Jaen

Fryske beweging

logo.ensafh

O, it is sûnder mis in goede saak
dat fûle stribjen nei better, fierder
krêftich yn ’e wyn op, mar –

tink ik, wylst ik nei amper twa oeren
op redens, mei in skythakke en in
seare rêch útteld op ’e bank lis

– it is wier, men oerdriuwt it gau.