
(Dit esssee is in foarpublikaasje út it boek De wrâld fan Brolsma mei nije essees oer de ferneamde skriuwer Reinder Brolsma. It is Brolsma-tiid. Op 14 septimber binne ferskynd Reinder Brolsma (1882-1953) (Skriuwers yn byld 8 ) en Spegel fan Fryslân, in nije grutte karlêzing út de ferhalen fan Brolsma. Beide útjeften binne gearstald troch Brolsma-biograaf Doeke Sijens, dy’t ek tekene foar de einredaksje fan De wrâld fan Brolsma. Alle trije boeken binne útjeften fan de Friese Pers Boekerij bv.)
Earste moeting
Pas by it skriuwen fan De wite skelk fan Richt (1) yn 1990 haw ik in poarsje boeken fan Reinder Brolsma lêzen.
It Heechhôf fûn ik geweldich, fanwege de wiidweidige beskriuwingen, dy’t it plak fan hannelingen ynnommen lykje te hawwen.
Mei De Froulju fan de Fetweider fan D.H. Kiestra en Sjoerd van der Schaaf syn Abbingawâld foarmet it myn top trije fan de âldere skriuwers.
Foar dit stik haw ik alles opnij lêzen. Dat wie mar goed ek. Want myn idee dat Brolsma oer neat oars skreau as oer boeren, boerewurk, komelkers en lânarbeiders, moast ik bystelle en – wichtiger – ik kaam op wat nijs.
De fraach no is hokker byld Brolsma by de lêzer opropt. En wat sizze dy bylden oer it âlde Fryslân? Sûnder yngeand ûndersyk kin ik dizze fragen allinne mar hiel persoanlik probearje te beantwurdzjen.
Paradys oan ‘e Ie
Brolsma is ferneamd om syn beskriuwingskeunst: mei rjocht.
It publyk fûn en fynt it prachtich sa as Brolsma skreau. Syn kritisy erkenden wol it spesjale dêrfan, mar struktuer en ûntjouwing fûnen se swak.
In hiele side oer de winter, in melkerijsêne fan trije siden, oardel side oer it fallen fan ’e snie. Is dat oerdiedich of fassinearjend?
In grut part – 30 oant 50% – fan It Heechhôf bestiet út beskriuwende tekst los fan de rin fan it ferhaal. Wat mear beskriuwing, wat minder hanneling.
It Heechhôf befettet dan ek net folle ûntjouwingen of aventoer, it is de beskriuwing fan in paradyslik stikje Fryslân oan ‘e Ie. It paradyslike fan it lân is ek wichtich yn de oare boeken en ferhalen fan Brolsma.
Iewâl en omkriten, eins it hiele Fryske plattelân is in utopy. Brolsma besjongt it lânskip, de loften, sawol oerdeis as nachts. Syn personaazjes hawwe der ek each foar, steane regelmjittich fan de skientme fan lân en ljocht te genietsjen: [-] ‘hja seagen alle trije de lette sneontojoune kommen oer de wide fjilden fol oppers hea, hwaens swietrook rounom wier.
De loft wytge ek frede, mar alle boerefolk ginde it hjarsels yette net.’
Dizze oanbidding fan it lânskip en it boerelibben rint foar guon minsken út op slimme ferslaving, sjoch it ferhaal Nei it âlde doarp.
De âlde boerefeint Dirk komt by syn skoansoan yn Ljouwert yn te wenjen. Hy wurdt siik fan de stêd, hy moat de greiden, de túnderijen yn om te sjen hoe’t it gewaaks der by stiet en dêr mei oaren oer prate, al is dat ek mei de boer dy’t him eartiids sa min behannele.
’t Is jammerdearlik, him ûntbrekt alle fleksibiliteit en hy wit net te genietsjen. Sjocht er in moai sleepboatsje, skriuwt Brolsma dat Dirk net in man fan farren is.
De reis nei it âlde doarp – nostalgy! – wurdt him fataal.
De personaazjes yn It Aldlân en Richt tinke regelmjittich werom oan it paradyslike Heechhôf.
