
(Dit is de sechsde ôflevering, de foargeande stiene op Farsk 121 en 122, 123, 124 en 125, sykje ûnder de rubryk Auteurs by Eric Hoesktra (dy’t de tekst oerbrocht hat nei de hjoeddeiske stavering; de ynlieding wurdt by elke ôflevering op ’en nij pleatst; mei dêrby in kommintaar by de oanbelangjende ôflevering)
Persoanlike noat (Subjektive ynlieding)
O eal hear fan smachtsjende Lêzers en Leafhawwers fan 17e ieuske Fryske literatuer – ha ik sa myn manmachtige doelgroep net moai krekt omskreaun?
Ja, de simmer is oer syn langste dei hinne, de moanne hat fol west en yn it skûlliif fan ‘e natuer ripet it sie fan fruit en nôt. Alsa begjint ek Midfrysk Goud wer te rypjen en frucht te setten, ear’t de fruchtberheidsprins anneks gelearde wer offere wurde sil oan de dea, en yn ‘e winter ta de ûnderwrâld ôfsakje sil, om pas yn ‘e maitiid wer nij libben ynblaasd te krijen fan ús leave Frouwe Natuer.
Swij do no stil, nuveraardige, en fertel de Lêzers wat de ôfdaling yn ‘e ûnderwrâld fan ‘e Fryske literatuer diskear wer oan nuveraardichs opsmiten hat,- dat doedestiids foar normaal trochgean koe.
Ta de saak!
Ta it platste wurkje ea skreaun!
Ta: Waatze Gribberts Brulloft!
(Midierde, 6 july 2008)
“Waatze Gribberts Brulloft” is oerset út it Platdútsk
“Waatze Gribberts Brulloft” is in literêr wurk dat better net te witten yn 1701 foar it earst printe is. It is in bewurking fan twa Platdútske kluchten, “Tewesken Hochtijdt” (De brulloft fan Tewesken), en “Tewesken Kinderbehr” (Tewesken kriget in bern). Dy twa Platdútske stikken binne yn de ferfrysking yninoar skood. It is net raar dat wy in oersetting út it Platdútsk foar ús ha. It Platdútsk is ommers, neigeraden as wy tichter by de romrofte Hanzetiid komme, hieltyd mear in wiere en machtige skriuwtaal. Sadwaande dat it orizjineel yn it Platdútsk wêze koe.
It krekte orisjineel ha wy net.
Wy ha net de krekte ferzje fan de Platdútske orizjinelen ha dêr’t WGB op basearre is. Dat komt om’t der yn it ferline gauris meardere ferzjes fan boeken op ‘e merk wienen. Yn in werprintinge koene stikken taheakke of weilitten wêze, sûnder dat soks eksplisyt ferantwurde waard.
Meardere ferzjes fan deselde tekst – wat is wierheid?
Soks is yn ús tiid ek noch wolris in kwestje. In skoftke ferlyn wie der yn ús tiid ommers in akkefytsje mei it feroarjen fan de notulen fan de twadde keamer. In oare relevante ûntjouwing is dat it tekstprogramma WORD de ûnderskate feroaringen yn in tekst allegear byhâldt: tink ris ta dat biblioteken yn ‘e takomst de oarspronklike digitale teksten fan auteurs bewarje soene, wat soene de wittenskippers smulle kinne fan sok ferzjebehear!
De Fryske bewurking is o.k.
De Fryske bewurking is gjin slaafske bewurking. Dat is oan trije dingen te sjen. Hoewol wy net witte op hokke ferzje fan de Platdútske Tewesken WGB weromgiet, kinne wy út de ferzjes dy’t wy wol ha mei in reedlike graad fan wissichheid ôfliede dat de ferfrysker sels saken taheakke hat. Fierder is it sa dat de oersetter gauris mei in kreative en orizjinele oersetting foar de hearen komt. En by einsluten falt op dat it Frysk in hiel autentike en sprektalige yndruk makket. En it hat net de keunstmjittige kompleksiteit fan taalgebrûk dy’t Gysbert Japicx as Barokman bestribbet.
