
Bliuwt Fryslân in provinsje, in selsstannich lânsdiel?
De simmer rint op ’e ein. It wurdt hjerst en dan winter. Mar dat is de rin fan de seizoenen mar. It lot fan Fryslân moatte wy net yn dat kader sjen. Nei de winter komt der foar de natuer wer in maitiid. Fryslân is net natuer mar kultuer. En as yn de kultuer wat fersonken is, is dat foar ivich. De kâns dat in fersonken kultuerelemint yn letter tiid wer ta libben komt is nihil en as it al wer boppe wetter komt, wurdt it net wer it libbene elemint fan earder, mar is it net mear as in referinsje.
Dat der oer safolle jier in provinsjale weryndieling komme moat driget in politike konsensus te wurden. Fansels, salang’t it noch net sa is, kin it noch oars. Mar yn de politike wrâld ditsoarte saken wer in oare kant út te krijen is hast ûnmooglik.
Kin Fryslân de dûns net ûntspringe? Fêst wol, mar dan moatte wy it wolle.
It hinget fan ússels ôf.
Ik tink dat de ynset wêze moat om net allinne te easkjen as provinsje bestean te bliuwen, mar tagelyk mei de eask ta mear autonomy te kommen.
Folsleine autonomy moat dan fansels it úteinlike stribjen wêze.
Yn politike saken en benammen nei Den Haach ta binne de Friezen sleau as it der op oan komt om foar Fryslân wat klear te krijen. In Frysk politikus is mear as trou oan Den Haach, hy wol ek nochris it bêste jonkje út de klasse wêze. Friezen binne folle mear mânsk as it derom giet op it Haachske plús telâne te kommen. Te sitten op it Haachske plús is de ultime winsk fan in Frysk politikus.
Fryslân moat bestean bliuwe, mar hoe rêde wy dat? Troch it plús yn Den Haach op te jaan.