
Yn ’e moannen desimber en jannewaris heart men net allinnich it knallen fan foetsoekers en karbidbussen achte lêzer, mar ek it knallen fan jachtgewearen yn it fjild. Fan midden oktober oant 31 desimber mei der jage wurde op hazzen. It jeien op fazanten en einen rint noch efkes troch oant en mei 31 jannewaris.
Feike Dam is net allinnich jachtopsichter, hy is ek foarsitter fan it Fryske Jagersbûn. Dam hat in grutte útfining dien sa’t er my oer de tillefoan trochdie, in útfining dy’t neffens him wolris it jachtgewear ferdriuwe kin fan ’e jachtfjilden. It is hjoed 24 jannewaris en ik haw in petear mei de man, earne yn in houtwâl yn ’e omkriten fan Beetstersweach.
‘Wat dogge wy hjir eins Dam, it is frijwat tsjuster al en ik haw it wat kâld!’
Sst…
Sst…?
‘Wy moatte gjin leven meitsje no’t de fûgels hast sliepe!’
‘Fûgels?’
‘Fazanten..Phasianus Colchius…!’
‘Hoe bedoele jo, hast sliepe?’
‘Se falle aanst út ’e beammen wei!’
‘Huh… hoe dat…?’
‘Noch eefkes wachtsje, it duorret sawat trije kertier. Ik haw de bisten in oerke lyn fuorre dat se moatte no al sa súntsjesoan slûgje !’
It tal fazanten yn Fryslân wurdt rûst op fyftichtûzen stiks. It skynt dat de houtwâlen hjir om Beetstersweach hinnepropfol mei dy bisten sitte. It is dan ek gjin tafal dat Rink van der Velde dizze omkriten brûkt as dekor fan it streupen yn syn roman ‘Feroaring fan lucht’.
‘Fuorre sizze jo Dam?’
‘Mei weakke rezinen Hylkema!.’
‘Weakke rezinen?’
‘Jawis, weakke mei in heal potsje sliepmiddel!’
‘Is dat wol tastien troch de wet?’
‘Dat wit ik net, mar it is gjin ôfsjitten! In Ingelsman hat it ek ris besocht mei brandewyn, mar dêr waarden de fûgels allinnich mar dronken fan!’
‘En doe hawwe jo tocht fan…?’
‘Doe haw ik ik tocht, wêrom besykje ik it net mei in heal potsje Seresta…soks meie jo net yn jo ferslach skriuwe hear!’
‘Goed, mar ik miende dat jo foarsitter fan…’
Fierder kom ik net want dan is it ynienen fan:
Plof.’
Justjes efter my falt wat swiers yn ’e brânnettels.
Plof, plof, plof…
Plof, plof, plof, plof, plof, plof….
‘Wat bart hjir allegear… mei dit samar Dam?’
Dam draait kalm de dop fan in termoskanne ôf wylst ik him my iepen mûle oanstoarje, mar yn it tsjuster sjocht er myn ferheardens fansels net.
‘Wat sizze jo Hylkema, sille wy earst in bakje nimme foar’t wy de sekken foltropje?’