Waatze Gribberts Brulloft
(1701)
Personaazjes
Gribbert, de boer
Sibbel, syn wiif
Waatze, har soan
Gaatze Binnes, Gribbert syn buorman
Jantsje, syn frou
Wobbel, har dochter
Bartolomeus, in skriuwer
Tryntsje, in tsjinstfaam
Dokter Kwaksalver
Kommentaar by dizze ôflevering
Boarsten as kowejaren
WGB is as platte klucht ek hiel frij fan praat oer de liiflike leidigens fan ‘e faam, sa’t de frijende feint dat sjocht en fielt. Yn in kluchtige oade besjongt er syn faam:
Jimme misgunne my dat ik (God tank!) ris in eigen wiif krigen ha! Sok in besuchte moaien tsjokken fetten helderen earliken braven faam as yn it hiele lân gjin mear te finen is. En dy’t har sa wol op it bysliepen ferstiet, hja moat it foar wis wol mear dien ha! Boarsten hat se sa fraai en sa grou as kowejaren!
It falt op dat de sprekbeurten fan Waatze troch it hiele stik hinne sa lang wêze kinne. Wy krije ynsjoch yn syn gedachten en yn dit stikje ek yn dy fan Wobbel. It soe sa yn in kluchtige novelle kinne. Dy wien doedestiids folle minder gongber as no, sadwaande dat it toanielstik in stikwat funksjes hat dy’t wy no mei de novelle assosjearje.
Yn dit stikje komme der teffens wat kluchtige houliksûngemakken op it aljemint, mar dy wurde yn de rin fan ‘e fyfte útkomste bylein. De struktuer fan WGB is hiel losjes. It binne earder sênes om in tema hinne as in trochrinnend ferhaal. Net om ‘e nocht is it in bewurking fan twa oare stikken.
Oldegalileën
Yn ‘e fyfte útkomste komt ek de opmerking foar:
Is jo diel jitte no kweast? Ik woe dat jo mei jo soan op âlde galleien (Oldegalileën?!) stiene!
Miskien omdat der in begraafplak wie?
Is WGB in mislediging foar de Stânfries?
Wumkes as Frysk-nasjonaal idealist.
Net elkenien koe de platte praat wurdearje. Wumkes wurdt dûm en giet alsa tekear: ‘Sokke domme en ûnbeskofte lummels as hjir har rûge taal slaan hawwe wy net yn Fryslân!’
Wumkes hat him blykber sa opwûn dat er flaters begjint te meitsjen. Wumkes skriuwt yn Paden fan Fryslân I:310 dat it in bewurking is fan “Slenner Hincke”, wylst it in bewurking is fan “Tewesken Hochtijdt” en ‘Tewesken Kinderbehr”. In read waas foar de eagen is net befoarderlik foar de wittenskip. Sjoch Brouwer 1952 yn Us Wurk hjiroer.
Nijsgjirrich is de oarsaak fan Wumkes syn lilkens. Hy hat net inkeld argewaasje fan it rûch praat sels, mar ek dat it in Fries (o skande) yn ‘e mûle lein wurdt. Dyselde argewaasje is ek te finen by oaren. Wêr komt dy argewaasje wei?
Emansipaasje en Frysk nasjonale fynfielligens
J.H. Halbertsma toant him ek in Frysk nasjonaal-idealist yn syn krityk en seit: “dat er zulke domme, grove en ongemanierde vlegels nooit op de bodem van Friesland geleefd hadden”. Wy witte wol better, is it net sa, foar guon is in spegel genôch om Halbertsma stelling ûnderút te heljen. Doch is it te gemaklik en ferwyt Halbertsma en Wumkes Frysk nasjonalisme. Ferjit net dat de striid foar it Frysk in emansipaasjestriid wie. Jo fertelle in feministe fan de earste ginneraasje ommers ek gjin frou-ûnfreonlike moppen? Sytstra seit yn de kontekst fan WGB:
… al hie Gysbert Japicx de Friezen sjen litten dat se har hjar taal net hienen te skamjen.
Halbertsma en Wumkes binne ek sa lilk om’t WGB de foaroardielen fan Hollânsktaligen oer domme Frysktalige boeren liket te befestigjen. Dat is fansels net sa, mar soks leit midden yn ‘e emansipaasjestriid gefoelich. Dat wy dat no net mear sa fielle, bewiist dat wy emansipearre binne.