It is lykwols in paradys mei frjemde trekken. Bewenners fan in paradys hearre sûnder soarch te wêzen. Dat binne se by Brolsma net. Jan Brúnja (Heechhôf) en Arjen (Sate Humalda) buorkje efterút troch de ekonomyske delgong en de macht fan it jild, dy’’t yn dit ‘paradys’’like ûnferbidlik is as earne oars. De sosjale ferskillen, de machtsferskillen binne te grut om fan in paradys prate te kinnen.
Paradyslik is it gearwenjen fan de stive, leauwige Bokke en de rare spring yn ’t fjild Richt. Se krije bern en ek Richt har âlden komme noch by harren yn te wenjen. Alles yn grutte harmony.
Soks wie yndertiid net karakteristyk. Earmoede wie it lot fan party âlderen. Earmesoarch en earmhûs wiene harren einbestimming. Boeren holden ‘sa lang mooglik de bôle ûnder de earm’, sei men. Joegen se dy ôf dan wiene se tsjinoer de opfolger harren machtsmiddel kwyt.
Brolsma syn byld fan it ferline is te moai. Beamtegrien en kij yn ’e greide meitsje noch gjin paradys.
Yn Salmsteich neamt Brolsma wol de spekriderij, mar net dat hjir âlde krebintige lju fan 70 jier of âlder oan meidienen. Reedride koene se net mear, mar om in stikje spek te besetten moasten se de baan ôfstrampelje, op klompen.
Wiidweidich komt de spekriderij ek foar yn It Jonkje. ‘Nee, wierliken, men soe nea wat grappigers te sjen krije as dizze beide âlde, stive mannen, as hja net út ein komme.’
Hoe skandalich âlde minsken hjir te kyk set waarden, komt by Brolsma, nettsjinsteande syn mûglik wat synyske opmerking hjirboppe, net rjocht oer.
It paradys bedrige
In utopy, in paradys, is in frijwol sletten mienskip. Bûtensteanders foarmje yn sa’n gefal in risiko.
Ta behâld fan it paradys of de utopy wurde dy skieden fan de ‘weareld’.
As Richt fan in besite oan Gjet wer nei hûs giet, skriuwt Brolsma: ‘Dêr daliks al wie it toetsjen fen autohoarnen, it stampen fan motorfytsen – de wrâld.’
It doarp lei dus ‘’ûten’ de wrâld en sa wie it ek mei Iewâl.
As Gjet en Meijer mei de boat nei it Heechhôf reizgje, beare se as wiene se in oseaan oer stutsen, sa útsûnderlik wie sok ferkear.
Bedriigjend binne de baggerlju mei harren float, dy’t tichteby it Heechhôf foar de wâl lizzen gean. Richt jout harren molke. Har mem warskôget, dit is hiel oar folk. Dêr kin men gjin gedoente mei ha. Naasje is it.
Dochs rekket Richt fereale op ien fan de mannen.
Stiene Brolsma syn ‘smearlappen’ model foar dy fan Wadman? Ferskil is der op it mêd fan de seksualiteit. Richt is tige ôfhâldend. It giet net fierder as inoar omearmje en patsje.
Paradyslike erotyk en seksualiteit? Nee, seksualiteit, dat is it ‘bist yn ’e mins’.
‘Oar folk’ fynt men benammen ek yn ’e stêd. De âldelju yn Ypeus reitsje alhiel oerstjoer om’t harren fanke mei in moadieuze stedske feint oansetten komt. Dat kin, sizze hja, allinne mar op swierens útrinne! En dat is in freeslike skande. De âld man wiist har sels it gat fan de doar, wylst der neat oan ’e hân is.
Daniel (Groun en Minsken) sjocht ek neat as ferdoemenis yn ’e stêd. Foar froulju is de stêd al hielendal net fertroud.
It liket net in kwestje fan oare noarmen, mar it fierhinne ûntbrekken fan selsbetrouwen tsjinoer ‘frjemd’.
Brolsma skoep in paradys fan eat dat gjin paradys wie of wurde soe.
