Jouke Hylkema

Nei it easten

logo.ensafh

Alwer de lêste dei fan it jier hjoed. Ik sit hjir mei in man as fyftjin yn ’e ûnderwâl earne by Lauwerssyl. It is wat in stille keale wrâld hjir yn it grinsgebied tusken Fryslân en Grins. Wy waarden ûnderweis opholden troch stikeltried en minefjilden. Hjir en dêr leinen stille tsjûgen as sloppe ledepoppen te rotsjen, ja echt, jonge froulju en manlju. Ik skat sa tusken de tweintich en ’e fiif en tritich.
De wyn is east, it giet my sawat troch alle klean hinne, dochs moat ik eefkes rêste op in grinspealtsje út 1897. Oan ’e kime fan ’e swarte ierde rint in dyk mei like keale beammen. Se steane as widdowen op in rychje. Sa te sjen binne it popelieren, harren winterske silhûet docht wat tinken oan beammen sa’t Mankes se skildere. Wylst ik oan Mankes tink besef ik my dat Fryslân no efter my leit.

As der immen freegje soe wêrom’t ik hjir bin, dan sis ik gewoan dat ik de earmoede yn Fryslân ûntflechtsje, dat ik wurk yn Grinslân sykje as help yn ’e húshâlding, as húskehimmeler of as monteur.
Hawar foar dizze oertocht haw ik fiiftûzen euro betelle oan Jakko. Jakko is heal Frysk heal Grinslanner. Fansels is it net syn eigen namme, want minskesmokkelers wolle net altyd like graach mei eigen namme yn ’e krante, yn tsjinstelling mei harren advokaten, mar dat eefkes besiden.
Jakkes noch oan ta, ik moat der net oan tinke as Jakko der efter kaam dat ik dizze reportaazje meitsje foar Farsk, dan wie ik myn libben foarwier net feilich. Ik sil him krekt wat freegje as ik it sterker wurdende lûd fan crossmotors hear.

‘Ssst…gao lig’n en bek hold’n,’ byt Jakko ús ta, wylst er nei de grûn wiist om plat op it liif lizzen te gean, ‘as ze je hoorn of zien dan bej dood!’

Hoeden sjoch ik troch it beferzen reid hinne. Op in pear hûndert meter komt in lytse groep motorriders oanriden. Hja binne hielendal yn it swart. Om ’e skouders bongelje masinegewearen. It is in grinspatrûlje; of better sein, in patrûlje út Grinslân. Ik kin harren antlitten sjen. Allegear rûge keardels mei wrede eagen efter it fizier fan harren yntegraalhelmen. Ik sjoch harren grutte noastergatten snuven boppe swiere snorren. Dit mist net, dit binne Grinslanners! Ik pisje sawat fan benaudens yn ’e broek.

En dan bart it. Krekt op it stuit dat de patrûlje op ’e hichte fan ús groepke is, pipet myn mobyltsje mei in heech lûd de earste toanen fan it Fryske folksliet. Ik hear Jakko yn it Grinzers flokken, hy sjocht my elektrokutearre oan.