Sosjale misstân oankaarte:
17e ieuske woekerpoalissen
Yn ‘e fyfte útkomste kaartet Waatze ek noch in sosjale misstân oan, dy’t net yn it Dútske orizjineel sit. Dêrby falt er wol út syn rol, want ynienen krije wy in koherint betooch tsjin smjuntestreken en oplichterij fan juridyske skriuwers, dy’t misbrûk makken fan it analfabetisme fan gewoane minsken. Blykber hat de bewurker fan WGB sok misbrûk ticht by him meimakke en fynt er it nedich syn haadpersoan dertsjin warskôgje te litten. Alsa krije wy efkes in trochsjoch nei in 17e ieuske misstân. Hoewol 17e ieusk? Yn ús tiid is it noch krekt lyk: tink mar oan ‘e woekerpoalissen. It hâldt ek yn dat de bewurker fan WGB in yntellektueel is. Dat wisten wy fansels al lang: mar hy kin dus net inkel Platdútsk lêze en Frysk skriuwe, mar ek noch sosjale misstannen oankaartsje. Nee, Wumkes, Halbertsma, dêr giene jim te koart om ‘e hoeke.
Fyfde útkomste
(Waatze, Gribbert, Gaatze Binnes, Wobbel.)
Waatze
Ei, ei, hoe sjogge jim my sa oan? Ha jim fan jim libben net in jongman sjoen? No, ik wit koart wol wêrom’t jimme dat dogge. Jimme misgunne my dat ik (God tank!) ris in eigen wiif krigen ha! Sok in besuchte moaien tsjokken fetten helderen earliken braven faam as yn it hiele lân gjin mear te finen is. En dy’t har sa wol op it bysliepen ferstiet, hja moat it foar wis wol mear dien ha! Boarsten hat se sa fraai en sa grou as kowejaren! En dat moaie popke, dat is aldergeloks myn eigen skat. Ei, bin ik net lokkich? Hja hat sok in frommen earliken hert ûnder it skerldoek. Hja jout my altiten de âlde leppel, dat ik my de mûle net stikken skrabje sil mei de nije. Mar ik wit net wat ik derfan tinke sil dat se te nacht sa út ‘e sliep sprong en biet my yn ‘e pânse! Ik waard boas en tocht, do moaste sokke kueren net oanwenne! En ik biet se rjochtskepen wer. O my, o my, hoe seldsum wurd ik nei it bier dat ik dronken ha! Ik ha de lust net dat ik my de ears klau. It wie te mâl goed bier, de lju dy spuiden der sa skeinich fan. Ús heit hie Doede Bargebiter it burd fol spuid en ús Wobbels heite, Gaatze, hie him yn ‘e broek beskiten en ús mem hie har skerte fol spuid en ik waard ek sa tsjok as in slachtersteef. Doe’t ik op bêd kaam, doe rûn it hûs my rûnom en ik moast ek spuie en ik bespuide myn nij wiif alhiel, dat se lustich fan ‘e holle ôf ta de fuotten ta wiet wie. De bargen moasten ek rûke kinne dat it goed bier wie. Doe’t ik sa spuid hie, doe kamen se by my op it bêd rinnen. Ik staat ús âld sûch wol trijeris fan it bêd, dat se op ‘e rêch foel, en jitte woe se net wei bliuwe. No, ik tink, dat myn Wobbel safolle wol witte sil, dat se it wat opnimt en docht it de feinten en fammen yn it waarm bier yn pleats fan sjerp. It is ommers jit goed, ik ha it nammers ienris yn it liif hân – moast ik it doch lêsten yn ‘e stêd wol twaris opite! It smakke jit wol, it wie nammers in lyts bytsje soer.
Gribbert
Jonge, do silst deryn komme, ik wol dy wat sizze. Rin gau hinne. Ik mei my wol achter de earen klauwe. Al myn moai ree jild ha de brulloftslju al yn ‘e ears en ik moast der jitte wol twa stuorren by liene. Doe’t ús Sibbel my de jonge brocht, – ik woe dat ik der in bollekeal of in hynstefôle fan makke hie! Ik moat om ‘e niget ris rekkenje wat my de brulloft al koste hat. Tenearsten, foar in heal daalder pikelhjerringen, ien okse-yntaast, ien baarch (mar hy wie wat goartich), achttjin hinnen, twa ljippen rogge, ien ljippen grôt, fjouwer skiep, foar trije stuorren pypkaniel, in gimber, muskaten, neilgrús, piper en oar kjitte dat ik jitte allegearre net neame kin. En dêr foar ien skelling banket by, dat ús jonker sa yn ‘e ears jage. En dan jitte ien gûne foar de spyllju. My tocht, dat bruien mocht men ek wol litten ha, dêr kriget men neat fan yn it liif.