Realist
Douwe Kalma neamde Brolsma in realist. Fryslân, skreau Fedde Schurer, ‘mei greatsk wêze op syn realist’. (2) Dat realisme socht Brolsma al fan syn jongesjierren ôf, hy frege him doe al ôf wêrom’t er it ‘gewoane Fryske boudoarpelibben’ nea yn boeken en tydskriften fûn. (DS)
Mar hoe realistysk is Brolsma eins? Dat er it meast oer de ûnderste lagen fan de maatskippij skriuwt, is in earste aspekt fan realisme. Net allinne oer boeren en arbeiders, mar sûnt er yn Ljouwert wenne ek oer de minsken dy’t dêr om him hinne wennen. Earst yn de Iebuert, in folksbuert, dêrnei yn de wat boargerliker Van Heemstrastrjitte, doe yn de alhiel boargerlike Molenstrjitte. Sa kamen oare naasjes út oare lagen yn syn ferhalen.
De lânboukrisis jierren ’80 ferwurke er bygelyks yn Fen ’t Hege Lân. Hiel wat boeren koene de hier net opbringe. Arjen bygelyks buorket al op in âld spul, mar ‘de tiden binne tsjin, de boer net moedich genôch om der yn op te wrakseljen. De frou is ryklik boas, mar hja kin ek net keare, dat hja fierder sakje’.
Brolsma skilderet dat sakjen as in grut drama. Moat in boer fan in pleats, sjocht er by it boelguodzjen oaren mei syn guod sjouwen, dat is it slimste wat him oerkomme kin.
Soks soe by Isaak Babel – om marris ien te neamen – stipe wurde troch dramatyske sinne-ûndergongen. Sa net by Brolsma: op deselde side skynt de sinne, meitsje de mosken leven ûnder de pannen, tsiere se op de mjuksplanke en de ûle wjukkelet op de jarrepomp. Hoe mâl oft it ek giet, der bliuwt altyd wat te genietsjen neffens Brolsma. Dat liedt ta in ûnrealistysk dûbel(sinnich) byld, paradys en earmoede.
De minne tiden hawwe ta gefolgen dat in soad boeren nei Amearika emigrearje. Sa ek Arjen syn folk. Hy en syn frou bliuwe, mar it giet harren hieltyd minder. En úteinlik komme se terjochte yn de gribusbuert by de Aldehou. Arjen wurket op it striefabryk, it minste fan it minste. Winterdeis is er baanfeier. Sa moetet er in rike boer dy’t him fan dizze skande befrije wol, him jild jout om wer in boerespultsje te begjinnen.
Dat soks ûnder boeren barde, fernuveret my; hoe realistysk wie dat?
De ellinde fan it striefabryk en de krotten rûnom de Aldehou neamt Brolsma wol. Dochs, de skerpe kanten binne derôf.
Wa’t ferslaggen fan ûndersyk – bygelyks de Parlementaire Enquête fabrieken en werkplaatsen (3) en ûndersyk nei de omstannichheden fan ‘e âlderein (4) – lêst, sil huverje fan de ôfgryslike tastannen dy’t dêryn fêstlein binne. (En fergelykje Brolsma ris mei Ary Prins syn Uit het Leven.) Sjoch Jacques Giele (5) dy’t de minsken sels oan it wurd lit. Sa fertelt in Fryske lânarbeider (berne 1892) oer it iten:
‘’rij na de aardappels was er voor ons niet bij. Vader kreeg een paar dagen wel eens wat brij. Die man moest toch alle dagen zwaar werk doen. Dan mochten wij om de beurt de pan uitlikken, niet veel maar wij wisten dan toch hoe het smaakte.’
‘Verder kreeg zijn moeder wel eens een koeiehart met longpijpen. Van die longpijpen kookte moeder zondags soep [-].’
Wol wat skerper is Brolsma yn De kreupele as er de jammerdearlike wenomstannichheden fan âlde Beitsmuoi skilderet.
Dat de lânarbeider proletarisearre, dat de wurkleazens ûnder de losse arbeiders heech wie, dat it lean fan in arbeider net genôch wie om fan te libjen, de altyd driigjende ellindige earmoed, berne-arbeid, lange arbeidsdagen, ’t is faak net dat Brolsma it net oantsjut, mar it engaazjemint hie wol sterker ta utering komme kind.
Sosjalist
Giet it oer boeren en boere-arbeiders en harren wurk, dan is Brolsma wiidweidich en detaillistysk. Oer it sosjale, it sosjalisme is er koart. De swalkers yn Bylâns de wei binne earm as luzen, mar oer de emansipaasje fan de arbeider, 8-oerige wurkdei en oare easken fan fakbûnen en partijen wurde wy by Brolsma net folle gewaar.
