
De measte froulju skoppe it net fier. Se winne gjin Nobelprizen, se binne gjin direkteur, se wurde gjin minister-presidint. Faak wurdt der dan sein dat it foar de frou sa dreech is om har steande te hâlden yn de mannewrâld. Dat is it typyske Cisca Dresselhuys-argumint: as it yn Opzij stiet, is it altyd wier. Mar sa’t ik al sei: it is net sa. As jo graach Opzij lêze, ried ik jo oan it fansiden te lizzen en ris te sjen nei Groeten uit Hoogkerk, foarhinne Groeten uit Appelscha. Faak binne Lucas en Gea en/of Christiaan en Diana der as gast en sjonge se in ferske.
Lucas en Gea binne yn ’e fierte modelearre nei Saskia en Serge. Christiaan en Diana binne in kloan fan Lucas en Gea. Se diele in protte: beide in stel, beide yn ’e muzyk, beide hiel populêr. Lucas en Gea sjonge ‘Steeds weer huil je’ en ‘De waarheid’, Christiaan en Diana sjonge ‘Mijn hart gaat boem’ en ‘Die nacht van ons tweeën’. Wylst Lucas en Christiaan mei reade hollen de minsken opswypje, lykje de froulju op it twadde plan te stean en soms in rigeltsje mei te songen. Mar dat is net sa.
Gea en Diana binne wiere fertsjintwurdigers fan de saneamde ‘girlpower’. Se sjonge mei in man, om’t se him nedich hawwe by it folbringen fan harren doel: slompen jild fertsjinje. Reden dêr achter: in grut hûs. In swimbad. Hynders. Sa’t ien bygelyks postboade wurdt om in auto keapje te kinnen, sa binne Gea en Diana artyst wurden. Skamteleas wurdt it liet brûkt om ryk te wurden. Mei dat? Ja, want it is it rjocht fan elk mins. Mar ek nee, want it berop fan de roppen sjonger wurdt sa hieltyd seldsumer. Dit type artyst, ik neam in Frank Boeijen, kin ien werom oan kwalifikaasjes as ‘rasartiest’, ‘geweldige collega’, ’vakman’ of ‘theaterdier’. Lucas en Gea / Christiaan en Diana kinne eins sjoen wurde as de ‘Iedereen kan schilderen met Ravensburger’ fan it artystedom. Se hawwe de geheime sessys yn ’e sliepkeamer ferlitten om ek ferneamd te wurden. Dêrmei is ien fan de grutste earekoades fan it minsdom ferbrutsen. Elk mins hat nammentlik oait foar de spegel stien om ien nei te dwaan – ik neam in Kate Bush, in Mick Jagger, in Gene Simmons (de bassist fan Kiss). It is in gefoelich taboe, deroer prate rekket de kearn fan ien syn persoanlikheid. ’Wa hasto neidien?’ hat dyselde lading as ‘Wannear wie dyn earste kear?’. It is dan ek net samar in geheim, imitaasje is in troch de biology bepaalde hoedanichheid, dy’t útlein wurde kin as needsaaklike tarieding op de fuortplanting. Antropologen en biologen sizze dat rolbefêstiging it grutste betingst is om de stam, de kennel, it nêst yn stân te hâlden. Kate, Mick en Gene binne yn dizzen paadsljochters, dy’t man en frou wize op harren bestimming.
Mar de matriachale twingerij fan Gea en Diana, dêr wurdt in wiere jager net gelokkich fan. In jager moat foarljochters ha, hantrikkings krije om nei te dwaan foar de spegel. Lykwols binne der op de hiele wrâld gjin gruttere koekjes te finen as Lucas en Christiaan. Se sjonge as opjage toarteldokes, om’t de jachtfergunning harren ûntnommen is. Warleas jutte se de minsken op, om’t it moat fan de frou. Nee, dan Cisca Dresselhuys. Sy easket allinnich mar in boskje blommen om sa de trochstiene patriachale fernederings in bytsje te kompensearjen – mar mear noch fol te hâlden. In bytsje gelyk hat Opzij fansels wol.