
(Dit is de sechsde ôflevering, de foargeande stiene op Farsk 121 en 122, 123, 124 en 125, sykje ûnder de rubryk Auteurs by Eric Hoesktra (dy’t de tekst oerbrocht hat nei de hjoeddeiske stavering; de ynlieding wurdt by elke ôflevering op ’en nij pleatst; mei dêrby in kommintaar by de oanbelangjende ôflevering)
Persoanlike noat (Subjektive ynlieding)
O eal hear fan smachtsjende Lêzers en Leafhawwers fan 17e ieuske Fryske literatuer – ha ik sa myn manmachtige doelgroep net moai krekt omskreaun?
Ja, de simmer is oer syn langste dei hinne, de moanne hat fol west en yn it skûlliif fan ‘e natuer ripet it sie fan fruit en nôt. Alsa begjint ek Midfrysk Goud wer te rypjen en frucht te setten, ear’t de fruchtberheidsprins anneks gelearde wer offere wurde sil oan de dea, en yn ‘e winter ta de ûnderwrâld ôfsakje sil, om pas yn ‘e maitiid wer nij libben ynblaasd te krijen fan ús leave Frouwe Natuer.
Swij do no stil, nuveraardige, en fertel de Lêzers wat de ôfdaling yn ‘e ûnderwrâld fan ‘e Fryske literatuer diskear wer oan nuveraardichs opsmiten hat,- dat doedestiids foar normaal trochgean koe.
Ta de saak!
Ta it platste wurkje ea skreaun!
Ta: Waatze Gribberts Brulloft!
(Midierde, 6 july 2008)
“Waatze Gribberts Brulloft” is oerset út it Platdútsk
“Waatze Gribberts Brulloft” is in literêr wurk dat better net te witten yn 1701 foar it earst printe is. It is in bewurking fan twa Platdútske kluchten, “Tewesken Hochtijdt” (De brulloft fan Tewesken), en “Tewesken Kinderbehr” (Tewesken kriget in bern). Dy twa Platdútske stikken binne yn de ferfrysking yninoar skood. It is net raar dat wy in oersetting út it Platdútsk foar ús ha. It Platdútsk is ommers, neigeraden as wy tichter by de romrofte Hanzetiid komme, hieltyd mear in wiere en machtige skriuwtaal. Sadwaande dat it orizjineel yn it Platdútsk wêze koe.
It krekte orisjineel ha wy net.
Wy ha net de krekte ferzje fan de Platdútske orizjinelen ha dêr’t WGB op basearre is. Dat komt om’t der yn it ferline gauris meardere ferzjes fan boeken op ‘e merk wienen. Yn in werprintinge koene stikken taheakke of weilitten wêze, sûnder dat soks eksplisyt ferantwurde waard.
Meardere ferzjes fan deselde tekst – wat is wierheid?
Soks is yn ús tiid ek noch wolris in kwestje. In skoftke ferlyn wie der yn ús tiid ommers in akkefytsje mei it feroarjen fan de notulen fan de twadde keamer. In oare relevante ûntjouwing is dat it tekstprogramma WORD de ûnderskate feroaringen yn in tekst allegear byhâldt: tink ris ta dat biblioteken yn ‘e takomst de oarspronklike digitale teksten fan auteurs bewarje soene, wat soene de wittenskippers smulle kinne fan sok ferzjebehear!
De Fryske bewurking is o.k.
De Fryske bewurking is gjin slaafske bewurking. Dat is oan trije dingen te sjen. Hoewol wy net witte op hokke ferzje fan de Platdútske Tewesken WGB weromgiet, kinne wy út de ferzjes dy’t wy wol ha mei in reedlike graad fan wissichheid ôfliede dat de ferfrysker sels saken taheakke hat. Fierder is it sa dat de oersetter gauris mei in kreative en orizjinele oersetting foar de hearen komt. En by einsluten falt op dat it Frysk in hiel autentike en sprektalige yndruk makket. En it hat net de keunstmjittige kompleksiteit fan taalgebrûk dy’t Gysbert Japicx as Barokman bestribbet.
