
‘Komt it hast de dyk oer Leenstra?’
‘Wat?’
‘It iis!’
‘Och je kinne der net folle fan sizze. Der komt soms yn ien wike tiid in meter as tsien by, soms yn ien moanne tiid net mear as in pear sintimeter!’
‘Mar wat as it pakiis de dyk fernielt?’
´Soks soe ik my hast net yntinke kinne as Makkumer en haad fan gemeentewurken Wûnseradiel. De dyk leit der al sûnt maaie 1932 en hy hat al hûnderttweintich jier foar Makkum fan libbensbelang west. Ik neam allinnich al it foardiel fan it swiete wetter, de ielfiskerij, de goede ferbining mei de Rânestêd, it strântoerisme de earste njoggentich jier, mar benammen ek de lêste tritich jier de wintersport. Makkum is ien fan de drokste wintersportplakken fan Europa op ’t heden, benammen it reedriden lûkt in soad iistoeristen fan oer de hiele wrâld!’
‘Mar dan is myn fraach nochris, is dat aanst net allegear foarby, as it pakiis – as wy de wittenskippers leauwe meie – oant de grins fan Alkmaar/Arnhem trochdindert?’
‘Dêr sizze jo wat Hylkema, soks soe wol wat ‘inconvenient’ wêze.’
‘Wat seit…?’
‘Ungemaklik bedoel ik; witte jo noch wol, dy dokumintêre fan fiifenfjirtich jier lyn?’
‘Ja, ik wit it wer… no’t jo it sizze… ‘An Inconvenient Truth’, wie it leau ’k net? Is dat alwer fiifenfjirtich jier lyn…?’
‘Jawis… doe seach de wrâld der al oars út, no… hast in heale ieu lyn… jo rinne fansels ek alwer aardich nei de njoggentich, tink net? Jo binne sawat de âldste ferslachjouwer op ierde!’
‘Kloppet… ik bin ferline wike achtentachtich wurden, mar Leenstra, litte wy ús wer rjochtsje op ús petear! It iis hâldt gjin rekken mei sokke sentiminten as tiid en histoarje, ekonomysk belang of minsklike aktivens. De benearjende truth eh fraach is, om nochris te neamen… oft Makkum oer in jier as tsien noch bestiet?’
Leenstra seach it blykber noch altyd sa swart net yn. Hy seach sels foardielen yn de komst fan it pakiis.
‘Hawar, sa as it no stiet is it pakiis yn trochsneed tweintich meter dik sis mar, it leit fan ’e Noardpoal oant de noardkust fan Fryslân. Tink jo ris yn as sa’n massa teie soe, dan kaam der safolle sâlt wetter frij dat Makkum as fanâlds wer in fiskersplak oan ’e Noardsee wurde soe. Hearring, skol, bot, skelfisk, kabbeljau… lekker wer ris kibbelingen ite en sa.’
‘Mar eh… de termometer wiist tritich graden ûnder nul oan wylst wy hjir op it terras fan ’e Vigilante stean te praten. It jier 2052 is noch mar seis moanne âld, en wy hawwe al in tolve Alvestêdetochten hân. De Alvestêdeferieniging is de oardel miljoen leden al foarby, teie sit der noch lang net yn leau ’k.’
‘Safolle l…?’
Fierder komt er net.
‘Wat skeelt der oan Leenstra, jo lûke ynienen nochal wyt wei!’
‘Sjogge jo ris om Hylkema!’
‘Wat ?’
‘Dêr… efter jo!’
In iisbear fan achthûndert kilo stode it terras op. Stuoltsjes en taffeltsjes tebrizeljend.