Gaatze Binnes
Is jo diel jitte no kweast? Ik woe dat jo mei jo soan op âlde galleien (Oldegalileën?!) stiene!
Gribbert
Mar deale! Ik waard gâns kjel. Hoe komme jo sa ferbaasd oan, sweager? Ha jo jo sinnen jitte allegearre wol, dy’t jo yn ‘e holle hearre te hawwen?
Gaatze Binnes
Ik ha sinnen mear as al tefolle. Is it jitte net genôch, dat jo soan myn dochter in gat yn it liif biten hat, dêr’t wol in ko út slabje koe? Der kaam him op it bedstee jit in mâle fleach oan. Hy smiet har nei ûnderen en gong har mei de fuotten op it liif sitten en hy besmarde har de mûle mei spek, dat hy woe ha, hja soe sjonge! Sjoch, dêr komt se oan, hoe glêd is se jitte om ‘e mûle.
Gribbert
Dêr sil er hier foar litte! Kom, sweager, gean mei en hâld him my fêst, ik sil him heal dea bruie.
Wobbel
O, ik earme jonge faam! Wêr is it my al ree ta kommen? Ien dei ha ik him nammers hân en hy hat my al trije hertsearen dien: ienris biten, ienris de mûle mei spek smard en dizze nacht sa oan it lewant treaun dat der net in wyntsje yn it liif bliuwe koe. Ik hinkje der alhiel fan. Hy sei ek, ik soe him te nacht ris tútsje en hy kearde my de bleate ears ta, dêr tute ik him op. Ei, dat se him nammers dea sloegen! Sa net, dan wol ik him ynjaan guozzekjitte, skieppekjitte, bargekjitte, hinnekjitte, hûnekjitte, minskekjitte en kowekjitte!
Waatze
Sjoch, do lilke hoer! Biste dêr? Dat dy hûndert ton bûter yn ‘t gat fear, dêr’t de kat skyt.
Wobbel
Ja, raas en bear wat. Dyn diel is jitte kweast, gisje ik! Do haste no de bek yn beide hannen. Doesto my ferlovest, koest wol oars prate. Do seiste, do soeste my sa leaf ha, do woeste my op ‘e hannen drage! Do woeste my sa faak tútsje as it my lêste, do woeste my net ienris mei ‘do’ oansprekke. Do seiste, do hiest in fleach yn ‘e stêd wenne en do hieste sjoen dat Gaatze Gabes, ús buormans soan, hie nammers in bytsje yn ‘e stêd wenne en hie in bytsje lêzen en skriuwen leard. En dy koe no mei skriuwen alle dagen skoan deihier fertsjinje en gean jit alle dagen as de treftige lju mei in mantel om. En do tochtst, dat wie nammers in like lompen, robbelich, skilich, brykhakkich boerke by watsto biste. En do wiest in grut, sterk, skrander en helder minske! Do soeste dy, tsjin him te lykjen, wol trijeris sa kantich hâlde. En, no dat it al deropoan komt, haste al dyn goede beloften heal ferjitten en do tinkste nearne om as mei de hannen op ‘e ears te gean en swiet te iten en neat te dwaan. En, aste jûns te bêd komste, altyd te kibjen, my te knipen en te biten: sa dat al dyn beloften gjin hûnekjitte ha te betsjutten.
