Obe Postma Priis en Fedde Schurerpriis 2008

logo.ensafh

Obe Postma Priis foar Tryntsje van der Zee en Fedde Schurerpriis foar Jaap Krol

Deputearre Jannewietske de Vries hat op tongersdeitejûn 11 desimber de Obe Postmapriis en de Fedde Schurerpriis útrikt. Yn Tresoar krige skriuwster Tryntsje van der Zee de Obe Postma Priis 2008, foar de bêste Fryske oersetting. Tryntsje van der Zee hat har jierrenlang ynsetten foar amateurtoaniel en foar Tryater. Yn de lêste trije jier makke se acht toanieloersettingen.

De Fedde Schurerpriis 2008 wie foar Jaap Krol mei de roman ‘M/F’. It is de earste roman fan Jaap Krol, in début yn in nij sjenre.

De publykspriis dy’t de provinsje by de Fedde Schurerpriis útskreaun hie, wie foar Simon Oosting, ien fan de trije nominearren mei de dichtbondel ‘Rauwe fisken op wynfear wolkens’; hy krige 158 stimmen. Elske Schotanus, ek nominearre mei har boek ‘Skrik’, waard twadde mei 112 stimmen. Der waarden 341 stimmen útbrocht.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *