Piter Boersma

Foaropwurd 127

logo.ensafh

Farsk (en Hjir) fierder ûnder in nije namme
Dit is de lêste ôflevering ûnder de titel Farsk. Farsk hat dêrmei syn 6e jiergong folmakke en giet hjirnei fierder ûnder in oare namme.
Wêrom?
It tydskrift Hjir en it ynternettydskrift Farsk ha yn 2008 redaksjoneel de lapen gearsmiten mei it doel om mei yngong fan 2009 te fusearjen. De reden: yn Hjir en op Farsk publisearren foar in part deselde auteurs, de tydskriften stiene ynhâldlik ticht byinoar, se soene inoar ynhâldlik en redaksjoneel fersterkje kinne. Sa soe in stevige basis lein wurde kinne foar de beide tydskriften ûnder in nije namme.
En sa sil it no. Mei yngong fan 2009 gean Hjir en Farsk fierder ûnder de namme ensafh
De namme kin fansels lêzen wurde as ‘en sa f(arsk) h(hjir)’ en – mei in punt der achter – is it de ôfkoarting fan ensafuorthinne (literatuer dêr’t altyd literatuer nei komt, it giet altyd fierder), mar as men dat der net by tinkt hat ensafh de útstrieling fan in wrâldwurd.

De namme is betocht troch redakteur Jacobus Q. Smink. Der wiene ek oare nammen ynstjoerd. Wy sizze de ynstjoerders dêrfan tank foar de muoite dy’t se nommen ha en hoopje dat se krekt as de redaksje fan betinken binne dat dizze namme in skot yn ’e roas is.

Fan ensafh sille 6 ôfleveringen +1 (it Rely Jorritsma-nûmer) fan 64 siden op papier ferskine, krekt as Hjir no, en 20 ôfleveringen fan likernôch 12 siden op ynternet, sa as Farsk no. De papieren en de ynternetferzje sille net itselde biede, se ha beide har eigen ynhâld.
De fuortsetter fan Hjir krijt in nij formaat en in nije foarmjouwing.

De eigener
De eigener fan ensafh is aanst de stichting Hispel, no de útjouwer fan Hjir. De stichting Farsk lûkt him mei yngong fan 2009 werom.

In nije útjouwer foar de papieren ferzje
Stichting Hispel hat de Friese Pers Boekerij ree fûn om it nije blêd út te jaan, dat wol sizze de papieren ferzje.
De redaksjonele wurksumheden en de ynternetwurksumheden (webmaster, ûnderhâld ensfh.) falle ûnder de ferantwurdlikheid fan de stichting Hispel.

Wêr aanst te finen?
Fan 24 jannewaris 2009 ôf is de fuortsetter fan Farsk te finen ûnder: www.ensafh.nl

Dizze Farsk
Op dizze lêste Farsk stiet ek de lêste ôflevering fan Waatze Gribberts Brulloft.

Wy winskje jo in goed 2009 ta!