Waatze
No myn leave Wobbeltsje, stel dy tefreden: ik sil my ferbetterje. It docht my sa nij, datsto myn âlde beloften allegearre sa nau ûntholden haste. Do biste sterk fan malmoary! It wie my koarts allegear ferjitten. Mar datsto alle ding ek sa nau neifolge ha wolste, dat is ûnmooglik. Yn jins frijerssteat seit men faak folle mear as men neifolgje kin. Benammen datsto dat allegear wer ophelje wolste fan Gabe Snauwers soan. Ik woe net dat ik syn fuotstappen neifolge hie. Dy giet nearne op út as mei slimme en listige grepen oarljus fûken te fandeljen en de minsken strikken om ‘e hals te smiten en dy dan gear te lûken as it him te pas komt, dat se, earme dieren, lizze te spardeljen en gapje nei de siken. Wolle se ûntslein wêze, dan moatte se alhiel nei syn pipen dûnsje. En hy ûntsjocht nimmen net, al wiene it ek syn bêste freonen, dy’t him ta man holpen ha. Hy kin wol akten ferhannelje en bar der it jild foar en as er ien iepen sjocht, kin er it wer nei him lûke en stiet er dy selde wer út dêr’t er it jild fan barde. Hy kin oare lju, dy’t skriuwers fan in hanneling binne, wol brieven en bullen meitsje litte en as de lju miene dat se foar har wurk en muoite wat lean barre sille, dan hat hy se al heimlik neiprinte en kwânskwiis in bytsje ferbroud dat de goelju mei harres nearne komme kinne. Hy kin tusken âlders en bern wol stokelje, omdat hy dêr de iene kear of de oare mient foardiel út te lûken. Hy kin wol in pear jier mei de lju fûstkje en gean alle dagen nei har hûs om te loeren wat der omgiet en kin wol hûndert en hûndert brieven foar har printsje en ferklearje by ja, by nee en yn alle oprjochte wierheid, dat hy fan elkmis net ien stoer tefolle kriget. Mar as tenlêsten de bonge ris boarst en de saak oan it ljocht komt, dan koene se it fan in oar wol fjouwer, fiif, seis, soms tsien stuorren minder krigen ha. Wat tinkt dy, Wobbeltsje, soe dat op tûzen en mear net folle skele? Dus: as de lju miene dat se yn alle oprjochtheid en trou mei him bewarre wiene, seagen se tenlêsten wol dat it him nearne om te dwaan wie as om de lju har hannelingen en dwaan ôf te sjen, en har dêryn te ûnderkrûpen en, as de slynske katten, de rjemme fan ‘e molke te slikjen en rin dêrmei ta it gat út en lit se de dreage molke hâlde. Sjoch Wobbeltsje, dêrom wol ik dus leaver yn myn sljochte steat bliuwe as mei bizestikken oarlju te bedragen. No! Soks wolle wy oerslaan en ús tige ta deugd oanstelle! Wês dan tefreden en stean wat stil. Ik ha dy allike wol sa leaf, ik woe dy wol foar de ears tútsje. Dêrom wol ik it mei dy wer yn oarder meitsje. Ûnthjit my dan, datste my net wer út ‘e sliep hâlde wolste en my sa bite. No! Dêr is myn hân. Klau no de ears, as it by beleavet. Keap is it. Gean no mei nei hûs ta en bid heite dat hy my wer yn genede oannimt. Sis, wat ik dy dien ha, dat ha ik net graach dien. No wolle wy fuortoan swietsjes mei-inoar libje. Gean frij te bêd en sliep oan ‘e middei ta en lit dy de fammen wat iten op it bêd bringe. Mar hark, ik moat dy earst jitris patsje!
Wobbel
Dan mei ik dat jitte meinimme. (Se tútsje.) No, sa biste dan myn eigen, leaf swiet boltsje!
Waatze
Ja, en do myn leaf koke! No, rin dan hinne en doch it allegearre sa’t it heart. No, ik tankje jim, myn leave lju, dat jim hjir allegear sa byinoar west ha. Oars hie ús heit my wol dea slein. Ik wol jim allegearre tank witte. As ik in bern krij, sa’t ik hoopje, dan wol ik jim dan wer te brij bidde. En as jimme net komme, dan wol ik, allikewol, in fet bier foar jim útdrinke. No, farwol en wês from, en yt faak wat, dat jimme lang sterk bliuwe.
Seisde útkomste
(Waatze, Wobbel, Sibbel.)
