
Eare
Noch net sa mâle lang lyn bin ik frege wurden om de redaksje fan ensafh te fersterkjen. Fersterkjen? Wat soe ik no betsjutte kinne? Lykwols woene se my der wol by hawwe, en dat fielde as in hiele eare. De twa gearkomsten dy’t ik hân ha, wiene wier as in waarm bad. Noflike gearsit mei serieus praat oer literatuer.
Op de earste gearkomste waard ik frege om it einredakteurskip fan Piter Boersma oer te nimmen wat de digitale ferzje fan ensafh oanbelange. Dat gie my hurd genôch en ik twifele wer oan myn kapasiteiten. Lykwols soe ik der geandewei wol yn thús reitsje en fansels koe ik op help rekkenje, sa waard sein. Dan moast it mar oangean. Ek dat fielde as in eare.
No is it safier dat der nei de simmerfakânsje wer in nije edysje fan ensafh ferskynt. It fielt dêrom as in eare dat ik dizze edysje yn de foarm fan dit foaropwurd ynliede mei. Hjirby wol ik ek graach de gelegenheid oannimme om in oprop te dwaan oan de Fryske dichters en skriuwers en oare kreativelingen om ris wat nei de redaksje op te stjoeren. Ien kear yn ’e fjirtjin dagen in nije edysje fan de digitale ensafh fereasket fansels in fêste oanfier fan nije kopij.
Ek wol ik de redaksje fan ensafh tanksizze foar it waarme wolkom dat ik ûntfongen ha.
Wat de poëzije oanbelanget giet Jaen stoef troch mei de Fryske rige, diskear in moai simmersk gedicht om efkes nei te mimerjen oer de simmer dy’t no al wer achter ús leit.
By in fers by in byld heart sawol it fers it byld te fersterkjen as oarsom. En dat is no presys it gefal by it gedicht en de foto fan Auke Faber.
De reguliere kollums fan sawol Willem Winters as Skermer komme no wer trou nei de fakânsje werom.
It duo Rinzema en Tigchelaar geane ek wer fierder mei Wiere Wurden, foar de fakânsje binne der twa ferskynd. No dus de tredde.
Yn de papieren ferzje fan ensafh hawwe al in pear oersettings fan Atte Jongstra troch Jacobus Q. Smink stien. Yn dizze digitale edysje is noch in oersetting opnommen.
Willem Winters hat in essee skreaun oer Reinder Brolsma. It essee is in foarpublikaasje fan it boek De Wrâld fan Brolsma. De ynterpretaasje dy’t Winter oan it wurk fan Brolsma jout, is sawol ynteressant as ferrassend.
Ek Piter Boersma komt mei in essee, it is de fjirde ôflevering fan syn rige ‘It Fryske literêre libben’. Hjirby nimt er Durk van der Ploeg geweken.
By einbeslút is der noch in nijsgjirrich fraachpetear hâlden troch Hedwich Terpstra mei Jan Kleefstra.
It soe my in eare wêze om faker in ôflevering ynliede te meien.