no.. ja sa…hear har ris spinnen.’

Amtner Jan N. krijt suver in kleur fan ynspanning, de kursus freget nochal wat ynset fan ’e dielnimmers.

‘Sjoch har sturt ris… hy komt omheech!’ ropt er tige optein.
‘Dat is hiel gewoan by katten hear.. fergelykje it mar mei in ereksje by mantsjeminsken!’
‘Hea..mar… it is dochs in wyfke?’
‘Makket dat wat út?’
‘O eh sorry… hoe hjit poes ek alwer trouwens?’
‘Lobke.’

Ik ming my as tredde persoan yn it petear:
‘Wêr binne jimme no mei dwaande as ik freegje mei?’

De projektliedster:
‘Ik bring amtner Jan N. yn dizze sesje by hoe’t er omgean moat mei Lobke de poes. It giet om it berikken fan in haptonomys effekt. It is de bedoeling om status en beropssfear eefkes hielendal te ferjitten!’
‘Sil er hjirtroch better syn wurk oankinne tinke jo?’
‘En soks net allinnich… ek sil er troch it flirten mei bisten ek mear selsbetrouwen krije… om bygelyks mei kollegas te flirten!’
‘O it is tagelyk in flirtkursus!…heu…en dat mei in kat?’
‘Ja wêrom net? Jo hawwe dochs wol sjoen hoe goed soks it Dútske iisbearke Knut ôfgie! In iisbearke dat in hiele naasje weake skonken besoarge! Soks hawwe se dêr sûnt de twadde wrâldkriich net mear meimakke!’
‘Hea… mar hawwe wy it dan net oer folksopstokerij?’
‘Ik hie it oer iisbearkes!’
‘Mar uh… Lobke is neffens my in poes dy’t oan ien tried wei troch kopkes jout oan eltsenien dy’t mar oanrekke wurde wol…neffens my komt der net folle psychology by te sjen. It is mear huorkjen wat se docht!’

De projekliedster fronselet de wynbrauwen en seit koartôf:
‘Freegje jo Jan mar ris hoe’t er oer Lobke tinkt!’

Ik sjoch no dat Jan en Lobke inoar noch hieltyd drok kopkes jouwe as ik de mikrofoan harren foarhâld.

‘Jan.. befoel de kursus jo oant no ta?’

‘Jan?’

‘Jan!?’

‘Jan wat dogge jo no?’

(om redens fan privacy binne ‘Jan’ en ‘Lobke’ net besteande nammen. It Jan-projekt stie twa wiken lyn yn it nijs.)