Waatze Gribberts Brulloft
(1701)
Personaazjes
Gribbert, de boer
Sibbel, syn wiif
Waatze, har soan
Gaatze Binnes, Gribbert syn buorman
Jantsje, syn frou
Wobbel, har dochter
Bartolomeus, in skriuwer
Tryntsje, in tsjinstfaam
Dokter Kwaksalver
Kommentaar by dizze ôflevering
Posityf oer WGB
Wassenbergh
Wiene der ek lju dy’t in posityf oardiel hiene oer WGB? Jawiswierwol. Op it foarste plak heechlearaar Everwinus Wassenbergh. As klassikus, dus kenner fan in oare kultuer as de kristlike, wie hy fansels net sa bekrompen as it Wumkes en Piebenga, Halbertsma en Sytstra. Hy hat sels in anonime werútjefte op ‘e merk brocht yn 1820 fan WGB. Sykje hjir mar ris op Gribberts (selektearje 19e ieu by ‘wiisweidich sykjen’, dan fine jo de oarspronklike advertinsje fan de anonime Wassenbergh. Printer is de Weduwe van Altena. Hoewol Wassenbergh it boekje ‘ultraboersch’ hjit, seit er dat er it útjûn hat on twa redenen: fanwege it taalkundich belang fan it boekje en “omdat er in den eigentliken tongval des lands zoo weinige boeken en geschriften voor handen zijn!” Mar elkenien dy’t wit hoefolle wurk it is om in boek út te jaan, kin reedlikerwiis oannimme dat Wassenbergh it eins ek wol in grappich wurkje fûn. Oars sein, Wumkes, Piebenga of Halbertsma hiene it net opnij útjûn.
Ottema
Ottema wurdt altyd wat sneu ôfskildere as in naïve suffert omdat er yn de autentisiteit fan it Oera Linda Boek leaude. Dat byld is net terjochte. Hy hat in hiel flotte en linige ynlieding oer Fryske literatuer troch de ieuwen hinne skreaun. Fierder hat hy op wa’t de skriuwer fan Ansk en Houk is. En dit seit er oer WGB:
‘Het is niet te min een stuk van hoge waarde, eensdeels wegens dezuiverheid der tale, en anderdeels wegens de levendige schildering van den stand, het leven en de zeden der toenmalige boeren. De schrijver … is een geestverwant van Plautus.’
Ik woe mar sizze: asjeblyft!
Sânde útkomst
(Waatze, Wobbel, Sibbel, Dokter kwaksalver.)
Waatze
Mar, mar, wat hat ús leave Heare ús dêr in moai swiet bern jûn! En it hat, God tank, ek tier. Wat dy, do gútsje, do boefke, do skelmke! Wat dy, do hûnsfodsje! Hy laket my sa oan, hy moat foar wis wol witte dat ik syn heite bin. Hoe lakest sa, myn feintsje? Wat seiste, myn soantsje? Wolste brijke ite? Ja myn feintsje, hy sil brijke ite! Hoe is it, myn soantsje, wurdste kweld? Krigest it yn ‘e ûnrjochte kiel? Hoe hoastest sa, myn feintsje? Wol ik dy wat op it rechje kloppe? Sa, sa, myn berntsje, swij stil, it sil wol betterje.
Wobbel
Hoe no, Waatze, hoe gieste sa te wurk mei de jonge? Wolste my it bern om ‘e hals bringe? Ja, do hast it no makke mei dyn brijke te jaan. Koest it net lizze litte? Ik hie him niis iten jûn. Sjoch, no leit er en gappet nei de siken.
Waatze
O ik earme man! Hoe sil ik it no meitsje? It bern wol my ôfstjerre, it wol my ôfstjerre! Ik moat al myn bêst rinne nei ús mem, dat se my wat rie jout, hoe’t wy it mei it bern meitsje sille! Sjoch, dêr komt se wol te pas oan. Ei mem, kom gau ris yn. Ús bern wol stjerre!
Sibbel
Hoe is it dan gelegen mei it bern? Wat is der mei him?
Waatze
O mem, it bern is sa siik, sa siik! It gappet al nei de siken.
Sibbel
Datste tel nei de stêd rûnste, nei de dokter, om wat yn te jaan!
Waatze
Ik wit net, mem! De dokters bruie jin nammers in protte jild ôf. Wy hiene lêsten in siik keal, dat joegen wy kykris-kaakjes yn. Dat wy it bern dêr ek fan joegen! Dan hoefden wy net nei de dokter te gean.
Sibbel
Ja Waatze, wat sil dat wol wêze, do witste ommers wol dat it it keal net helpe woe. Hiene wy it net dea makke, dan soe it doch stoarn ha. It mocht it bern ek sa wol gean.
Waatze
Dat is ek al wier. Wat tinkt jo dan al, memke? Sil ik nei de dokter rinne, dat hy him wat bruierij yn jout?