Waatze
O hûndert tûzen daalders! Ik woe ‘k ‘t jild hie! Ik hie it fan myn libbensdagen, myn libbensdagen net leaud dat ik it sa wol ree mei ús Wobbel makke hie. O, no is it wol te sjen, dat it wier is, wat ús mem plichte te sizzen, dat der yn it gea myn gelikens net wie. Ús buormans soan, Hoite, dy hat syn Lupke al in hiel jier ta in bysliep hân en dy hat har jit net ien ris mei bern makke. Mar ik jou der oars fjoer op. As it no wer merke is yn ‘e stêd, is it earst sân wike dat ik by ús Wobbel ûnder kroep. En al te nacht in bern krigen! Ik moat ommers wûnderlike fertuten yn ‘e holle ha. It is sok in swieten moaien bern. As jo it seagen, it soe jo benije. Der is no sok in freugde yn ‘e hûs! Mar my tinkt, hja hoeve har net te fermeitsjen. Dy jonge sil my jitte genôch kostje. Ús Wobbel en ús mem, dy binne wol sa bliid, oft har in daalder jûn wie, en roppe sa yn ‘e hûs dat ik derút rinne moast. Goedei buorman! Ik moat sa lang wat by jo prate fan âlde dingen, hoe’t ik earst by ús Wobbel kommen bin en sa fuort, sa lang oant it razen wat oer is yn ‘e hûs. No, hark tige ta, ik sil it jim fertelle. Ik en ús Wobbel ha inoar al ús libben sa leaf hân dat it net te sizzen is. Hja hie altyd grut ferlangst om by my te wêzen, mar ús heit wie altyd sa noaswiis. Dy sei altyd, ik wie te jong, ik moast jitte in jier of twa wachtsje. En dêrom woe hy it nimmer mear lije dat ik by har kaam of hy sloech my wat op ‘e hûd en benammen as ik ris in gankje gean soe. Hy hie doe wat mear oer my te sizzen as er no (God tank) hat. No, omdat se wat fan my ôfkomme soe, bespriek har heite, Gaatze Binnes, derta dat hja in wike fiif of seis tsjinje soe yn ‘e stêd foar juffersfaam. Sa miende de faar dat ik by Wobbel net komme soe, as hy my net nei de stêd gean litte woe. Mar it kaam al oars om, sa’t ik jim sizze sil. It barde, as ik op ús terp gong te ploegjen, dat der fjouwer skodaten by my kamen. Hja woene ha, ik soe har nei de stêd ta bringe. Doe’t ik dat net dwaan woe, namen se ús brune kêde út ‘e stringen, en joegen my jitte earbannen derta, en rûnen dermei nei de stêd. Ik rûn straks nei hûs en sei it ús heit, dat der fjouwer skodaten west hiene en dy hiene my de brune kêde ûntnommen! Doe woe my ús heit jitte slaan, en sei, ik soe se neirinne! Doe’t ik dat fernaam, dat ik nei de stêd soe, doe wie my gjin karre oan ‘e ears bûn. Mar it wie my om ús karre net te dwaan, mar oar wurk dreau my nei ús Wobbeltsje. Dy lei my nei yn it hert. Ik hie se doe wol tûzen ris leaver as no. Doe’t ik yn ‘e stêd kaam, tocht my, ik moast in heal kantsje trije of fjouwer oer de tosken jitte, dat ik dan wol prate koe, ear’t ik by de breid kaam. Wylst ik no lâns de strjitte gong, kaam ik foar in grut hûs. (In Roomske tsjerke.) Dêr songen se sa’t se soms yn ús herberch wol plichten te dwaan. Doe tocht ik, dat is rjocht fan myn oanslach! Dêr mocht ik my by flije. Doe’t ik deryn kaam, sei ik: “Goedei yn it hûs. God seine de weard en it from laach”, sa’t ús heit plicht te sizzen. Ja! Der wie net ien dy’t my antwurd joech. Der wie safolle moai folk, ik doarst net folle sizze. Ik leau, it wiene allegear skriuwers. Hja wiene allegear sa moai as de skriuwer dy’t my de putlikaasje makke hat. It gie der net tige nei myn sin. It is yn ús eigen herberch wol folle better. Dêr drinke se allegearre by de rige om. Mar hjir stie in minske foar de tafel, dy dronk allinne: hy brocht it nimmen net. De oaren sieten der allegear by om en rôpen wat se roppe koene. Mar ik swijde stil. Ik flijde my wat tichter oan de minske dy’t dronk. Ik