Sate Humalda is, neffens Sijens Brolsma syn meast politike roman. Dochs is it mar in beheind tal siden wêr’t it oer de sosjale beweging giet. Ek noch sjoen fanút Arjen, de boer. Dochs wie Brolsma neffens Sijens sosjalist.
Dy foarkar kaam ûnder oaren ta utering by it ferstjerren fan Troelstra, dy’t er ‘ien fan de allergreatsten’ neamde. (DS)
‘In reade gloede stiicht op’ út Nardus, sosjale striid is te finen yn Striid en it sosjalisme komt ek oan de oarder yn De bouwers, sa skriuwt Sijens.
It is der allegear yn te finen, ja. Mar ek yn dizze stikken is de romte dy’t Brolsma oan de arbeidersbeweging besteget, tige krap. In romantisearre skiednis fan de sosjale beweging kin syn wurk net neamd wurde. It sosjalisme bliuwt by him in râneferskynsel dat troch simpele naasjes fersimpele wurdt ta it nim- en ytrjocht, pak de rike boeren alles ôf en ferpartsje it op ’e nij.
Yn it ferhaal Ekstra nûmer is it in healwize strjitmuzikant (in soarte fan Had-je-me-maar) dy’t yn ‘wyldoerdwealske beskôgings’ – ‘mystyk kommunistysk’ – de jonges in nije wrâld foarsette.
De pakesizzer fan Dirk út De reis nei it âlde doarp hat in primityf idee fan sosjalisme oerholden fan wat syn ienfâldige heit him learde: der binne ‘twadderlei soarte minsken, mei kaptael en dêrsûnder’, en dy moasten ‘trochinoar mjukst en allikens wirde’’
Fan hegere wearden is by dizze ‘sosjalisten’ gjin sprake. Sijens skriuwt dat Brolsma net folle ophie mei stedske sosjalisten.
En ’t is wier, yn syn ferhalen binne it net de meast snoade lju.
Arjen, seit Sijens, is de ferliezer, hy wol net boppe de arbeiders stean: ‘Mei dat ynsjoch wol Brolsma sjen litte dat Arjen in lottering ûndergien hat.’Ik sjoch dat oars. Arjen hat neat dien om dizze konklúzje te rjochtfeardigjen. Hy wol ommers wer boer wurde, en dan net op sa’n rottekleaster as wêrt hy no noch bealchje moat.
Dy kâns kriget er.
Fan it earste jild dat de pleats opbringt, keapet er in gouden spjelde mei edelstiennen, want syn frou moat wer boerinne wurde.
Op in boelguod keapet er in weintsje, om wer út riden te kinnen. Wylst syn frou warskôget dat hja dêr noch net oan ta binne.
Arjen in ferliezer? Fergelykje syn mooglikheden en kânsen mei dy fan in arbeider doetiids. Dàt wiene de ferliezers. Kamen se yn ferset, wiene se lid fan in sosjalistyske partij, staakten se, dan krigen se yn de hiele omkriten gjin wurk wer.
Sjoch Striid,oer in arbeider dy’t net oan ‘e bak komt omt er ‘’read’ is; syn wiif trunet him oan ûnderkrûperswurk te dwaan. Hja hawwe gjin sint mear. Hy docht it, mar hat fuortendaliks spyt en giet de oare deis net wer.
Fan de 19e-ieuske sosjale ûnrêst en sosjale beweging kriget de lêzer gjin dúdlik byld. Oare boarnen toane oan dat dy beweging yn Fryslân krekt mânsk en aktyf wie.
Mar Brolsma falt syn selsmakke paradys net ôf.
Tinker
Sijens syn besprek fan Brolsma syn tinken oer rassen is der in foarbyld fan hoe’t de ynterpretaasje fan de werklikheid fan minsken ferskille kin. Neffens Sijens hat Brolsma him – op in artikel oer joaden yn Fryslân nei – nea dwaande holden mei rassuverens.