Sibbel
Ja, doch dat leaver. Mar kom gau wer, as ien man.
Wobbel
Mar hark earst jitte ris, Waatze leaf. Witste wol wêr’t de dokter wennet?
Waatze
De earste dy’t my te mjitte komt, dy wol ik freegje. No, ik moat gau rinne, hy mocht oars stjerre en dan soe de dokter it net wiis wurde kinne wêr dat it him oan lei, en dan wie it alhiel ferbruid. En dan soene ús mem en ús Wobbel my jitte wol ôftouwe ek! Mar hjir komt sok in netten minske oan, dy moat ik ris freegje. – Goedei, moaie freon! Witte jo net wêr’t ik in dokter fine sil? Wy ha in siik keal, soe ik sizze bern, dat soe de dokter wat yn jaan dat it net stoar.
Dokter kwaksalver
Boer, ik ben een doktoor! Wat mangelt dijn kind? Waar doet het hem zeer?
Waatze
Mar blinder! Binne jo in dokter? Dat is te goed. Mar moaie freon, it bern is jitte te jong. It kin neat sizze. It is te nacht earst op ‘e wrâld kommen. Mar it spuit al út wat it yn it liif hat.
Dokter
Heeft het kind ook stoelgang?
Waatze
Soe it by de stoel gean? Nee, domme dokter! It is jitte sa fier net. It leit altiten yn ‘e widze.
Dokter
Ei do botte boerekneukel, ik vraag dij daar niet naar, maar ik vraag waarstu mienste dat het de meeste pijn heeft.
Waatze
Yn ‘e widze hat it de measte pine.
Dokter
Ei do rekel, loop voort en zeg datstu een gek biste.
Waatze
Wat sizze jo? Sil ik sjen oft er ek by it stek rint? Nee, dat wit ik wol better. Hy leit altyd yn ‘e widze.
Dokter
Ei nar, laat zien dijn kind, waar is het?
Waatze
Kom mei deryn, domme dokter. Wobbel, wêr is it bern? Hoe is it dermei? Hjir kom ik al mei de dokter oan. Sjoch, hjir leit dat skelmke, hjir leit dat gútsje! Hy laket sa, hy moat wol oan jo sjen dat jo in dokter binne en dat jo him wat swiets jaan wolle. No Wobbel, gean hinne en krij wat iten, dat de dokter wat ite mei.
Wobbel
Wol, wol! Mar sil ik ek net in mingelen bier of in heal helje? Ik tink ek wol ja! De dokter moat it iten wat del spiele.
Waatze
O hear dokter, jo moatte it bern wat swietsjes oanpakke, dat er jo net yn ‘e hân kakt, sa’t ús mem justerjûn die.
Dokter
Fij do boer, hoe onrein spreekstu! Kom met het kind wat in de lucht, dan wil ik zien dat ik het wat geve daar het mee beteren mag.
Waatze
No dokter, doch dat en sjoch wol ta, dat jo him my net om ‘e hals bringe. Jo sille my oars wer in nijen meitsje.
Achtste útkomste
(Waatze, Wobbel, Sibbel, Gribbert.)
Waatze
Ik tocht wol dat it my sa gean soe mei de jonge, dat der safolle ûnkosten op rinne soene. Foarearst moast ik in widze keapje, dy koste my wol alve stuorren. En foar trije stuorren sjerp foar de kreamfrou. En ik moast de dokter in gûne jaan, omdat hy my de jonge wer sûn makke hie. En hy skobbe jitte wol fiif of seis bargemargen yn ‘e ears, dy’t ús Wobbel makke hie. Mar it kweast is jitte benefter. No moat ik jitte in brij jaan! Dat sil my jitte ta in earm man meitsje. As it nei myn rie gean soe, ik woe dat opsnappen betsjen litte. Mar ik sil allikewol ús Wobbeltsjes rie folgje, dan hoeft se dêrnei net te sizzen dat ik har net leaf genôch ha. Doch, as ik my wol besin, as wy sa wat gasten ha, spylje ik sels mei op ‘e toet, en ús heit en mem moatte der it meast wol ta jaan. – No Wobbeltsje, heit en mem, wat tinkt jimme? Sille wy in brij jaan of net?
Wobbel
My tinkt, dat wie net kwea. Wat tinkt jo, memke? It is my hiel wol te wille.
Sibbel
Wy koene ús grize sûch wol slachtsje, dat soe ek al helpe.