miende, hy soe it my ris brocht ha. Ja, aaien mei sâlt! As hy de kroes dan út hie, dan hold hy him alhiel boppe de kop, dat se allegear sjen koene dat er leech wie. Dêrnei kaam der jit ien, dy hie in wyt himd oantein en dy tilde de oare dan de rôk op en klinge him dan mei de skieppebel foar de ears. Dat lette sa mâl, sa mâl, dat it neat like. Ik stie in lang fleach en seach dit spul oan. Ik miende al, ik soe ris drinken krigen ha. Ja, swinefearren stowe net! Tenlêsten fertrette it my ek der langer te stean te gapjen. En as ik de wierheid sizze soe, it hert janke my nei Wobbeltsje! Ik rûn der fandinne en frege koart alle lju wêr’t Wobbel wenne. Der wie net in stêdteef dy’t it wist en ik rûn sa wol twa oeren lâns de strjitten en koe se nearne fine. Doe waard ik sa near en sa bang dat ik hast beswime hie. Tenlêsten kaam my jitte ús âlde buormans feint yn ‘e mjitte, dy holp my terjochte. En doe’t ik it hûs seach, doe wipte my it hert fan freugde as in lammesturt! Ik gong nei it hûs en frege wêr’t Wobbeltsje wie. Doe sei de jonker, wat ik mei Wobbeltsje woe? Ik sei, ik woe frije! Doe befoel ik de jonker straks sa wol, want hy seach wol dat ik sok in fraaien tsjirl wie fan liif en lea, dat yn ‘e hiele stêd myn geliken net wie. Doe liet er Wobbel by my komme en hy sette my daliks iten en drinken by de rûs. Hja joech my fiif pikelhjerringen, dy flijde ik yn it liif en wy dronken doe fuort ris by de rige om en ik makke de keap dêr fuort klear. Ik siet rjocht oer ús Wobbels moai oansicht en hja oer mines wer. En doe’t ik tenlêsten wat mear ha woe, sa’t jo wol tinke kinne, doe sei de jonker, ik soe no ris wer nei hûs ta kuierje en kom op in oar tiid ris wer. Ik sei, “Nee jonker, ik wol te nacht by ús Wobbel sliepe.” Ja, ja! Koe ik hippelje, koe ik springe, ik moast ta it hûs út dûnsje. Hy sei, men moast earder net by de breiden sliepe of men moast it earst de pastoar oansizze. Ja, ik tink wol dat se ek hiel hillich yn ‘e stêd binne. Mar ik wie de jonker jitte al fiersten te slim. Ik makke it mei ús Wobbel, hja soe in finster iepen litte, en dêr wie ús Wobbel daliks hiel wol mei tefreden. Doe’t it no in bytsje tsjuster wie, doe kleau ik swietsjes ta it finster yn en kaam sa mei gemak by ús Wobbel ûnder. Mar ho spardelen wy dy nachts, dat himd en lekkens koart allegear skuorden! – O hûndert stuorren, ik bliuw hjir sa stean te praten! Ik soe wat guod foar myn kreamfrou út ‘e stêd helje en dy brui is my alhiel fergetten. Ik wit der net in hûneskyt fan hoe’t it hjit. Sjoch, dêr komt ús mem al oan, dy sil foar wis wol mei my kibje. Ik wol sizze dat ik al yn ‘e stêd west ha en dat it my ferjitten is, hoe’t it guod hjit, dat ik ha soe.
Sibbel
Dat dy de ravens frette! Stieste hjir jitte, do lilke skodde! Haste al yn ‘e stêd west en haste sjerp helle?
Waatze
Mem, wês tefreden! Ik ha al yn ‘e stêd west. Doe’t ik der kaam, wie it my alhiel fergetten, wat bruierij dat ik bringe soe. Ik ha de lju wol frege en der wie nimmen dy’t it my wist te sizzen.
Sibbel
Gean dan straks wer hinne, sjerp hjit it. Bring foar twa stuorren. Kinsto, domme hûn, dat net ûnthâlde? Do moast ek in widze meibringe, de jonge kin sa net lang lizze, dat witste wol.
Waatze
Ik sil it no wol ûnthâlde. Foar ta stuorren tar, en in widze. Mar hark mem, sil ik ek mear as ien widze meibringe?
Sibbel
Wat no, wat wolste mei mear widzen dwaan?
Waatze
Ik hoopje, as God it wol, wy sille oer sân wike jit in bern derby krije! It wie ús ien keap. Doch ik mei dan ris wer hinne kuierje, dan krij ik dan in earlik boadskip.