Faksistysk tinken wie Brolsma frjemd. As bewiis sitearret Sijens in reaksje fan Brolsma op in film oer Hawaï, dy’t er yn de bioskoop seach, neidat der oarlochsbylden út Sina en Etiopië fertoand wiene: [-] ‘mij verbijstert deze zonderlinge, verwarrende opeenvolging. Want ai, wat legt de beschaving het weer af tegen deze bruine, halfnaakte en zeldzaam welgevormde wezens! De aanblik van die bruine eilanders, die zoo tevreden en blij lachend met hun naakte vingers eten en in een boom klimmen, of gracieus samen dansen onder de wuivende palmen en een stralend blauwen hemel, schenken (de schrijver) het gevoel weer van stille vergenoegdheid, van tevredenheid met de dingen (die) hij sedert den middag, bij het vertoef in het friesch greidelandschap, gemist heeft.’
Yndied sprekt út dit sitaat gjin faksisme, wol in foarm fan paternalisme, fan diskriminaasje, it is de romantisearring fan de ‘nommele wylde’ fan Rousseau.
Hoewol’t Sijens mient fan net, makke Brolsma ek oare saken moaier as se wiene.
Of hy stapt oer saken hinne. Sa ûntbrekt de meganisaasje fan ’e lânbou, it opkommen fan ’e suvelyndustry en fytsende personaazjes komme sporadysk foar yn Brolsma syn wurken. (Fiskje yn Spegels)
De djippe ellinde dy’t eartiids rûnom yn Fryslân foar master opsloech, fine jo net as sadanich yn Brolsma syn wurken. Ja, yn It Heechhôf moat Jan Brúnja fan ’e pleats.
Yn De reamme fan it libben kriget in earme spylman wat lytsjild fan de boer.
Obe Palma giet fallyt, mar hy rint grif net mei de honger yn ’e hals.
Sterk romantisearre is bygelyks Groun en minsken. De strieboer senior en junior binne ‘losers’. It prachtige hynder dat Daniel wint yn in lotterij, bringt neat as ellinde. Brolsma bringt dat oer sûnder lange natoerbeskriuwingen.
Mar it beskriuwen kin er net litte. In haadstik as dat oer de begraffenis fan senior liket in artikel út in tydskrift foar folkskultuer. Sels de ferskate soarten fan reau wurde besprutsen.
Sa wiidweidich is er net oer berne-arbeid as de lytse Doutsen ‘it lân op’ moat, letter ek soan Lammert, dy’t him deawurket. Dêr wurde mar in pear rigels oan bestege. Wylst de wet fan Van Houten fan 1874 is en de diskusje oer berne-arbeid doe al sa’n 25 jier duorre. Brugmans (6) skriuwt dat yn Fryslân de berne-arbeid it meast foarkaam by it fjildwurk, net yn fabriken. De ivige earmen, de tastannen op ’e heide en yn it fean, de reboelje op It Bilt, Domela syn driuwen yn Fryslân, by Brolsma fine jo oer al dy saken mar in lyts bytsje werom. Perfoarst gjin sosjale skiednis yn romanfoarm sa as Theun de Vries dy skreau.
It is wol slim wat guon personaazjes oerkomt, mar it skrynt de lêzer net.
Simme en Zen!
Brolsma en de measten fan syn personaazjes digerje oer it Fryske lânskip, observearje de loften en de seizoenen mei harren typearjende kleuren en oare bysûnderheden. Yn Ypeus treffe wy in digerjende Pel, dy’t in heale side byinoar grommelet: ‘Lân wat bistou moai.’
En: (yn Groun en minsken stiet) ‘dwers troch dy apart moaie wrâld [-] roun nou de spoardyk, heech, rjucht [-] it steurde yn dizze smûke omjowing.’ Yn ’e stêd wurde de minsken fan bûten siik, wylst stêdsjers gjin begryp hawwe fan lân en frucht.
Oant safier wie ik al lêzend kaam. Wie Brolsma in realist, in romantikus, in sosjalist, in betûft omskriuwer, of dochs in master mei de pinne?
It kaam hiel oars.
De stikken foelen op harren plak doe’t ik De reamme fen it libben yn hannen krige.
De earste alinea wie wer poerbêst.
‘Fen Tuinen stie yn de iere moarntiid op it kreas oanklaude paed, midden twisken syn blom- en spinaazjebêdden yn, en fielde, det de wyn út it Súden kaem.’
Wêr die my dit oan tinken? Earst fierder.