Waatze
Ja! Dat is hiel goed, memke! Sprekke jo wat te bêste. Ús heit is in te gjirrigen stjonkert! Hy mei neat misse. Hy liket de muonts fan Âldekleaster, dy soarge nearne foar as foar syn eigen grouwe bealch.
Gribbert
Sibbel! Wat tûzen stuorren seiste dêr tsjin ‘e jonge? Woeste him ús grize sûg ta de brij jaan? Nee, dat slagget net! Dy ha ik ferline wike earst springe litten, O nee. Dêr sil er moai in aai foar sûpe.
Sibbel
Wat no, Gribbert! It is moai ús eigen, leave en ienige soan! Wy moatte him helpe, dat hy der wat mei troch komt.
Gribbert
Waatze! Wat mienste, datst oer myn grize sûch gear silste te biten? Dat sil dy wol misse. Do haste sels wol in oerjiersk spalling, dy mochtste slachtsje, mei in pear hinnen of twa. En helje der jitte foar in stoer sân acht swietguod deropta, en dêrmei út, dat wy fan ‘e muoite ris ôfkomme! Sa meiste sizze wa datste allegear bidde wolst.
Waatze
Wat tinkt jim dan? Sis mem en Wobbel, wa soene wy allegear bidde?
Wobbel
Ús mem en ús heit, dy moatte wy foarearst bidde. En dan ús neiste buorlju. Mar wat tinkt dy, soene wy ús buorlju, Binne Wopkes, ek al bidde? Dy mei sa ûntidige folle frette! Dy friet de spalling allinne wol yn ‘e bealch. Wy meie him leaver bliuwe litte, en bidde ús pastoar yn ‘e pleats, en bidde ús grytman en it wiif ta Metten, dy binne ryk, dy jouwe ús wol in grutte pinning mei! En dêrmei ha wy dan genôch iters. Wy sille de spalling mei de hinnen ek wol plúzje kinne.
Waatze
Dat is wol, dat is wol! Lit ús dat sa dwaan. Mar wat sille wy de jonge foar namme jaan?
Wobbel
My tinkt dat der jit wat bysûnders yn ‘e jonge stiket. Dat wy him in heech en grut namme joegen, en lieten him (as er grut waard) it dokterjen yn ‘e stêd leare.
Waatze
Ja, Wobbel! My tinkt dat der jit in gauwe geast yn stiket. Juster wie ús grytmans soan by my. Dy sei, hy koe wol sjen dat er in protte wiisheid yn ‘e holle hie, en sei, hy leaude net dat ik him allinne makke hie. Ik tocht strak (ik moat it dy no sizze), soe ús Wobbel , doe’t se yn ‘e stêd wenne, by de jonker ek sliept ha? Omdat hy dat sa gau sjen koe. Ek sa ha wy him binnen sân wike krigen, dêr’t oars de froulju (sa’t se soms wol sizze wolle) wol njoggen moanne wurk ha om in bern te krijen.
Wobbel
Wat no, Waatze, do witste ommers wol dat it al oer de sân wike is, doe’t ik dy ta it finster yn kliuwe liet en do fuort de hiele nacht by my bleauste. No ha wy sân wike boaske west, dat is fjirtjin. Sân wike hasto no by my sliept, dat is ienentweintich. Sân wike ha ik by dy sliept, dat is al achtentweintich. En dan ha wy jit sân wike by inoar sliept, rekkenje dat no ris tegearre, oftste gjin tiid genôch hân haste om sok in moai bern te meitsjen! Mar wat seiste, Waatze, hoe sille wy de jonge hjitte?
Waatze
Ja, dat liket al wat. Ik kin mei it sifer sa hiel rêd net omgean. Mar nei datste dat seiste, soe ik it koart leauwe dat it sa is. Wat tinkt jo, mem? My tinkt, omdat alle lju sizze dat er sok in grutte holle hat, der foar wis grut ferstân yn stike moat, dat wy him Jonker Dokter neamden.
Gribbert en Sibbel
Ja, dat is goed, Waatze! Dêrmei wol ik dan hinnegean en sis ús pastoar dat er dat wat ûnthâlde moat, foar as wy it fergeaten. En ik wol him ek mei ien sizze dat er dan moarn te brij komme sil.
Waatze
Doch dat, heit! No Wobbel, gean do hinne en hingje wetter oer it fjoer. Dan wol ik it mês slypje en de spalling slachtsje, dan meie wy moarn frette dat ús it kin dript! No, far wol en bliuw sûn! En as jim jimme allegearre tige oanstelle, dan sille jim in oar jier mei te gast.