Wat hawwe de âlde Simme fan Tuinen, earder boer, en syn frou de hiele dei by de ein? Ite, ite, ite en drinke. Dy berch iten en drinken ynventarisearret Brolsma, as wie er antropolooch. Om in yndruk te jaan hjir in rychje ûnderwerpen mei it tal rigels dat Brolsma dêroan besteget:
Tinzen oer de kastanjebeam 17 rigels
Fan Tuinen giet om tee 36
Op de bôle 22
Kofje mei koeke 10
De fiskman komt lâns 25
12 oere-iten 45
Stille neisit fan in kertier 5
Tee en segaar 6
Oer iten en brânje foar de winter 11 rigels
It ferhaal einiget mei nochris 20 rigels oer iten.
Fan Tuinen smookt in pypfol en stekt dan ôf nei it kafee. Nei in pear slokjes nei hûs, dêr stiet in waarm miel klear. Dan nimt er noch in loopke en dêrnei is der kofje.
De oare deis geane se nei de boer dy’t harren pleats no berêdt. Dêr krije se hast noch mear te iten en al dat iten wurdt mei in soad wurden opsomme en beskreaun: yn sa’n 60 rigels neamt Brolsma wat der oan iten en drinken op ’e tafel komt.
Brolsma neamde it sels ‘de forhearliking fen it goede libben’.
Ite en drinke giet neffen regels, foarmje rituelen. Bygelyks as Fan Tuinen, syn frou en de faam út iten sille, dan moat dy faam perfoarst ‘in lyts nusje skinke’ opite, want mei in ‘lege mage út to gastrearjen’ wie ûnfatsoenlik: ‘Scoe men dêr sitte en de terms scoenen jin rattelje’… Dat koe net.
Mar der is mear. Simme en de frou yn ’e tún:
‘Hja panderen togearre by alle bedden lâns en forkwikten harren mei de wielde fen kleuren en seagen nijs oan alle nije, fine, teare útsprútsels en ho dy dy deis wer in knikje avensearre wierne.’
Yniens, yn in flits, in gedachte. Dy hieltyd mar werhelle beskriuwingen, dat detaillistysk opneamen fan wat minsken dogge, it stribjen nei in paradys, de hast rituele omgongsfoarmen, it djipgeande genietsjen fan de natoer en it ienwurden, it opgean yn de natuer, wiist dat alles net op zen?
Yn myn jonge jierren wie zen(boedhisme) tige populêr. It wie gjin religy, mar rjochte him op it deistige. En it sleat hiel moai oan by it absurdisme (yn ‘e keunsten) fan dy jierren.
Yn in ferneamd foarbyld fan zenpriester en learling komt dat ta utering:
De learling freget de master wat er dwaan moat om ferljochte te wurden.
De master freget: ‘Hast al iten?’
‘Ja.’
‘Waskje dan dyn itenskom om.’
Dat spruts my yn de jierren ’60 wol oan. It boek De tuinen van zen fan Bert Schierbeek en de troch him sitearre Suzuki wiene yndertiid myn boarnen.
Doel fan zen is dat skôger en objekt ien wurde.
Schierbeek: ‘Zen is geen filosofie, Zen is een praktijk.’ Dy praktyk kin fan alles ynhâlde. Tal fan publikaasjes toane dat oan. Nei’t yn 1974 it boek Zen en de kunst van het motoronderhoud (7) útkaam, folgen titels as: Zen en it autoriden, it studearjen, it skriuwen, it berchbeklimmen ensafuorthinne, ensafuorthinne, wol in tweintich titels.
Sjoen Brolsma syn fassinaasje, konsintraasje, ynspiraasje, en syn bysûndere beskriuwingskeunst wurdt it tiid foar Zen en it buorkjen.
Net dat hy it begryp zen brûkte om syn observaasjes te beneamen. Nee, mar syn styl, it stribjen fan de personaazjes en hoe’t sy de dingen sjogge en dogge, ik haw der mar ien etiket foar: zen!
De reportaazje oer it zensintrum De Noorderpoort yn Wapserveen (NRC weekblad 13-19 juny 2009) ûnderstipet dat: ‘Werken is ook zen, mits het met aandacht gebeurt. Zo kan de afwas een meditatieoefening zijn, of paardepoep scheppen, of het snoeien van een linde.’
Yn Groun en minsken sjogge wy in foarbyld fan in anty-zenhâlding. Daniel hat nearne each foar, gjin sprankje ideaal, idee of filosofy. It is in mesine sûnder gefoelens en mei in ‘hiel koart lontsje’.
De pleats fan Daniel – Stringsein – hat, hiel oars as Iewâl,gjin paradyslike trekken, it is earder in dystopy. In wrede potentaat is Daniel, gjin streekje frijheid gunt er syn ûnderdienen. Seit er nee, dan is it nee, al is it noch sa ûnrjochtfeardich. Syn bern sykje oar plak en úteinlik ferlit ek Frouk him.
Daniel rydt troch noardwest Fryslân; Brolsma skriuwt: ‘dat is in seldsum geniet for elts dy’t hâldt fen it frije sicht oer de lânnen, nammerstomear for hwa’t der dei oan dei op it naust mei syn wirk oan forboun is. Hy sjucht mei oardiel.’
Mar Daniel seach neat en dêrom ‘wier it oars net as doelleas swalkjen hwat er die’.
Dit soarte fan ûnderskied tusken de wize wêrop’t minsken harren omjouwing waarnimme, soe út it hânboek Zen en de keunst fan it buorkjen komme kinne.
Simme fan Tuinen ûnderfynt de dingen op djippere wize. Yn de 23 siden fan De reamme fan it libben giet it oer it meast deistige libben, ite, drinke en om jin hinne sjen. Dêrút kin in oarsoartich bewustwêzen ûntstean. (Yn zen-taal satori (ferljochting).) Sa besjocht Simme fan Tuinen yn ’e kelder de weckflessen mei ynmakke griente. Yn alle flessen sjocht er in skilderij!
Op in jûn stiet er yn it tsjuster by in hikke ‘en hie folle en wûnderbaarlik grutte gedachten’. Zen!
En: ‘Mei allinne syn eigen skaed, skerp op ’e snie ôfteikene, ta selskip, pandere hy do werom.’ Zen!
Bysûnder estetysk fielen sprekt ek út de ‘warbere, soargjende hân’ fan Simme syn opfolger: ‘Trije gollen hea sieten dêr fan bynt ta bynt, moai roun biknipt en dêr hinge net in teister ta út ef swierde oer de reed om.’
Is dit net Brolsma syn ekwivalint fan de zen-tún mei allinne oanharke sân en stiennen?
Ta beslút
Brolsma skilderet Fryslân as wie it in paradys, benammen Iewâl. Der wenje wol earme minsken, mar dy kinne like goed genietsje fan it lânskip, it boerewurk en de frucht op it lân.
Skande dat der in stêd yn dat paradys leit, want in stêd is gefaar, makket jin siik.
Fierder kinne wy konkludearje dat Brolsma in realist, sosjalist en tinker mei beheiningen wie.
In tige romantysk skriuwer, passend by it 19e-ieuske Fryske romantyske barren, passend yn de konstruksjeteory fan Goffe Jensma. 8 )
Syn bysûndere styl fan skriuwen, de yntinsiteit wêrmei’t de boer en syn feint harren wurk dogge, kin men beskôgje as Zen en de keunst fan it buorkjen.
Noaten
1. Willem Winters – ‘De wite skelk fan Richt’, Hjir 6, des. 1999
2. Doeke Sijens – Sa’n tûzen blauwe skriften; biografy fan Reinder Brolsma, 2001. (Oare ferwizingen en sitaten út dit boek haw ik oanjûn mei DS)
3. Enquête gehouden door de Staatscommissie benoemd krachtens de wet van 19 januari 1894, no.1. Verhoren, Den Haag 1890-1894
4. J. Giele – Arbeidersleven in Nederland 1850-1914, 1979
5. J.E. Millard – Het vraagstuk der verplichte pensioenverzekering voor onbemiddelden ingeval van invaliditeit en ouderdom, Amsterdam 1898
6. I.J. Brugmans – De arbeidende klasse in Nederland in de 19e eeuw, 1813-1870, 1978
7. Robert M. Pirsig – Zen en de kunst van het motoronderhoud, 1974
8. Goffe Jensma – Het rode tasje van Salverda, 1998